| |
| |
| |
[Nummer 12]
Fokke Sierksma:
De wrald en Fryslan.
Der wie gjin sentimentelens fanneden om by de tynge fan Bernadotte syn dea kjel to wurden en dan doelleas foar jin út to stoarjen. Mannichien sil kjel wurden wêze en mannichien sil him machtleas field hawwe. Hwerom einliken? Eltsenien koe dochs witte, dat de organisaesje fan de Foriene Naesjes in deaberne produkt wie, eltsenien wie der dochs wis fan, dat de gearkomsten fan dy organisaesje neat oars wiene as nije middels yn in âld spul: de intrige fan 'e machten. Foar elk wie it klear, dat dizze foriene folken it konflikt yn Palestina net oplosse koene, omt it foar harren net bitsjutte in barrière op 'e wei nei de kommende frede, mar in oaljestasjon op 'e wei nei de folgjende oarloch. Bernadotte wie foar de UNO net in úitdrukking fan de wil ta frede, mar in opgnistere symboal fan net oan 'e iepenbierens priisjowne ûnmacht en wanbitrouwen. En dochs binne party fûl kjelwurden, doe't hja hearden dat in steltsje fanatike Israëli's dit ûnwierhaftich symboal opromme hiene. Alwer freegje ik: hwerom? Omdat nettsjinsteande al ús realisme, dat foar it saneamde idealisme fan de UNO gjin sint mear oerhie, in kearn yn ús him fêstklamme hie oan dizze man en syn moedigens. Elts wit op dit stuit djip yn syn hert, dat der mar ien mooglikheit is dy't ús mear rêdde kin: one world or none. En ider hie sa tomûk respekt foar dizze man, dy't - hoefolle mooglike en ûnmooglike flaters syn biwâld dan ek oanklibbe ha - dizze ûnmooglike mooglikheit realistysk tajoech, der net tofolle oer praette, mar der foar arbeide. Wy hopen mei de moed fan de wanhoop, dat er it oprêdde mochte. As de idé, dy't hy yn de meast konkrete bitsjutting fan it wurd bilichume, gjin wurklikheit wurde soe, bleau der ommers neat oars oer as oarloch. Alle koelbloedige oersjoggen en alle goed ynljochte kommentaren ta spyt, wiene wy dizze man tankber, dat hy de
hope, dy't wy weistoppe hiene, iepen en bleat sjen litte doarst. Nou't er dea is, bin ik him der jitte tankber foar.
Bernadotte is formoarde, fan in espeltsje fanatici, dy't op 'e muorren fan Jeruzalem him al lang taskreaud hiene: ‘Dou hearst yn Stockholm thús, wy yn Jeruzalem’. It wiene nasjonalisten, dy't oan de klank fan in namme, Jeruzalem, al genôch hiene om al har reedlikens om to roaljen foar readgleone hertstocht, en skeaten op alles dat net paste yn it kader fan dizze magyske namme. It fjûr fan de tommy-guns forljochte wer ris
| |
| |
foar in amerij de efterkant fan alle nasjonalistyske romantyk. It sprekt fansels, dat dizze politike moard net út it forbân fan de skiednis skuord wurde mei. In pear tûzen jier lang is it Joadske folk yn 'e modder trape, oant it yn syn bêste fortsjintwurdigers opstie om bisit to nimmen fan in âld stik groun, dêr't it him de drek fan 'e klean slaen koe. De Joaden binne ta it uterste hjitfolge en terge: wy, Europeanen en christenen, hawwe harren ta fjochtsjen twongen. Nietzsche rekke de roas wer ris, doe't er skreau: ‘Der Arier hat in Europa alles verdorben’. Mar dat docht allegear neat ôf oan it feit, dat op in stuit in pear Joaden - net de steat Israël! - de ûnskeinbere fortsjintwurdiger fan de Foriene Naesjes delsjitte op groun fan presiis deselde romantyk, dy't ek Hitler bisiele doe't hy de twade wrâldoarloch útlokke. Ek de Dútskers wiene in fortrape en trytrotte naesje, ek hja wiene it lulke beest foar in yn selstofredenens en skynhilligens fêstrustke Europa, ek hja griepen, doe't hja de kloeren útstieken, werom op de romantyk fan in roaskleurich forline. Bloed en groun wie de biwuste of ûnbiwuste oantrún fan SA en SS, bloed en groun - of oars it útforkarde folk en Jeroesjalajim - setten de moardners fan Bernadotte oan. Foar de nije steat Israël sil it de fjûrproef wêze om to biwiizgjen, dat hja har út reaksje tsjin Hitler syn bluodderige romantyk net nei it tsjinoerstelde, mar yn 'e groun identike uterste taslepe lit. Israël hat tominsten dit mei, dat it him mei eigen wapens en as gefolch fan in gunstige ynternasjonale situaesje steande hâlde kin.
