Frysk en frjemd.
Boalsert: wurkwinkel en ûntwyk. De Fryske litteratoaren en har koriféën hawwe, 300 jier nei Gysbert, de stêd Boalsert ûntdutsen. Yn 'e nacht fan de 29ste Oktober hat it Frysk Kunstnersboun ûnder de namme ‘De wylde lantearne’ in kabaretprogramma jown, dat op guon ûnderdielen wol foldie. Woansdeitojouns 1 Desimber is der yn de trant fan de Radiolympus troch in stik of sawn kopstikken in symposion hâlden mei in bisprek fan Anne Wadman syn ‘Fioele en Faem’; in amusant en oantreklik bisykjen, dat letter troch de R.O.N. útstjûrd is.
Hwat jit komt. Watse Cuperus is ré mei in nije roman: ‘Swart mar leaflik’. Frou L. Post - Beuckens (Ypk fan der Fear) hat parsklear in roman, spyljend yn it foarige-ieuske Gaesterlân: ‘Ta him dyn bigearte’. Dr. Y. Poortinga en Marten Sikkema hawwe har weage oan it oersetten fan resp. in Amearikaenske en in Sweedske avontûreroman. Drs. Tj.W.R. de Haan hat yn ‘Nieuw Friesland’ oankundige, dat hij en in ‘bekend musicus-folklorist te onzent’ (S.J. van der Molen?) fan doel binne, in sa folslein mooglik oersjoch to jaen fan it Fryske folksliet troch de ieuwen hinne. De âldste Fryske romancière fan dit stuit, mefr. J. Spanninga - Posthuma, hat in nije roman: ‘De twang fan it forline’ skreaun. Ulbe van Houten syn Bernebibel, dy't by Koster, Snits, forskine soe, is oergien nei it fûns fan Wever, Frjentsjer.
It reinde prizen. De stêd Amsterdam hat de romanpriis takend oan mefr. A. Romein - Verschoor foar har ‘Vaderland in de verte’; by de poëzij foel de kar op Han Keuls syn ‘Rondelen en Kwatrijnen’. Mies Bouhuys (21 jier) krige foar har fersen ‘Ariadne op Naxos’ (Daamen, Den Haech) de Reina Prinsen - Geerligpriis, dy't forline jier foar Simon van het Reve wie.
Bilangrike oersettingen. Stols, Den Haech, kundiget de útjefte oan fan in rige ‘onvergankelijke werken’: De blauwe distel, dêr't boeken fan Truman Capote, Ricardo Güiraldes, Valéry Larbaud e.o. foar yn 'e bineaming komme. Contact, Amsterdam, bringt in oersetting fan J.P. Sartre syn masterwurk ‘Les chemins de la liberté’.
Anti-semitisme? Yn ‘De Stem van Israël’ docht E.v.A.(merongen?) in fûle oanfal op in troch de Ned. Boekenclub (Succes, Den Haech) forsoarge oersetting fan ‘Peace of mind’ fan dr. J.L. Liebmann, dy't dêryn in synthese bisiket to finen tusken de moderne psychology en de godstsjinst. Yn de Nederlânske biwurking is it Joadske elemint sa folslein en blykber biwust kamouflearre, dat v.A. sprekt fan in ‘indirect anti-semitisme.... dat rekening houdt met een zekere tegenzin van het grote publiek ten opzichte van de Jood’.
FREARK DAM.