Krityk yn 't koart.
In rop foar it minskdom.
Weston McDaniel, ‘Look to the Sun’, with a foreword by Alfred Kreymborg. The Beechhurst Press, New York.
Weston McDaniel is hikke en tein yn it Suden fan de U.S.A. en dizze oarden meitsje dan ek de bisieljende eftergroun fan syn nije bondel út. Yn somtiden wûndermoaije, frije lyryske fersen (en alle fersen yn itselde hammerjende rythme) mielet hy ús syn lânsdouwe foar eagen: de geaën, de heuvels, mei al har forskaet fan oansjen, neigeraden 't de seizoenen wikselje, en tekenet er ús de minsken út, fakentiden yn de foarm en as fariant fan folkslieten en balladen, sa't dy dêr noch húsriem libje of libbe hawwe. En dôch is ‘Look to the Sun’ net in binypt regionael eat: de inge grinzen wurde tobrutsen en de bondel wurdt opheve en op in algemien minsklik plan set, omt troch elk fers rint mei binende wurking de tried fan ienselde haed-idé: de striid fan de minske tsjin de negative krêften, dy't him op syn paed nei in lokkiger, frediger libben opkeare.
As fleander hat de dichter de twadde wrâld-kriich meimakke en oars as safolle fan syn maten is er yn syn dichtwurk nouris net de swiersettige en bittere kant it neist. Yn syn lânsdouwe fynt er de dingen, sa't se binne en sa't se wêze koene. De tsjoensters fan de folksforhalen wurde foar him it simboal fan ûnderdrukking en ûnfordraechsumens; de heuvels it simboal fan hope, leafde en blidens: mei de rein de hate fan minskelippen spiele, krekt sa 't dy de moude fan de heuvels ôfspielt; mei de ienzens oer de to-spjalte minskheit rêste, krekt sa't it snieklaed him oer de klingen en delten spriedt; meije de minsken har ienris riigje as bruorren, lyk de heuvels yn April, sa't se dêr dan stean, wosken fan rein, skjirre fan wyn, tuorkjend boppe dizen fan twivel, wylst de toppen sjogge nei de sinne!
‘Look to the Sun’, in rop ornearre foar it hiele minskdom; in fersebondel, dy't men dêrom yn safolle mooglik hannen winsket!
K.D.