| |
| |
| |
Willem de Jong:
Jow rest.
dat dizze nacht it dûnker tabiheart,
en alle dagen, alle nachten
gjin bloei, gjin hearlik blinken
mear yn de bûging fan dyn lea,
gjin mûle, gjin streeljen mear,
De lústeringen binne stoarn,
my wachtet gjin iepen moarn.
| |
Lyts paradys.
Wòl is 't fan 't donker rotsjen swier
en sykje wy de libbensbeam omdôch,
wòl sinke de strielen djipper wei
en stean de skaden as bange dieren
yn it forflechtigjende ljocht,
wòl binn' de boarnen wrang,
mar sille wy, as alles ta de dea keard is,
net ienris noch it libben winne?
earne sil dochs in wjitring rinne,
in skruten, forburgen stream,
in lytse delling amje, fan dreame wyt,
earne sil dochs in skûle lizze,
biskerme fan stjerrend grien,
hwer't wy yn húvring, net to sizzen,
Leafste, ien hôf bliuwt jit bistean.
| |
| |
| |
Pleats.
Ik klopje beevjend oan dyn lûken,
mar dyn skym forhevet him stom yn 'e nacht;
hoeden taest ik d' yngongen ôf,
mar dyn skoattels bliuwe ta,
en dyn wêzen hâldt stoarjend de wacht.
Moat ik jimmer yn 'e sigen omdoarmje,
stomp rinne op dyn slettenens?
Hja ammet yn dyn bline omklamming,
en har foarmen tine skruten
Jow my in needrich sté oan dyn drompel
om to weitsjen, om to toevjen
oant de teisters trilje en de dei ús oerrompelt,
| |
Kennis.
De pine wol ik net misse,
mar hwerom moat it lok m' ûntwine?
Nei de stounen fan extase
groeije dagen ta frachten, amper mear to rissen,
Né, de pine wol ik nimme,
(ik doar net óer to freegjen)
mar lit my ekris út 'e romte libje,
yn it ljocht dat alles is,
jow falleijen, blomte, griene seamen,
dàt, hwat net to neamen is.
to fielen hwat it libben my ûnthâldt,
nei 't ûngrypbere to gripen?
O frucht dy't my de kennis joech.
| |
| |
| |
Doarp.
Reade dakken mei heidenske tekens,
skeansakke klinten, gearkringend
om Gods winte op it fordolde hôf;
in tún, forwyld're, mei bimoaze bylden
en in drôf, formôge priëel;
en tusken d' ôfbroaz'ljende hichten
hwat fé, weidzjend yn de weelde
| |
Ofskie.
dy't oan it finster moannet,
dy't glinstert oer dyn hannen.
Hwerom noch langer yn lannen
to toevjen, foar ús forbean?
yn in gea dêr't it liet forstomt,
en gjin moarntiid mear kliuwt
oer in libben, dat as in bitter forsom
troch de púnfallen waret.
It wûnder is koartammich;
hâld my net yn dyn omklamming
om op syn trêd to wachtsjen
fannijs, oant it hommels yn teare
stounen by ús wer oernachtet.
|
|