skipper Keimpe hie noch net safolle hawn dat er it op rûzje mei in fjildwachter oankomme litte woe. Hy praette noch hwat foar him hinne oer de timpelieren, dy't spije yn 'e romers foar it each fan 'e wrâld, mar de kat yn it tsjuster knipe. Gurbe Wessels, timpelier en pelysjeman, hearde it net iens. Hy seach skipper Keimpe efkes nei, sa't dy nei ‘De Vrouwe Jacoba’ knoffele, en gyng doe syn wegen.
‘De Vrouwe Jacoba’ wie al in âld skip, it wie nei skipper Keimpe syn mem neamd, doe't dy breid wie. Lang forlyn, gâns in skoft forlyn! Skipper Keimpe syn mem wie tsjin 'e njoggentich doe't hja stoar, foar sa'n jier of fiif. Murk, de swarte herdershoun, wie yn dy snuorje amper acht moanne.
Ja, Murk!
‘Fordeald’, flokte skipper Keimpe, doe't er op it skip kaem en gjin houn bile; ‘fordeald, dy dogeneaten fan timpelieren.’ Hwant it wie him yn 't sin komd, dat Kei Jilderda ek in timpelier wie. ‘Fordeald, ophingje moasten se harren; allegearre!’ Skipper Keimpe hie nammers al jierren it grou op timpelieren. Sels hied er ek by de loge west; trije fearns jier - doe wied er troch de koer fallen. Der sprong gjin houn by skipper Keimpe op. Fordeald, hied er net mear earne in blauwe flagge? Ha, ha, dy hong er út, healstok!
Middeis kamen der buoijen en skipper Keimpe lei op bêd. As er net sliepte, harke er skerp oft der bûten ek minsken praetten oer dy flagge. Soms fong hy in pear wurden op oer dy skipper mei syn healwize kluchten. Dan lake hy gremitich. Hjir koe nou ris nimmen hwat oan dwaen. Syn skip en syn flagge, net oars!
Doe't de joun kaem, waerd yn it tsjuster fan syn krûpyntsje de iensumens skipper Keimpe to mânsk. Dit wie einliken net syn minne tiid; mar hwer koed er oars hinne as nei Jildert? By Jildert yn 'e herberge wie it ljocht en waerm; by Jildert wiene altiten wol in pear lju om mei to praten.
En sjoch, by Jildert, dêr blykte Haring de Vries, de séman, to wêzen. Jierren hied er it doarp net sjoen; nou wied er der wer. Syn troanje wie brún en tanich en hwat ynfallen; en syn hier wie griis. Oars wie it noch deselde Haring fan altiten. ‘Alde sérob, âlde sérob!’ sei skipper Keimpe hertlik; ‘hwa hie dat tocht, sjedêr!’
It gyng der dy jouns hwat rûch om en ta. Wis, it wie noch de âlde Haring. Sawn jier hied er fuort west, fortelde er; de hiele wrâld hied er ôfswalke. Kaepstêd, Honolûlû, Sjanghai, Vancouver. Sawn jier. Ek yn Sebastopol hied er west.