De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 305] [p. 305] Fedde Schurer: By de dea fan in dichter. In memoriam Anders Minnes Wybenga I. In diger wurker en wrotter Yn Fryslâns groun en tael, In blide, glânzgjende protter Dy't tsjottere op 'e fjurhoksnael; Ien dy't hwat betters bitochte As it libben lije woe En al mar nei dingen sochte Dy't er dochs net krije koe; In ienling, forslein yn it striden, In ruter sûnder hoars - Mar hwat wie dan sûnt Gysbert syn tiden In dichter yn Fryslân oars? Mei doarpske jelne bimetten, Ienkennich en spikerhurd En swier yn jinsels bisletten Sa't elk hjir yn 't Noarden wurdt; Dêr't it kasboek dochs jimmer heger As de dichtbondel oanslein is, Sjitte hja kâldwei de hazze yn it leger Dy't nou ienris sa oanlein is. En men wist yn dizze hoeken Jinsels as dichter gjin rie As men de evangeeljeboeken En de psalmen fan David net hie. Och, de dichters, hja jeije ek faek nuver Har eigen bistean yn trewyn, De iene syn Frysk is net suver, De oare is to read of to fyn. Sa brekt it ienfâldichst bitrouwen, Sa rûgelt it roet yn it miel, Sa komt der gjin hân út de mouwen: Sa heazet it liet yn 'e kiel. Sûnder forjaen en forjitten Komt men tsjin elkoarren to stean En oer de lytste trelitten Moatte jierren earst hinne gean - [pagina 306] [p. 306] II. Anders Wybenga, dizze fersen, (In frjemd in memoriam) Ik wol se dy barne as kearsen Ad majoram gloriam. Ek dû wiest mids dit naesje As Fries en as dichter set, En dy nuodlike kombinaesje Brekt ús ien foar ien it hert. Al seachst ek yn my wol by riten In fijân, in stân yn 'e wei - Ik eagje nei de ivige kriten Mei freonskip en wémoed dy nei. Nou hat dy de stiltme bifongen Fan it rûzjende fredehôf, It lêste liet is hjir songen, En it wurdt my ûnwennich en drôf - Strak reizgje ik nei fêste wizânsje Ek datselde ûnûntkombere paed En ik nim de himpen distânsje Dy't deaden en libbenen skaet. Fan it ierdapellof nei de palmen, It is mar in hoannetrêd - En wy sjonge de himelske psalmen Togearre fan 't selde blêd. In bifrijde siel, in sillige, Untboun fan tiid en romt', In út Fryslân forloste hillige Dy't yn it deiljocht komt, Ien dy't hwat betters bigearde As it libben lije woe, En dy't troch genede learde Dat er alles krije koe - Skik, Hear, ek, nei striid en leedzje, My in plak yn Jins wenten ta, En forjow de dwaze komeedzje Dy't wy hjir opfierd ha. Vorige Volgende