De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 319] [p. 319] Rely Jorritsma: Op Baty's jierdei. Ik sit mar tsjin dy bilêsting oan to dúnjen, ik fol alles earlik yn, mar iderkear, kear ik my wer ôf, yn hwat oars. Dan, liz ik in bêdtsje tabak yn in floeike, en lipkje it ta, en stek der it fjûr oan. Dan, stean ik yn 't ljocht en skaed, fan 't hege finster, en hear de Bulldozer, dy't de kûlen tichttriuwt, En ik sjoch de Skandinavyske wolkens, hel wyt, yn dat himelske blau.... Ik tink oan latsjeblinen, dy't oan 't himd, de tekening jowe, fan in baeitsje yn de Sing-Sing. Mar ik tink nou ek oan it ûnfoldiene petear yn my mei roazen, it daemonyske, dêr't ik elts jier opnij, net mei útkom. Juny. Ik hear de motorgersmasjine, op it Falkhôf, 't Is Juny, en dy giele peppel bloeit, mei griene opsteande lotus-tsjelken. In lette Chaplin-film, yn de féstâl-kino. Ik sit myn bilêsting út to siferjen, foardat ik my weagje, op it ‘giel pompier’. Mar iderkear, ûntwyk ik yn de Tsjerne. 'k Lês, ‘brief oan J.’, en, ‘hwa kin jit skriuwe’, ‘diggels’, en ‘mei 't kliuwen fan de jierren’, en dan ek noch, myn eigen skrale eker. En dochs, sa súntsjes oan, kom ik noch klear. Vorige Volgende