Op it harspit.
Noch hwat duplyk.
Achte tsjinstander,
Jo hawwe fansels gelyk mei hwat Jo sizze oer dat ‘graeijen’ yn it Septimber-nûmer fan de Tsjerne. It wie my forgetten, mar yn myn âlde ‘De Groot, Leopold en Rijkens’ foun ik nou ek ‘greyt = klaagt, treurt’ en yn myn Vondel-Doorenbos stiet der foar ‘jammert’. Kalma hat yn syn ‘Wy roppe de libbenen’ by dizze psalm 130 fan Gysbert Japikx stean: ‘greyt = ropt’; mar lit ús foar ‘graeyen’ hjir ‘skriemend roppen’ nimme. Dan forfalt dus dy ‘prachtige lêste rigele’ fan my en it wurdt hiel gewoan.
Mar fierder hâld ik myn string fêst, binammen dan hwat dy pluralis oangiet. Jo fine de ‘tûken’ by Tamminga dus ek better as ‘tûke’ of ‘twiich’ en jo achtsje de ‘diepten’ yn it Hollânske proaza fan psalm 130 ek goed, mar de ‘kolcken’ fan Gysbert Japikx binne forkeard. Dy djipten kinne wy sjen, sizze Jo yn Jou earste stik, as fordjippingen; it meartal docht oars neat as de djipte fordjipje. Mar ik nim oan, dat it meartal hjir brûkt is om der mear klank, mear gewicht oan to jaen, mear ‘majesteit’; hwant it is in soarte fan ‘pluralis majestatis’. En as der stiet ‘Uit de diepten roep ik tot U, o Heere’, dan is ‘U’ dochs eigentlik fan oarsprong ek meartal.
Sokken meartal hat men faken yn ‘verheven’, plechtige tael.
Iderkear fine wy yn de Bibel ‘hemelen’, sûnder dat der oan mear as ien himmel tocht hoecht to wurden.
Yn psalm 19 lêze wy: ‘De hemelen vertellen Gods eer, en het uitspansel verkondigt zijner handen werk’. Mar in bytsje fierder stiet ‘Haar uitgang is van het einde des hemels’.
Yn psalm 50 earst it inkelfâld: ‘Hij zal roepen tot den hemel van boven’, mar dan: ‘En de hemelen verkondigen zijne gerechtigheid’.
Yn psalm 103: ‘Want zoo hoog de hemel is boven de aarde, is zijne goedertierenheid geweldig over degenen die Hem vreezen’, mar letter: ‘de Heere heeft zijnen troon in de hemelen bevestigd, en zijn koninkrijk heerscht over alles’.
En doch is der jimmer mar ien himmel, hwant de Joaden hienen, foar sa fier as ik wit, net, lyk as de Griken wol, foar eltse planeet in himmel.
Sa biskôgje ik nou ek dy ‘kolcken’ fan Gysbert Japikx. Soe der mar ien kolk wêze, tochten jimme, dêr de dichter yn rekke wie? Né, it is allegearre kolk; it binne kolken! Soks bidoelde ik, doe't ik sei: de singularis soe to skrael wêze.
Hy kin mar yn ien kolk tagelyk sitte, mar sa is it ek b.g. mei ‘de vreemdeling die in uwe poorten is’, dy kin mar yn ien poarte tagelyk wêze.
Hwat dan de oerdiedigens oangiet, dêr't wy it ek oer hienen, men hoecht fansels oan in mem net deselde easken to stellen as oan in dichter; mar mei de opneaming fan dy popke-nammen woe ik sizze, dat in