De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 332]
| |
III. (It lêste.)As men yn inkelde koarte wurden in karakteristyk jaen wol fan de Nederlânske romantradysje, komt men ûnforbidlik tolânne by dizenige formulearringen as realisme en naturalisme, dy't miskien wol hwat sizze, mar dêr't men, de realiteit kennende, dochs ek wer net forheard oer stean hoecht: hoe soe it oars? De roman is in by útstek maetskiplik forskynsel, boun oan de minskene mienskip, sa wol hwat stoffe as hwat lêzersrounte oanbilanget. Dizze maetskiplike biningen twinge as fansels ta dit realisme, dat alderearst út is op it skilderjen, reprodusearjen en registrearjen fan in objektive wurklikheit (lyk as wy, better net to witten, mar oannimme moatte dat der bistiet), om by einsluten de wearde derfan fêst to lizzen foar it minsklik subjekt. Roman bitsjut: de minske yn syn omjowing, it subjekt yn syn objekt, hwerby it subjekt net om eigen wille, ta objekt makke wurdt. Sels de romantyk, mei al syn flecht út de wurklikheit, mei al syn langst nei in Jenseits dat oan dizze ierde ûntkaem, koe der net los fan komme. Zola, de offysjele greatmaster fan it Naturalisme, moat in romantikus fan it suverste slach west hawwe, omt allinnich de romantyske visy, de romantyske langst nei de nea to omfetsjen totaliteit fan it libben, in streaming as dit naturalisme towekker roppe kin. En van Deyssel, Zola syn profeet yn Hollân, - men hoecht syn dithyrambyske Zolafanfares mar oan to hearren, om to witten hoe let as it by him is. It objekt, de wearde fan it objekt en datjinge hwat it subjekt, sels as objekt naem, der úthelje of der fan ôfwitte kin, it wie al Kant syn probleem en nei him hawwe ytlike Jeropeeske generaesjes op dizze klobbe omsobbe. It hoecht dan ek gjin nij to dwaen, by de oer 't generael nochal flakke, lykwichtige en nochteren ynstelling fan it ‘Nederlânske’ folk, dat allinnich op it punt fan de religy, mar dan ek noch mar komselden, ta de sublime passy fan de irrationaliteit trochstjitte kin, dat de ien | |
[pagina 333]
| |
of oare foarm fan realisme of naturalisme de driuwende krêft wurden is fan de Nederlânske romantradysje. Mear nij kin it dwaen to sjen hoe't ek de greatere feguren, dy't mei kop en earen boppe de midsmjitte útstykje: Multatuli, Couperus, van Schendel, Vestdijk, al hawwe hja stik foar stik har escapades makke nei it romantysk paradys, oan de goaden fan it realisme harren offers bringe. Bredero woe meidwaen mei de offysjele klassicistyske élite, mar syn ‘Spaensche Brabander’ is in naturalistyske roman-op-rym-en-yn-dialooch, dêr't alle Jordaenturven fan Is. Querido mar beukerkes by binne. Multatuli koe der net foar wei, doe't er syn Woutertje Pieterse en syn Fancy in bistean tatocht yn it louche formidden fan de ier-19de ieuske lytse boargerij, Couperus net doe't er it fin de siècle fan syn útlibbe Haechske hegerein oan it forblinend ljocht fan syn skerpe yntelliginsje priis joech, al forsetten syn wurdkunstallures har der tsjin, van Schendel net doe't er, sêd fan foreale swalkers, him krong yn it libben fan syn lytse en swijsume, fan it needlot bistjûrde en tramtearre heroën, Vestdijk net doe't er syn jonkheit werombylde en de triedden fan it tsjuster bistean ien foar ien losraffele en wer gearboun. Ta in hichte is Vestdijk dêrby in einpunt yn in ûntjowing, net allinnich omt syn epigonen, as men wol: learlingen, earne op in grins stjitte dy't net oer to kommen is foar de earnst fan learlingen (men soe it sjen kinne oan immen as Simon van het Reve, as