| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Lieten fan ballingskip.
Sljochtsje de hichten fan dyn biwûndering
en fjochtsje dy troch de lichten hinne,
dêr't de fijânnen legerje oan de paden.
Mear as tsien jier hastou dyn rouwe masters tsjinne
en yn it slavejok rinne moatten;
de bloedstrimen fan de swipe tekenen reade traeljes op dyn hûd -
ja, de rudichste houn, dy't troch it kamp swurf, hie noch in better bistean.
Hwant astou op de merken forkoft waerdst,
bist wol wiksele fan baes, mar dyn lot bleau itselde;
men hat it uterste fan dyn geast en lichem ferge,
en gauris bistou der by delfallen -
sok lijen wurdt de dea in treast en freon, dêr't men heimelik op tidiget.
Nou bistou forlost út de finzenis fan it forline,
mar dyn sie'e biwarret de oantins noch as in skrinend deiboek; -
en de birekkene boarger, dy't wiis docht, en de wyk nimt foar gefaren,
de man mei it slûchslim handeltsje, dat sa leaf fortsjinnet,
harket mei in leechlizzend glimke om 'e mûle nei dyn frjemd forhael,
hwant dat is ommers dochs mar sabeare,
en hwa sil dan gjin nocht oan laitsjen ha?
Mar leaver silstou jitris in nomade yn woastinen wurde,
in brûnzen rebel, dy't reizget mei de karavanen fan de hel,
as dyn wêzen forskronfelje to litten yn jeuzeljend fatsoen, by fluenske sifers,
en krinten to wagen mei gjirrige skealjens.
Heechstens ien of twa op ierde, de need en de earmoede,
sille dy noait forlitte en as kammeraten oan dyn side bliuwe,
mar forwachtsje fan nimmen heil en help,
en bitrou inkeld op dysels en de macht, dy't dy it oansjen joech.
De skeppenden en wierlik sterken wenje altyd tichte by de dea,
en dus by it djipste libben,
en dit jowt in mienskip, dy't alles to boppe giet,
hwant hja is út 'e ivichheit berne;
dan sille dyn kamielen swide lêsten tôgje fan takomstich witten,
wylst in nije minsklikheit dyn tinten toait,
en de krêften fan de kosmos siikje in boartersplak op yn dyn hert.
| |
| |
Gean hjir ris neist my sitten oan 'e dyk,
op 'e stiennen gloaijing, swier as it skyld fan in reus,
dêr't de sé tysket tusken it wier,
en mei in sisterjend lûd tsjin it basalt oan spielt.
De joun is fredich nou en tear as in pastel, -
de dei forglinstert oer it wetter
en fisket noch hwat parlemoeren tinten fan it Djip;
de dining slintert bliidtomoede nei de wâl, -
in núnderjende, soargeleaze wanler
yn 't blinken, dat de himel heint.
Heucht it dy noch, dy earste moeting fan ús eagen?
Lang hie'k forgees de leafde socht,
mar doe't ik dy seach, krige 't forweesde boat wer feart,
en 't langstme fan syn ljochten hat my de wei wiisd nei dyn hert.
Wy fielden beide, dat wy foar elkoar ornearre wiene,
en om mei wurden neat to brekken,
lieten wy de stilte sprekke,
en harken as bitsjoend nei har fortelsel,
dat ús forhoalene geheimen swijend iepentearde:
weefsels fan wikselkleur'ge side, streamend sulver yn azûr.
Dou wiest foar my in dounseresse op 'e kym en 't rhythme fa it tij, -
mei libbene plastyk, in sjongende meldij fan swevende gebearten,
sa hast dyn súv're wezen útsein yn ekstase,
in heechliet yn in waeijering fan wiuwend ljocht;
mar lykas 't Algerijnske kaperskip mei reade wolkenseilen,
de skientme roofde fan de sinne en koartsich meinaem yn de nacht fan 't ûnbikende,
sa hat de wrede boekanier, de oarloch, dy ek weifierd yn 'e frjemdte,
en nearne wiestou mear to finen....
Ik reizge ringsom hinne, mei de moanne as lantearne,
en socht de séën en de kusten ou, de réën en de havens,
en mei de fûgels toeve ik by stinzen en rivieren, op bergen en yn kleauwen,
mar dou bleaust bûten myn birik,
slavinne fan in tsjuster lot, op paden fan in noedlik aventûr.
Wie dit de flok foar hwat ik oaren blyn misdie,
dat ik de spylfaem fan myn dreamen misse moast?
| |
| |
Lykwols, út wieljend wé en 't kringjen fan sykloanen,
dreauwen nei ballingskip en skieding op galeijen fan de jierren,
it leauwe en de hoop wer byelkoar;
har hannen lizze krúslings yninoar forstring'le,
en in fluïdum fan identiteit dat ammet út de sielen.
Lit ik myn fingers dwale troch de geur'ge weelden fan dyn hier
- dyn earen neskje yn it tovertún -,
dan fiel ik dat dyn hert, dy lytse ûnrêst'ge swalker,
al ieuwen ûnderweis is nei de leafde.
Hwant de geast fan it universum,
dy't dy bijeft'ge mei in smedige bikoaring,
hat dy foarme út itselde stjerreljocht, dat fjurket yn dyn antlit.
Oan dy tanket de man wol meast syn uterlike glâns
en hwat er woun oan inerlike wearde;
dou hast de kunstner ta syn ambacht brocht troch dyn forskining,
en de learde, yn de iens'me oarden fan it tinken,
hy foun by dy soms treast foar syn fortwiveling.
Dou bist it spyltúch fan de sjonger en it wapen fan de helt,
in benedijde oan de ridderhôven;
fan dy kaem de bisieling ta de greate died, it goede doel, -
it barnend wurd fan de profeten sierde dy as martleresse.
En waerd de macht fan kwea jeloersk yn bikers mongen....
dou hast 't forhurde moed wer fielingen fan skamte jown,
en it gefoel, yn haet en wrake skynber stoarn,
dyn triennen hawwe 't wekke út 'e deadske slomme,
dat it mei griene leaten opskeat út it rotsgestient'.
Dou hast út sinnestrielen al it flechtwurk makke foar dyn bern,
ûnder de eale groetnis en it goudgrien wûnder fan de farenbeammen,
en dyn reine ynstinkten binne as paedsikers gien
troch it toarnich strewiel fan it lijen;
o, mei de widze fan dyn skerte
dochs it lette lok noch kenne, fanke,
en soele wyn fan minne dy mei golle earmen koezje!
De forwachting fan dyn boarsten stiet as roune seilen út,
dêr't skomjend-wyt de brânning brûzet om de stjûne,
en ierde' mûle drinkt har memme' molke, -
ik hoopje, dat de spanten fan dyn heupen
aenst de freugde fan de frede drage meije;
dan sille de palmen oan de fierste strannen klepperje as castagnetten
en de wetters dounsje fan forhûgenis oer dy, har dochter!
|
|