De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 323] [p. 323] Johs. Couperus: Lytse leginde. Dit is gjin ûnbikend forhael, Men fynt it grif yn eltse tael. En 't núndert noch yn myn ûnthâld, Sa's 't wyndert troch de hiele wrâld. 't Giet oer in bern fan wêzen blier, Syn each wie ljocht en krol syn hier. Mar och, dat wie dochs neat bisûnders; Men leaude net oan 't Bern en wûnders. It boarte op strjitte yn Nazareth, En d' oare bern út dizze stêd Dy lutsen Him oan 't krolle hier, En rôpen lulk: - Hwat moatstou hjir! - Hja trapen Him doe tsjin de skinen, En stil forbiet Hy al Syn pinen. Mar moedich bleau it ljochte each, Sa dat gjin ien Him skriemen seach. Sa waerd dit bern dêr yn dy strjitten, Fan oarmans bern forhúnd, forstjitten. En fierders seit de âld leginde: Hy klage God syn djipst' ellinde.... En jit fornije de kroniken, De Hill'ge die Syn goedens bliken, Hwant troch de rein fan triennen hinne Blonk ljochtsjende Syn mylde sinne. En sjoch, doe bloeide út Syn herte In lottere blom, dy't gloede sette, En transparant Him ljocht trochglânze - Him kroanend mei in gouden krânse. Dit is in âld en wiis forhael, Men fynt it grif yn eltse tael. Mar 't núndert noch yn myn ûnthâld, Sa's 't wyndert troch de hiele wrâld. 28-6-'48. Vorige Volgende