men oer dy feguer, nou al, definitive dingen sizze doarst), mar ek binammen omt de forskelende sjenswizen fan syn foargongers by him ta in synthese groeijende binne. Hwant hwat by Multatuli, nettsjinsteande al syn juffrouw Lapsen en Stoffels, de suver subjektive ynterpretaesje fan it wrâldbyld is (dêrom neamde men him yn 't bêste gefal gek, hwat noch altyd, sjoen de mooglike forbining mei ‘geniael’, in positive kwalifikaesje is, of op syn minst en meast in senuwlijer, dat in folslein negative wurdearring ynhâldt), en by Couperus oerbûgt ta it objektive (dêrom biwûnderet men him, nou ja, miskien noch wol yn syn ‘Eline Vere’, mar dochs meast yn de pompeuze wurdkunst-idelens fan syn klassike forbyldingen), - dat is by Vestdijk wurden ta in synthetyske ynstelling fan dizze twa sjenswizen. Vestdijk grypt út syn subjekt wei nei it objekt. Syn jonkheit is it subjektyf medium om ta it objekt fan de minsklike wearde to kommen. Hy moast mei Anton Wachter ré wêze ear't er ta de Criellaert fan syn ‘Vuuraanbidders’ ynkringe koe. En tagelyk fine wy by him de tsjinstelde biweging: hwant hwat men by him de ‘surrealistyske’ | |
[pagina 334]
| |
kant neame kin (en koarte forhalen as ‘Het vliegfeest’ en ‘De gestolen droom’ b.g. jowe ûnmiskenber hwat fan Kafka werom) is neat oars as hwat it yn 'e groun ek by Kafka wêze moatten hat: troch it objekt ta it subjekt komme, troch it objektive ta it subjektive, troch it ‘proses’ ta it minsklik skuldbisef. Kafka syn wrâld is de moderne wrâld mei al syn, ûngenedich yn it ljocht sette en bi-administrearre attributen, mar troch dy wrâld hinne stjit er troch nei de oare wrâld fan it ûngrypbere. En om dêrby fral syn subjektiviteit net al to iertidich oan it ljocht to jaen, neamt er himsels K. of Josef K. Mar Vestdijk weaget it sels mei de ik-persoan yn dit forhael ‘Het vliegfeest’. En dêrneist fortoant Vestdijk, as wie it om him as feguer folslein ûngrypber to meitsjen en oan elke theorij to ûntwinen, noch in tredde skriuwerstipe, dat fan 'e achte eaze, mar him dêrom yn elk wurd en eltse folsin, oant yn wurdelisten en nammeforklearringen ta forantwurdzjende forteller, de virtuoas fan de fantasij-op-reële-basis, dy't op in skynber neutrael en wittenskiplik objektyf stânpunt arbeidzjend, de grinzen fan syn rekberens en assimilaesjeformogen almar útwreidet, sûnder dêrmei ea ien realiteit gewelt oan to dwaen, of leaver (hwant hwa seit oft de kunde fan de sé en it sémanslibben dy't sprekt út ‘Puriteinen en Piraten’ wittenskiplik forantwurde is ek foar de praktyk oer!) sûnder ea de yllúzje fan realiteit skea oan to dwaen. Mar ôfsjoen hjirfan, en it forwyt soe ek foar de ‘Toekomst der religie’ jilde kinne, dêr't in hiel koar fan faklju him op stoart hat yn 'e faeije yllúzje Vestdijk to gripen!, - ôfsjoen hjirfan is Vestdijk syn objektivens mar skyn, sawol nei útgongspunt as nei eindoel, - hwant hwa't goed tasjocht, merkbyt ek yn syn ‘gewoane’ forhalen, dêr't noch Anton Wachter, noch James Joyce, noch Kafka in oanpart yn hawwe, en op syn heechsten Conrad en Stevenson, hoe't hjir de subjektiviteit troch de objektivens hinnepylket. Yn ‘Puriteinen en Piraten’ likegoed as yn ‘Pastorale 1943’ boarret Vestdijk him in trochgong nei de objektiviteit troch it (uterst subjektyf) medium fan in demoanyske stúdzje-yn-physionomyën: alles hwat er oan minsklike fêstichheden bineikomme en naderje kin, hellet er út forwrongen, wjerstribbige troanjes en faeljes fan syn troch ûnmeilydsume skerpsjoggigens yn harren gloarje ûndermine ‘helten’. En it eigenaerdige is dat hja ‘helten’ bliuwe, allinnich relativearre op in suver minsklik flak. Hwant as er ienris safier is dat de ‘helt’ ûnttroane is, stiet er hommels yn alle neakenens en bleatens op it objektyf-minsklik fuotstik, sadanich dat John Quelch, de piratehelt, mei alle glâns | |
