Né âlde, ik wol dy net ruilje foar hokfoar slide ek. Goedmoedich slacht er mei de learen wanten op 't motorseal.
'k Hie dy ûnder de veranda sette moatten mei dit waer, hawar, in oare kear better. Kom, wy sille sjen oft wy joun de trein ek foar wêze kinne.
Hy trapet de motor oan. De elektryske klok op 't plein wiist tsien minuten oer âlven.
Allé jong, lit sjen hwatst kinste! Ik hie dy lêste net nimme moatten niis. Mar hwat let it, ien slokje mear of minder; ik bin op 't lêste gjin âld keardel.
Hy jowt mear gas en it fan krêft triljende munster ûnder him sjit daverjend troch de forlitten strjitte. Al ringen komme de earste beammen yn 'e ljochtbundel; sjesa, hy is de stêd út. De rein slacht him as fyn gryn yn 't antlit. De stoarm boldert ûnder de learene mûtse. Hy laket grimitich; it lit him tinke oan in sterke faem, dy't har forset tsjin hastige, gleone hannen, Mariette, Teatske, Frouk, Moaije Jopy en hoe't se har mar neame.
Hy jowt fol gas. Ha, hjir is de rige huzen al; hy is de trein grif foar, joun.
Elke Freedtojoun deselde kriich. Ien kear koe Jan Bjinses de peallen net gau genôch deldraeije. Doe hie hy, Oene Geales, him it nijjier ôfwoun, lyk as doe mei Hadewij, dat wurdt nou fan 't hjerst tsien jier. 't Soe ivich sûnde wêze as sa'n spoarkeardel dy moaije faem yn 'e wacht sleept hie. Hadewij hat nou in royael bistean en wurdt mefrou neamd. Nou ja, fansels.... hawar, hja moast bliid wêze, dat hy har by dy spoarman weihelle hat, doe.
Ha, de peallen binne op; hwat sil Jan Bjinses flokke!
Ha, ha, dy Jan....! Almachtige God.... de trein!
It is in kwestje fan sekonden, der is gjin ûntkommen mear oan. Hy fielt de ûntsettende slach al yn 't foar. Yn ien flits sjocht er himsels as bluodderich gehak, mids stikken fan syn toroppe motor, tusken de rails lizzen. In sekonde is in ivichheit. As in komeet sjit it libben foar syn geasteseach lâns: Moaije Jopy, Frouk, Teats, Mariette, eagen fol forwyt, haet.... Jan Bjinses, Hadewij, Professor Blink, tentamen, Jantsje Berga, Io Vivat, Minke, Reade Gosse, Aristoteles, Earnewâld, Ruth, Beppe, Mem, ljipaeijen, sjipsop, bellen, hynderke. Heit.... Heden ik, morgen gij, Marsman,.... Mem.... Izer, wreed giseljende tsjillen, massyf munster, gierende sirene....
De forskriklike en lang yn 't foar fielde slach rekket him dochs ûnforwachts. In blitzlampe, earne yn 'e plasse, forblinet