Dizze fortúnlike situaesje, ûntstien troch it feit dat de greate wrâldmachten út eigenbilang twongen wurde de nije steat to stypjen, alteast to bigunstigjen, sille gâns nasjonale minderheden Israël forgunne. Mar it is de fraech oft dy wol sa oanloklik is as er liket. It mei ommers bikend stean dat de measte Zionisten bisiele wiene fan in heechsteand idealisme. Sawol fan oangeande de ynwindige as fan de bûtenlânske steatssaken leauden hja yn de soasjalistyske prinsipes, woene hja de Arabieren opfiede en de wrâld in foarbyld stelle. Dizze mentaliteit is in erfstik fan de diaspora, in stik fan de geastlike winst dy't de profeten kâns seagen to biheljen út de forstruijing. Doe't harren steat forneatige en harren folk forspraet wie, waerden de Joaden in geastlike macht. En ek nou't hja troch de need twongen binne om wer in steatsmacht to foarmjen, libbet yn party fan harren jit it ideael om, lykas ien fan har it my sei, de wrâld sjen to litten hoe't men de minskene mienskip groundearje kin op reedlikheit en seedlikheit. It âlde missy-bisef, dat
| |
| |
geastlike wearden propagearje wol boppe de arguminten fan tanks en fleantugen libbet noch. Mar it is tige de fraech oft dit ea wurklikheit wurde sil. Ien steat kin him allinne net suver hâlde mank in steatemienskip, dy't as lêste argumint altyd de biwapening hat. Bernadotte syn dea is foar de reedlikheit-seedlikheitsidealist dêr't ik it oer hie, nei alle wierskyn de earste desillúzje net. Lykas elke steat is ek Israël in stik ark yn 'e hannen fan diplomaten en generaels en dizze gesachsdragers binne op har bar wer hearrich oan it ûnforbidlik rjocht fan de sterkste. Dizze jungle-morael - lit ús mar net tinke oan in Jeremia en in Deuterojesaja - is de fruchtberste groun foar de bloed-en-groun-romantyk fan SS en Stern-organisaesje. Foar harren oer fortsjintwurdige Bernadotte de idealen fan de profeten. Hy stie wankelich, lykas dizze profeten wankelich stiene.
De frage, dy't de moard op de moedige Sweed elke nasjonalist, Joad, Breton of Fries, foar de fuotten smyt, is ûnûntkomber: is it nasjonalisme net ien fan de gefaerlikste sykten foar de minske? It is fansels tige maklik om jin eachlapen foarbine to litten mei de biwearing: wy hawwe dochs nimmen deasketten? Né, yn Bretagne bliest men op syn heechsten in monumint yn 'e loft en yn Fryslân drapearret men in swarte doek om 'e holle fan Us Heit. Mar binne der wier gjin rampen bard? Om ús by Fryslân to hâlden: ûnderskate fan ús bêste folksgenoaten binne oan de kant fan it nasjonael-soasjalisme stean gien en hawwe dêrmei de forantwurdlikheit op har nommen foar alle Dútske skanddieden. Wy kinne harren fansels mei de nekke oansjen, wy kinne it ek as in ramp foar ússels biskôgje. It lêste fiel ik it measte foar. De Nazi's meije yn Hollân foar fierwei it greatste part ta it rosmos biheard hawwe, yn Fryslân foun men ûnder harren de bêsten. Hja mienden dat hja op dizze wize harren Frysk nasjonalisme it suverst trochtocht hiene. De rampsillige gefolgen binne great genôch om jitris to bisykjen dit nasjonalisme troch to tinken. De wurklikheit fan in folk kin men net fuortredenearje en it feit dat men ta dat folk biheart al likemin. Elts minske kriget syn lot mei, it is mar de fraech hwat er der fan makket.