[pagina 335]
| |
en gloarje binnensilend yn it happy end fan in lâns de wei fan boargerlike geloksgefoelens bistribbe houlik boppe syn reputaesje, bliuwt ús der like leaf om. En Johan Schults, ienris Johann Schultz, de illegale helt út ‘Pastorale 1943’, ûntdien fan syn heltegloarje troch it triviael misforstân dat him yn it Oranjehotel brocht, kin dochs in helt bliuwe, net sasear omt syn illegale prestaesjes gjin omkromte bylein wurdt en hja as er ûntslein is sûnder forplichtingen forfette wurde, as wol om it feit dat dizze man by einsluten neat forlern hat as allinnich syn swiertekrêft. Hjir hat Vestdijk yndie it soarte fan objektiviteit birikt dat er nedich hat. Allinnich spitich foar it Nederlânske lêzerspublyk dat it blykber in oar soarte fan objektiviteit nedich hat.... | |
IV.Vestdijk slachtoffer fan in jonkheit neame hat hwat spytgnyskjends en skouderoplûkends yn, as men it aksint leit op slachtoffer en boppedat it forrifeljend wurdtsje ‘in’ gjin acht slacht. Mar de klam lizzend op ‘jonkheit’, en biseffend, dat by einsluten elk skriuwer hjir of dêr it slachtoffer fan is - men soe kwânswiis tsjutte kinne op Dostojewsky syn epilepsy, miskien sels op Sartre syn ûntmoedigjend holwurk en op oare foarmen fan kompensaesjetechnyk dy't fan in minske in útrinder meitsje - biseffend ek dat men der better oan ta is as slachtoffer fan in jonkheit dan as slachtoffer fan in folwoechsenens, kriget de formule dochs hwat fan in weardebipaling. It is net nedich, lykas Ter Braak dien hat yn syn ‘Démasqué der Schoonheid’ (in boek dat noch altyd in biskiedende ûntdekking wêze kin en it ek foar Fryslân wêze koe, as men dêr Nederlânsk lêze koe) de lof fan de puberteit to sjongen, om yn to sjen hoe wichtich en ‘entscheidend’ as dy is. Deselde Ter Braak hat der yn syn ‘Duivelskunstenaar’ op wiisd hoe prinsipieel oars as Vestdijk foar syn jonkheit oerstiet as de skriuwers fan skriele evokaesjes mei in greatminskerookje fan ‘Flipje’, ‘Bartje’, ‘Merijntje’ en hoe't hja hjitte meije, dy't har útgongspunt namen yn de objektiviteit fan de earslings ynterpretearre jeugdanekdote. In jonkheitsautobiografy driuwt ornaris op anekdotyk en syn tipelsinnichheden sa as dy bisjoen wurde troch de bril fan guodlik-glimkjende en op ydilles fan argeleazens longerjende arrivés. Ek Vestdijk mijt de anekdoten net, mar hy stelt se net op harsels neist elkoar om sjen to litten hoe bernlik in bern wêze kin, hy set se ek net op in rychje yn tsjinst fan in ‘ûntwikke- | |
[pagina 336]
| |
lingsgong’ dy't alles forklearje moat en dan ek prompt kin, omt de greatminsklike bigripen wol sa hantearber wurden binne, dat de to biskriuwen jongeminskesiele him der sûnder wjerstribbigens nei foeget, mar by him libbet de anekdote folslein tròch yn de sfear fan syn folwoechsenens. Hy isolearret se net, en krekt yn dy isolaesje leit it ûnbifredigjende fan party anekdoten. Syn jeugdforhalen soe men technysk bisjoen wikselstreamromans neame kinne: hja fortoane in wikselwurking progressyf-regressyf. Hy wurket net regressyf fan de folwoechsen objektiviteit út wei om de subjektivens fan syn ienris ta eigen heil om to bûgen, mar hy stelt him op yn de hinderlaech fan it subjektive en fan dy hoale út wei taest er