stean, tilde de kop skean yn 'e hichte en spoekgûlde op it alderlûdst yn lange úthalen en koarte oerstjûre gjalpen, as forgyng in donkere ierdske kreatuer yn pine en hate om de blinkende himelskiif en de ljochte wolkgestalten. It sloech om yn in rêd, skokkerich geblaf en stil wie it. As in bern dat útskriemd is en noch efkes heftich neisnokt. Mar it bist wie net útgûld. It roun in pear stappen, foarsichtich, as wie it bang dat it de poaten sear dwaen soe oan 'e moanne-ljochte groun, 't bleau wer stean en tilde de kop op as niis. It spoekgûlen wie earmhertiger en forgrimmender as tofoaren. Ik hearde oars neat, mar ik seach in man mei lange trêdden op 'e houn ta rinnen. It wie de muonts Sjaerd. Mar hy roun rjocht op en licht, in krêftich postuer. Krêftich wiisde syn earm hwer't de houn hinne moast. Dy roun willich foar him út.
Nei in hoartsje kaem de muonts werom. Unhearber wie syn gean. Mar de lêst fan 'e jierren dy't him de foarige jouns drukt hie, biswierre ek nou syn skouders net. Ik hâldde it net út op bêd, mar socht mei triljende hân om 'e skoattel en striek dy foar de doar fan myn sliepsté. Ik kroep djip ûnder 'e tekkens en bisocht dit hiele forflokte kleaster to forjitten.
In skoftsje wie it stil, doe miende ik lichte fuotstappen to hearren, dy't stilhâldden by myn doar. Der waerd bisocht om dy iepen to dwaen, mar dat slagge net fansels. Hwat hie de man foar? Hy rôp net oan my, hy sei gjin wurd. Ik haw ek gjin kik slein; as er mei goede bidoelingen kaem, moast er him mar oppenearje. Ik haw my forbylde, dat ik him súntsjes fuortslûpen hearde. Ek dat er neitiid fan it binnenhôf ôf troch it finster nei my kuerd hat, mar dêr soe ik net foar ynstean wolle, hwant ik hâldde my sliepende en doarst amper de eachslidden yn 't tsier hawwe. Ik haw earst wol miend, dat ik mysels mar hwat ynbylde hie, mar út hwat letter foarfallen is, mei ik wol ôfliede, dat it wier west hat.
Ik haw noch in tiidtsje wekker lein; in kou baltte earne fier yn it lân, in bitroud lûd. De natuer woun it by my en ik haw noch rêstich sliept oan 'e ljochte moarntiid ta.
Ut de roman ‘Elbrich’, Diel II.