De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermdFAN 'E REDAKSJE:
Sa't de lêzer faeks lâns oare wegen al oan 'e weet kommen is, giet de útjefte fan de Tsjerne fan 1 Jann. 1949 ôf oer yn hannen fan de Fa. Kamminga. Ek de administraesje wurdt to Dokkum fêstige. Oan 'e âlde útjowers, Bigot & Van Rossum, past ek op dit plak in koart, mar wolmiend wurd fan tank foar de wize hwerop dizze Amsterdamske útjowerij de bilangen fan De Tsjerne en dus fan Fryslân jimmer forsoarge hat. Tank komt ek ta oan Juffer Kerkhof, dy't dizze trije jier foar administrative noeden stien hat. Oangeande de plannen fan de Redaksje foar it kommende jier wolle wy allinne dit sizze, dat wy yn dizze nije jiergong mear as oant nou ta oandacht hoopje to jaen oan de bûtenlânske litteratuer, en dat wy ek it tal fêste meiwurkers útwreidzje sille. Sa kinne wy de lêzers foar it Jannewarisnûmer oankundigje in artikel fan de forneamde litteratuer-historicus Dr. Giacomo Prampolini, dal dizze Frysk-kundige Italiaen spesial foar de Tsjerne skreaun hat. |
|