| |
| |
| |
Jan Wybenga:
Gedichten.
It lan.
In biddeltekken lyk, mei reuzeruten
fan grien en giel, trochsnien fan brune fegen,
stâlt it in wyld forskaet fan bou en greide út
tusken it skonkich ramt fan smelle wegen
en as foar tûzen jierren is it hjoed
oan fruchten earm, mar ryk oan kleur en gloed.
Forspraet oer 't lân de neare klinten
en kleijende geiten fan it bienbitich skaei
fan lytse wrotters, dy't har skeamele tinten
net bouden dêr't goud yn d' ierde lei
en dizze mistaest bodzjende bilije.
Sa is it lân, hjir rûzje hege beammen
om 't stille hûs, dêr't ik in taflecht foun;
oer 't hôf leit bloei as skom fan reamme
en op 'e bjirken 't read fan 'e Maeijejoun.
En as it twiljocht grienet tusken hûs en skuorre
swevet de swietrook del fan wytbiblomme muorre.
| |
Ynfal.
Mei it read fan de himel toraend
ha, yn it lân fan har bloed,
yn 'e stiltme fan lij-waerme nachten
fan nije bisettende machten;
mar nou leit it stil wer, en ré
Waenwize glossen bin har forgetten,
driigjend op toar perkamint,
sûnt nei har uterste swetten
it spoar fan de ynfal rint.
| |
| |
| |
It reinen.
Hat deis it reinen macht oer 't ljocht,
nachts is it neat as lûd.
As buijen út in lege loft
foar 't blau fan djippe fierte
de grize skermen sakje litte,
dan wurdt de dei it bleek kristal,
dat 't ljocht yn sulvren strielen spjalt,
dy't pylkrêd troch de skierens sjitte.
Mar nachts is rein oer swiere
toraende foarmen fan ding en skaed,
it lûd fan in gonger op 't ienlik
yn sompen forrinnend paed.
| |
Exil.
1.
As fûgels wjukje yn de dei
De moarntiidskrûk is wiet bislein,
Mar tojoun, as de moanne bleek
de nachtweach yn 't bloed.
2.
Koel en wiid is de mar fan de joun;
yn it âlde tún, yn it hege gers,
yn in twiljocht, grien as forware glês,
driuwt lyts yn de mar fan de joun.
| |
| |
3.
Neat forslacht de toarre toarst
fan 't wite fjûr, dat dy forskroeit,
as hertstocht' tsjustre meteoar
in gloedbaen troch dyn langstme ploeit.
Elk lûd wurdt wei, as 't flammekoar
op 't sterkst ta stiltme wurdt,
it reade hynder fielt it spoar
en út syn siden blet it wurd,
en dript troch ljocht en skymrich swart
yn feale djipten sûnder groun;
sa waeit it bloed fan 't woune hart
oer 't fjild yn skimerjoun.
Dou himest út, it leafde en haet
hoe blank bistou, as stjerrefjûr
4.
Frou, dy't mei yn 'e wielende stream
as in strym leit it skaed fan de Beam
Doe't yn it hert fan de kleare dei
ús soele langstme to sliepen lei
roun troch dyn blanke fjilden net
dy smelle, sompige stripe.
Koel is de joun yn it Paradys,
mar de kommende gloed fan it Swurd,
lûkt al mei koartsige haet troch it bloed
fan hwa't forballe wurdt.
5.
Dy't op de stream fan dyn bloed
de skippen fan langstme frijliet,
lei oer dyn libben forgoed
it deadske skaed fan fortriet,
it skrille forwar fan dyn freze,
hy hat foar altyd forlern
| |
| |
6.
Nou 't by de gloed fan 't wrekjend Swurd
de stjerren swymje, lyts en bleek,
en ik mei twang fan fjûr en reek
út myn biskûl forjage wurd,
en fan de gloed jit gleon en blyn,
ûnwis en stramplich taestend sykje
de paden, dy't al djipper wykje
de kâlde, toarre steppe yn,
wit ik: sa'n wylde bangens hie 'k
al yn my op it earste strie,
in skymrich flues fan freze diek
myn eagen sûnt har ljocht jown wie.
Ek yn de nacht, doe't blank en wiid
de moaiste roas de tsjelk opdie
en yn it twiljocht triljend, swiid,
mei suvere moed to bloeijen stie,
roun freze as in troebele feech
troch kleare djipten fan geniet,
en troch myn lofsang klage leech
de balling al syn lijerich liet.
7.
De dampe skaden fan it stjerren
driigje dyn sterke bloeijen ek.
Dou sist profeten roppen hearre,
bistou har idel treastwurd brek?
Of sist frij troch de steppe gean,
ien wis en sterk troch eigen moed,
dy't om gjin skeamel fammelean
forsmiet de mannetreast fan it bloed?
Wurd net lef. Slaen gjin boetekleed om,
ast âld bist, flak foar de ein,
gjin kwezel is ea mei it herte rom
oer d' uterste grinzen tein.
Spat fan de libbensweach as skom
tjustere streamen nimme dy op,
dan floeist nei it ljocht werom.
|
|