de mimyk fan Polonius as de klassike hôveling, clown en boargerman en preker en aep tagelyk, binne sa karakteristyk as men mar winskje kin.
Ophelia. Hoe hat Shakespeare har bidoeld? Ien fan de fragen, dêr't men net oer útpraet rekket. Elke regisseur moat hjir kieze en Olivier hat keazen foar de opfetting fan de folslein warleaze leafde, sa warleas, dat hja hwat ûnpersoanliks kriget. Dizze Ophelia, sa lang as hja by har sinnen is, kin ik minder wurdearje as de creaesje, dy't Nel Stans op it toaniel joech. Dy wie biwuster en aktiver. Dizze forskining is sa etherysk, dat hja mear op in fé as op in libjende faem liket. Wol Olivier har faeks foarstelle as predestinearre foar de waensin? Alles wiist der, tinkt my, op. Tofolle bella donna yn de eagen striidt ek al wer mei Hamlet syn twingend foarskrift, dat it toaniel it libben spegelje moat. Mar fan it stuit ôf, dat hja sljocht wurdt, is hja great fan in oangripende tragyk, dy't jin fascinearret oant de needlottige ûndergong. It is hast ûnbigryplik, dat in fanke fan sawntjin jier (Jean Simmons) ta sok spyljen yn steat is.
Olivier sels hat de haedrol en hy spilet Hamlet sterk en oertsjûgjend. Hjir bigjinne fansels de problemen earst foargoed. Alle kultuerfolken hawwe har Hamletlitteratuer en tûzen kommentators jowe tûzen forskillende antwurden op 'e frage: hwa is Hamlet? As Shakespeare syn útlizzers hearde, soe er elk fan harren grif antwurdzje: hea ja, jo hawwe gelyk, dy kant sit der ek oan Hamlet, fierders is er, lyk as ik him sjoen ha en ik haw him sjoen, lyk as er is.
En Hamlet is alles en fan alles. Mar yn elk gefal gjin abstraksje, mar in origineel, libjend, lijend, leavjend, herstochtlik minske en dichter. Goethe moat sein hawwe: neidat ik der tsien jier oer tocht ha, bin ik noch net klear mei Hamlet. En E.B. Folkertsma, dy't Hamlet sjocht as biseten fan de twang nei de absolute died, dy't as iennichste oplossing de dea fynt, seit, dat dy opfetting himsels net foldocht.
In toaniel- of filmregisseur, salang as er sa great net is as Shakespeare, sil hjir in kar dwaen moatte. De wifkjende en fan twivel fortarde Hamlet hat gâns tradysje makke, mar Olivier leit de klam oars. De proloog, dy't praet fan 't needlot fan de minske, dy't net ta de died komme kin, past net op dizze film. Hwant hjir dominearret de agressive Hamlet, dy't him troch neat en nimmen fan syn doel ôfbringe lit en by it útfieren fan syn opdracht sûnder wifkjen leafde en leafste, eigen en oarmans libben offert. Syn twivel wurdt hjir mear út 'e omstannichheden as út in ynderlike spjalt forklearre. Sa bisjoen wol it kommen-