algedurigen wer progressyf yn 'e wrâld fan 'e folwoechsenens op. De ‘Bartjes’ -skriuwers bûge har jonkheit om mei de bigripen fan har folwoechsenens, Vestdijk bûgt syn folwoechsenens yn de tange fan syn jonkheitsbigripen. Dat bitsjut, dat Vestdijk syn jeugd wer wurdt. Mar dat bitsjut tagelyk net in folsleine assimilaesje. Hwant distânsje is der wol deeglik: dat is de oarderjende geast dy't oer dit alles gear is. Ek dat oarderjen is der neffens: sûnder konsekwinsjes, sûnder dogmatyk. Hwant by alle skied tusken jonkheit en folwoechsenens hâldt it Anton Wachter-motyf yn al syn geliddingen genôch yn fan de roman fleuve, genôch fan it libben dat him net yn bannen riuwe lit en net bi-administrearje, dat floeit, gearraent en wer útinoarraent, dat psychysk sprutsen gjin ein ken en gjin grinzen hat. Merijntje Gijzen bisylt de feilige haven fan it soasjalisme, Anton Wachter, der meije noch tsien of tweintich boeken oer him forskine, bisylt neat as allinnich Vestdijk sels. En ek dy Anton Wachter sels bliuwt, by alle helpmiddels fan anekdotyk en lokale kleur, in heechstwierskynlik forsearre, yn alle gefallen net foar de folle 100% akseptabele wierheit. Vestdijk hat him út syn folwoechsenens wei wapene mei syn arsenael fan philosofyske en psychologyske bigripen, mar dy ombûgd neffens de ierripe yntelliginsje fan it ‘memmepopke’ Anton Wachter. Hy naderet syn jeugd (yn de folle Fryske bitsjutting fan it wurd!) mei it forstân, mar it gefoelselemint lit er mei soarch bûten skot. Men kin it in gemis neame, mar ek in winst, sjoen nei de ‘Bartjes’. Dat útskeakeljen fan it gefoelselemint is nedich, omt it Vestdijk by einsluten net to rêdden is om de subjektiviteit (syn mem, tsjinoer hwa't men byneed noch fan gefoelsfaktoren sprekke koe, rekket Anton Wachter eins net, omt hja om elkoar hinne libje), mar om it objekt fan de minske. Mar tagelyk ek lit er dy jonkheit fan Anton Wachter folslein | |
[pagina 337]
| |
yn syn wêzen, omt de yntellektuële útris dêr't er Anton Wachter mei toliif giet en nadert, neat oars is as de yntellektuële útris fan Anton Wachter, - allinnich.... sûnder wittenskiplike forplichtingen en konsekwinsjes. En it mei dan wier wêze dat Vestdijk syn jonkheit herliedt mei psycho-analytyske helpmiddels, like wis is dat er mei syn jeugdforslach de psycho-analyse herliedt. En as Anton Wachter it net biwize koe, dan kin ‘Fré Bolderhey’ it. Mar alwer: sûnder forplichtingen tsjinoer Freud. En as ‘jeder Konsequenz zum Teufel führt’, kin men it de divel sels binammen net kwea-ôf nimme as er, mei in bipaelde graesje, foar him sels op 'e rin giet. | |
V.Men sjocht it werris: it falt net ta om oer immen as Vestdijk net yn swiere wurden to praten. Hy is der sels gjin skuld oan. Hwant nimmen is as hy yn steat om it ‘wurd’ syn swiertekrêft to ûntfytmanjen en it lykwols yn folle krêft jilde to litten. Mar ek hjirre jildt, hwat mannich lêzer, as hy de ein fan dit artikel bisyld hat, my foar de skinen smite sil: dat biwûndering in kweade learmaster is. Miskien haw ik mei de swiere wurden dat learjild bitelle. Mar dochs soe ik harren ien ding weromsizze wolle: Men kin Vestdijk syn fijân wêze mar hat dat rjocht net as men net tagelyk ynsjocht dat men in biskaet soarte fan fijannen nedich hat. En yn greater forbân sjoen, tsjin harren dy't lju as Vestdijk sjogge as in ‘pest foar de maetskippij’: in oanklacht tsjin Vestdijk as maetskiplik forskynsel kin maklik omdraeid wurde ta in oanklacht tsjin de maetskippij as Vestdijk-forskynsel.
Langwar, 27 Sept. 1948. |
|