De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 330] [p. 330] Sjoerd Spanninga: Gedichten. Wes groete.... It bylkjend wetter blinkert as in helm, En sleatten lykje hast op sulv'ren swurden. De dei leit traech syn wapenrêsting del, Hwant jountiid is nou albihearsker wurden. Der giet in hillich swijen oer de lânnen, It lette wikel wjokkelt troch de ûleflecht. De wémoed nimt twa minsken by de hannen, En yn har eagen glinsteret it moanneljacht. It ôfskie hat soms moaije en mylde kleuren, Mar swier to dragen is 't, hwat waerd forlern. Gjin weachjes núnderje 't wer yn 't labeuren, Hwa fielt dy dingen djipper as in bern? Om't stil de twivel wâlle as in garjend gif, Seine hja langer net: - Ik hâld fan dy! - Mar dimmen, siikjend, fregen hja nou wif: - Is it wol wier, datstû hwat jowst om my? - Sa linkenoan rekken hja fierder fan elkoar, Bigoun de bân, dy't harren boun, to tinen. In oaren-ien naem boartsjende bisit fan har, En better jonge wie der net to finen. Doe't er him mette, weard er foart himselme wis: Dat is myn broer en nea sil dy myn fijân wêze. Syn geast is as in welle en fontein sa fris, En 't foarjier laket troch syn sieleglêzen. Mûlk is it sa wol goed ek, hwa sil 't sizze? Ik aerdzje nei segeuners út in merkewein. Sadré't myn langstmen har to sliepen lizze, Driuwt ûnbidimb're ûnrêst my al wer oerein. Oant tsjinwyn fan de need it nije lok bikuolle, Doe wiisde har kompas einlings nei him werom. De earnst fan frouljuslippen snie har famkesmûle, Allyk in mês it teare blêdte fan in blom. [pagina 331] [p. 331] Hy seach yn blauwe eagen en in dream fan hier, - Hie 't libben ea in kleau tusken har herten slein? Of kaem dêr efter har net jong en eal en kwier De cherubynske ûnskuld fan in trêdde oanflein? Har wêzen waerd him nou as tawijd offer bean, En dochs, syn treast soe mei de wanhoop redendielje. Hja hien' harselme út it paradys fordreaun, En inkeld de birêsting koe har leafd' tastrielje. (Finzen en Frij.) De sike. De simmer toait syn hôf mei bûnte blommen, En seilen djoeije as flinters oer de mar. Dyn eagen lykwols skrieme yn djippe kommen Har mankelikens út - dyn machteleas forwar. Op 't skjinne lekken, koel en wyt en helder, Leit sûnder doel de jefte fan hwat prommen. Mar fan dyn lichem wurdt it libben nommen - Dyn wurge hân, dyn holle tekent aloan smelder. Ik wit it, alle dokters ha dy opjown, jonge, En sprekke wy ta dy ús treastgjend wurd, Dyn lijen liicht dêrmei gjin minske fuort.... Hoe't ek de roazehagen om dy hinne sjonge, De kamperfoelje rûkt en geure de jasminen, - Nijsgjirrich gnúft de Dea troch de gordinen.... De ofreis. Hwa't ienkear oan 'e dea taheart, Fan it libben ôfskie nommen hat, Dy wjokt op sulverljochte swingen, Boppe it krieljen en it kringen Fan lyts gedoch in sfear tomjitte, Dêr't as in fyn gewaei de dingen Har lûden yn de stiltme litte - En 't klear azûr iepent syn fierte. (Itinerarium.) Vorige Volgende