De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 321] [p. 321] [Nummer 11] Jan Piebenga: Rannveig. Blau is de berch en blauwer it swurk, Blaust is de kleur fan dyn each. Heech sjongt myn hert as in blide ljurk, Rydste troch 't moarnsdauwereach, Rank op dyn hoars, syn drift yn bistjûr, D' einleaze Hrafnsheidi oer. Read is dyn holdoek, reader it bloed, Readst is it fjûr op dyn wang, Sjitst' as in fisk troch de weagefloed, Blanke mearmin dy't ik fang, Dy't ik weidraech, djip yn d' iensumheit, Dêr't in sêft bêd fan wolgerzen leit. Wyt binn' dyn tosken, witer it hier, Himelsniewyt is dyn hert. Snie op de fjûrberch, o frouwesier! Hwa't dy de breidskroan op set? Ik, sterke prins, dy't komme sil En bûge dyn tocht nei myn wil.... Blönduós, 17-VIII-'48. [pagina 322] [p. 322] Gudrid Né, né, doch it net, sjoch my sá net oan, Dyn wei leit hiel oars as foar my. Hwat sikest' by my, in forlerne soan, Hwat jowste, dat ik dochs net krij? Dou tinkst, ik bin sterk, mar in brutsen reid, Dat hâldt ek dyn hân net mear fêst. Hwat hast' oan in klok dy't gjin tiid mear seit, In fûgel, weikrûpt yn syn nêst? Unrêstich dit hert as de Hvítá-stream, Yn wieling en fal sûnder lins, Bimongen mei jiske fan stoarne dream, Gjin doel en gjin stjûr en gjin grins, - En dou, swanneblom, mei dyn brânnend hert, Hwat flijstou dyn tsjelk oan myn boarst? O wreed aventûr: ek dyn frede stjert En ou-eart wurdt 't grien datste hast. Lit gean my, forjit, slút de doar fan dyn hûs; Dou hearst net yn sniestoarm en nacht; Myn lot is de fierte en 't wyngerûs En 't heukrjen en d' iensume wacht. Farwol, ik bin ré; hark, de wyn hellet oan, De sé is oerstjûr as myn siel. Bid God en forjit my, forlerne soan.... Nea siz ik, hwat ik foar dy fiel! Hafnarfjördnr, 20-VIII-'48. Vorige Volgende