By de frage nei it nasjonalisme biedt it Bretagne-nûmer fan ‘De Tsjerne’ in goed útgongspunt. Bretagne en Fryslân lizze genôch kilometers útinoar om de frage nei harren mienskiplik optreden to binlikjen. De psychologyske forklearring fan dit bounsmaetskip is tige bilangryk en leit foar de hân. De technyk, de greate-stêdskultuer en de beide biskaefde slachtingen fan 1ste en 2de wrâldoarloch hawwe sterk nivellearjend wurke.
| |
| |
Europa is in culture wurden fan massakultuer, griis en ientoanich fan healgeast en fan eigen groun losskuorde jazz-muzyk. Rounom heart men kultuer proklamearjen en noch nea hat de kultuer sa tosiik west. Men moat mar ris nei de radio harkje, en nim ien wike de muoite om alle healûren dizze kultuerthermometer ôf to lêzn.... De weromkear nei de boerekultuer, lykopgeand mei it opkommen fan it regionale nasjonalisme, wie in fanselssprekkendheit, dy't men foarsizze kind hie. Der is net folle ynsjoch fanneden om fêst to stellen, dat in boerebigraffenis mear mei kultuer to meitsjen hat as in kremaesje + Largo fan Händel en dat in boerebrulloft mei faeks alle grouwélichheden dêroan anneks mear styl hat as in hyperbiskaefde nachtkroech mei cocktails en subtile ûnhurichheden. It forskil it nammentlik dit: de eftergroun fan stêdskultuer en plattelânskultuer is krekt deselde: ite, drinke en frije. Mar de stêd skammet him foar dizze eftergroun en bisiket der troch saneamde forfining eat oars fan to meitsjen. De hiele moderne stêdsbiskaving is in grotesk bisykjen fan de minske om syn komôf to forleagenjen. En hy spilet it klear ek noch. De stêdsminske hat gjin komôf, hy hinget yn 'e loft. Marsman hie forlet fan in ‘bisiele forbân’ en Sartre twingt oan de philosofy de minsklike frijdom ôf, omdat de minske gjin groun mear helje kin. Yn de stêd libbet men sûnder groun, sûnder modder en it gefolch hat west, dat men ek gjin psychyske groun mear ûnder de fuotten hie. It probleem fan de stêd is om, los fan Mem Ierde, dochs wer oanrekking to krijen mei de libbensstream dy't fan har ôfhinklik is.
Mar ynearsten binne de stedtsjers foar elke boer mei sels-respekt fûgelforskrikkers, dy't lêstich binne omt hja harren biwege kinne. Yn 'e groun hatet er harren. Elk dy't noch genôch oan boerebloed yn him hat of dy't de boeren goed ken, wit dat mei it wurd hate neat tofolle sein is: efter it swijend masker is soms de forburgen lytsachtinge waer to nimmen, dy't de útdrukking is fan in noch djipper lizzende hate. Dat is ek de eftergroun fan de lytse nasjonalistyske biwegingen: de ynstinktive ôfkear fan alles hwat losslein is en gjin kearn mear hat. Op himsels bisjoen kin men dit in soune reäksje neame. Mar yn dizze lytsachtsjende ôfkear wurket jit in twade faktor, dy't it probleem sa wakker gearstald makket. As ik hjir it wurd minderweardichheitskomplex neam, helje 'k my de fijânskip fan mannichien op 'e lea en dochs wit ik der gjin better algemiene formule foar to finen. De klam moat hjir falle op: algemiene. Hwant it is net allinne de boerske minderweardichheit
| |
| |
yn it oantlit fan float konversearjende en linich skipperjende stedtsjers, dy't hjir yn it spul is. Der is folle mear de eangstme foar de gefolgen fan de kultuer, dy't men sels ek graech yn eigendom hawwe woe. Men wol sels kultuer, it sprekt: d.w.s. ûntwikkeling en forfining fan de minsklike kapasiteiten op elts gebiet. Yn Fryslân is dat net minder as in fanselssprekkendheit. Mar biwust of ûnbiwust wit de Fries dat dizze kultuer gefaerlike prosessen yn biweging bringe kin. Hy wit dat formeardering fan kennisse formeardering fan fortriet is, dat him itselde gefaer fan ûntwoarteling bidriget as de stêdsminske. Dit gefolch is ambivalent: oan de iene kant langstme nei de kultuer, oan de oare kant eangstme foar de mooglike gefolgen en dat út dit ambivalente gefoel eangstme en hate fuortkomme, kin men fan tinken ha. Hate is eangstme foar oantrekkingskrêft.
