Frysk en frjemd.
Stimmen ut Oxford.
By Osinga to Boalsert sil as útjefte fan de Fryske Akademy forskine in wurk fan de Ingelske taellearde dr. A. Campbell: ‘Gysbert Japicx’, mei as ûndertitel: ‘The Oxford-texts of four poems’, dêr 't de op 'e bibleteek fan Oxford oanwêzige teksten fan Sjolle Kreamer in Tetke, Nyschierige Jolle in Haytse-yem, Reamer in Sape en Egge, Wyneringh in Godsfrjuen yn bihannele wurde.
Yn ‘It Beaken’ skreau Sir William A. Craigie, ek fan Oxford, okkerdeis in opmerklike stúdzje oer ‘English and Frisian’.