It mei yn dit forbân gjin wûnder hjitte, dat de nasjonale biwegingen yn Bretagne en Fryslân harren sintrom fine by de boeren, en dat it yn 't bisûnder de boeresoannen binne - op 'e ien of oare wize yn oanrekking komd mei de stêd - dy't der de driuwende krêften yn foarmje. De Fryske biweging is in biweging fan boeresoannen, dy't de kultuer assimilearje wolle en har tagelyk foar mooglike gefolgen forsikerje wolle, èn fan intellektuelen dy't wer nei harren boere-komôf werom wolle. En yn lêste ynstânsje wurde stedtsjer en boer beide bihearske fan eangstme: de iene foar de natuer dy't er fortsjustermoanne hat en dy't him de sinleazens fan syn deisk bistean ûnmeilydsum fiele litte soe, de oare foar de kultuer dy't him driget syn rêst to ûntnimmen. It soe in genede wêze as hja elkoar op healwei moetsje koene.
Yn it algemien soe men boppesteand in tekening fan de binnenkant fan it nasjonalistysk probleem neame kinne. De bûtenkant hâldt ús de ekonomyske en politike aspekten foar, dy't optheden tige aktueel binne en dêrom ús omtinken fierder opeaskje. Underwilens mei men, wol my oan, net forjitte dat de binnenkant yn lêste ynstânsje wolris de wichtichste blike koe to wêzen. Yn alle gefallen is it net forantwurde en lit by de politike en ekonomyske aspekten de psychologyske eftergroun yn it healtsjuster. Hwant polityk en ekonomy lizze binnen de grypearmen fan it munster, dat Macht hjit en dat op dit stuit earne oars tahâldt as yn Fryslân, wylst it konflikt tusken natuer en kultuer oant op greate hichte biynfloede wurdt fan it ynsjoch en de wil fan de minske.
De lytse nasjonalistyske biwegingen binne it forwar fan de boer tsjin de stêd. Mar hwerom sjocht men him net mei
| |
| |
heafoarken of moderner fjochtersark de striid yngean? Hwerom lit men it by de swarte lape oer Us Heit? Hwerom bitinkt men Warns en jowt men net in reprise fan dit wapenfeit? Dit binne gjin rhetoryske fragen. Hwant Fryslân siket wol kontakt mei Bretagne, mar net mei Yndonesië. De Yndonesiërs sille de Fryske biweging op syn alderheechsten ynteressant achtsje - as nuance fan.... Europa. Fryslân bitsjûget sympathy mei de stifting fan de steat Israël, mar Israël soe al slim ynstimming bitsjûgje kinne mei it stiftsjen fan in ûnôfhinklik Fryslân, omt it net oan in farce meidwaen kin. Hwerom't it in farce wêze soe? Omdat Israëli's en Yndonesiërs macht hawwe om har wil troch to setten, itsij de macht fan jild en fleantugen, itsij de macht fan it getal.
Byhwannear't Friezen en Bretons fjochtsje wolle foar harren nasjonael bistean, dan hawwe hja de kar tusken de âlde en de nije methoade. De âlde is dy fan tank, fleantúch en atoombom, - en dy wurdt hjir net ironysk foarop neamd. Hat ea yn de skiednis in folk kâns sjoen om him jilde to litten oars as mei machtsmiddels? Sels it Joadske folk, dat him as ‘ras’ hanthave kind hat, moat om him jilde to litten machtsmiddels brûke; en dat is, nettsjinsteande alle sympathy, de tragyk fan harren jongste skiednis. In folk is striidber of it giet ûnder. Nou binne Friezen en Bretons âlde Europeeske folken, dy't yn de striid om de macht bilies jaen moatten ha. Foar de Friezen is dy delklap al lang forlyn, salang dat neffens de jildige mieningen der gjin sprake mear is fan rjocht op in eigen steat. Hoe dan ek, hja koene har net hanthave en hja kinne it noch net.
De frage moat steld wurde, hwerom - as der dan dochs gjin sprake mear wêze kin fan in machtsstriid - de kwesje fan de macht hjir dan steld is. De ûntjowing fan de Fryske biweging jowt hjir sels it antwurd. Yn wêzen bigoun as in taelbiweging, dy't hwat langer hwat mear in kultuerbiweging waerd, is hja nou yn in stadium komd, dat men ynsjocht hoe't kultuer net bistean kin sûnder in materiële basis. Yn dit klimaet - wy wenje net op Bali - foarmje de ekonomyske omstandichheden de bitingst foar in kultuer. En lykas men wit, forklearje ekonomyske faktoren - ekonomysk yn de wiidste sin fan it wurd - forskynsels lykas oarloggen en revolúsjes noch altyd it bêste. Dat wy binne wer by de striid om de macht oanlânne. Nou't it der sa foarstiet, dat Fryslân ynsjocht hoe't it sûnder in ekonomyske grounslach net fuortbistean kin, is de âlde fraech nei de macht net mear to ûntdûken. Underskate útlittingen fan de lêste tiid hawwe biwiisd, dat de meast praktyske ûnder de
| |
| |
nasjonalistyske Friezen, harren dan ek wol deeglik biwust binne fan dizze stân fan saken. Yn de romrofte brosjure, dy't direkt of indirekt oan ‘Fryslân Frij’ foarôfgong, komt in forhoalen machtsdrigemint foar. En yndie: ek in ekonomyske oarloch is bisteanber. Mar men hoecht gjin ekonoom to wêzen om yn to sjen, dat Fryslân troch ekonomyske sabotaezje de Hollânske húshâlding yn 'e war skoppe koe, mar tagelyk bigjinne soe it eigen grêf to dollen. Sa goed as wis kin men foarsizze dat de hear Marshall, dy't it dochs al sa swier hat, der neat foar fiele sil om ek dit Westeuropeeske grêf fol to smiten, wylst er mar ôfwachtsje moat oft de pasjinten der wol wer boppenopkomme sille. Op gjin inkeld gebiet kin Fryslân oarlochfiere, it kin allinne sabotearje.
It is in goede oanwenst fan de Friezen om to pas of to ûnpas har gal oer Hollân út to spijen. Ik soe net graech wolle, dat men mei dizze gewoante briek. Mar de oare kant fan dizze hobby is, dat nei alle gedachten tige yntkoart de Hollanders yn it kader fan de Benelux itselde foar de Belgen oer dwaen sille, en oars de Belgen wol foar de Hollanders oer, - dêr't dan de Friezen ek byhearre.... Dêr't ik mar mei sizze woe, dat de gearstallende dielen fan it minskdom jimmer mear fan elkoar ôfhingje sille. Hjoed de dei kinne wy ús libben net mear los sjen fan hwat der bart yn Yndonesië of yn Palestina, ek al is alle ekonomysk egoïsme ús fier. De ierde is dwaende om ien libbensrounte to wurden en hwàt de ekonomyske spesialisten ek oan theorijen forkundigje meije, hja noch wy ûntkomme oan it stienhurd dilemma: macht of rjocht.
Machtspolityk is sentralistyske polityk. It kin net oars. Hwant salang 't de forhâldingen bihearske wurde fan machtsfaktoren, moat elk lân syn krêften gearfandelje en gearskraebje, alles hearrich meitsje oan dizze ynspanning fan krêften, itsij foar in ekonomysk, itsij foar in militair konflikt. Dan moat Fryslân hearrich makke wurde oan Nederlân, hwat bitsjut, dat it as plattelânsprovinsje mei hjir en dêr in hap en in snap oan yndustry de funksje kriget fan leverânsier fan it sintrom. Dan wurdt Fryslân ier of let in agraryske efterôfhoeke, in fan bifolking ûntdiene provinsje, dy't men úttarren sjocht, lykas men hjoed de dei al in stedtsje as Hynljippen foar jins eagen krepearjen sjen kin. It hat der alles fan as bigjint de forhâlding tusken steat en nasjonale minderheden yn in vicieuze sirkel roun to mealen. Fryslân leart yn to sjen, dat it sûnder in minimum oan ekonomyske en politike macht syn kultuer net steande hâlde kin en útwreidzje, mar krekt deselde machtsfrage twingt
| |
| |
Hollân om yn de heksetsjettel fan hjoed de dei it geastlik rjocht fan minder krêftige provinsjes oan kant to skouwen.
De nije striidmethoade, dy fan it idealisme, wurdt Fryslân optwongen. Macht hat dy neat mei to krijen, it is in suvere saek fan de geast, alteast foar in miniatuerlân dat bliermoedich ôfwachtsje moat, oft de big ones strakaensen de hiele boel wer oan smots smite sille. As folk moatte wy as skiep ôfwachtsje oft it one world or none in ellindige machtsspreuk west hat of dat men dizze conditio sine qua non wurklikheit meitsje wol. Dat foroaret neat oan it feit, dat elk dy't him Frysk nasjonalist neamt, him op groun fan dizze feiten forienselvigje moast mei dy programleuze. One world or none. Wol men dat net, en wol men yn de striid fan allegear tsjin allegear, ekonomysk of militair, duvels wetter mar oer Gods lân rinne litte, dan is it Frysk nasjonalisme in archaïsme, bispotlik en infantyl. Dan moat men jin gjin nasjonalist neame, ófsjoen noch fan it feit dat de wrâld wichtiger is as Fryslân.
|
|