De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 289]
| |
[Nummer 10]Anne Wadman:
| |
I.De ûntmoedigjende ûnomkearberens fan de skiednis en fan it minskene bistean jildt foar Simon Vestdijk, hy mei dan wêze dy't er is: in alchemist fan 'e suverste fantasij, immen dy't de kunst forstiet om it ûnmooglikste op papier ta wêzen to bringen, krekt like wreed as foar eltsenien oars. En yn safier is it in tige oerstallich en nutteleas experimint, dizze man yn in útsûnderingsposysje twinge to wollen en mei him it spultsje fan 'e omkearberens to boartsjen. En dochs hat men soms oanstriid en slypje eigen fantasij op dyselde histoaryske ûnomkearberens, dy't by einsluten in philosofysk probleem fan 'e earste oarder blike kin to wêzen, sadré't men oan 'e fraech ta kommen is bg. hoe't de wrâld der hjoed hinne lizze soe as Adolf Hitler yn syn Weenske feinteiierren hwat fortúnliker mei syn bazen west hie. En binammen kriget men dy oanstriid by in jubileum as ditte, dêr't wol net hiele Fryslân, mar dan dochs ien stedtsje út it Fryske gea, tige elegant kamoeflearre as Lahringen, in mannich doarpkes út 'e omkriten en in pear skoallelokalen yn nòch in ‘stêd’, har hiel biskieden oanpart yn hawwe. En faeks hat sa'n experimint neist spekulatyf doel ek noch in praktysker: troch bg. dy wei lâns fêst to stellen hwat Vestdijk nèt wurden is, soe men miskien in dizenich ynsjoch krije kinne yn hwat er àl wurden is. Hwat seit men bg. fan it folgjende byld: Simon Vestdijk kriget as knaepke fan 8, 9 jier hommels in bifleaning om Fryske briefkes to skriuwen oan in Omke Tabe of Muoike Sijke yn in Frysk bernehoekje, per krante yn it | |
[pagina 290]
| |
Vestdijk-hûs bilânne. Sa is op 't lêst Abe Lenstra ek bigoun. Hie men yn dy tiden fan Vestdijk sokke omkes en muoikes net? Goed, in oar byld: Simon, 10 of 12 jier, wurdt op in goede dei fan syn mem meisleept nei in bisite by in bifreone skoaljuffer dy't op keamers duorjend thé ûnder de mûtse hat foar sokke gasten, en kriget ûnder it thépraetsje in tydskrift yn 'e hannen dêr't opstiet: ‘Sljucht en Rjucht’ of sokssahwat en dêr't in plaet ynstiet fan it ien of oare skilderij fan trije skiep en in hikke op in snie-oerdutsen lânsdouwe, in skilderij dat him like dwylsinnich obsedearret as de dwerstrochsketten St. Sebastiaen it syn twade ik, Anton Wachter, die. Hy blêddet yn dat geheimsinnich tydskrift om en bislút syn harsens to weagjen op 'e tael dêr't it yn printe is. Hy skerpet syn geast op dy tael. En yn letter jierren, it kin soms hurd, skerpet er dy tael en de kultuer dy't op dy tael driuwket, op syn geast. Is ek dit to ûnwierskynlik? Nim dan in oare Simon, in Harnzer of Ljouwerter H.B.S.-er, dy't mei 't burd yn 'e kiel ûnder it Frysk-litterair bisleur fan in learaer komt (en hwa't wit hoe wichtich it phenomeen ‘learaer’ yn syn jonge libben west hat, sil foar dizze ûnderstelling fiele!), fan in learaer, dy't him yn dizze tiid, dat men noch via Kloos en Keats ta Fryslân brocht wurde koe, yn 'e kunde bringt mei de sonnettiaenske oanslaggen fan in espeltsje Fryske jongfeinten, dat noch al heech fan de poëtyske toer bliest. Simon biwûnderet dy jongfeinten lykas er syn learaer biwûnderet, dy't faeks wol ien fan harren is, al witte syn kollega's dat sasear net. En Simon syn earste dichtproeven al wurde delskreaun yn in tael, dy't wol net by him yn 'e hûs praet waerd, mar dêr't er him al ridlik gau yn biweecht as in fisk yn it wiet. Miskien hat er gjin lêst fan drege idealismen en hege takomstforwachtingen oangeande dat lytse lantsje tusken Stiennen Man en Reaklif, miskien hat er ek syn idoalen fan 'e skoalbanken mei gauwens troch, miskien jit er in hûdfol krityk en felle sarkasmen út oer dat lytse stúmjende folk dat syn eigen tael amper bistammerje kin, - mar hy docht it dochs mar yn dyselde tael, en akseptearret dit feit as in needlot of as in tafallichheit, omt er wit dat it der by einsluten net folle ta docht yn hokker tael as men jins aberraesjes kwyt rekket. Miskien driuwt al syn dwaen mar op in bidroefden bytsje fielen foar in folk en in tael dy't sa ta weismiten keard lykje en dy't dochs noch spinfuotsje kinne ta biwiis dat hja in lyts mar rjochtlik plakje ûnder de sinne fan Westjeropa winskje. Hy skriuwt yn dy tael en docht sadwaende in hiele bult dingen foar dat folkje dy't net dien wiene as hy | |
[pagina 291]
| |
se net dien hie. En om nou in hiel stik oer to slaen: oan 'e ein fan syn earste fyftich jier hat er de wrâld ynstjûrd: in lyts tweintich romans yn dy tael, in stik of tsien dichtbundels, in boekmannich mei novellen en forhalen, dielen essays en kritiken, philosofyske en litterair-historyske skôgingen. De gefolgen foar de ‘eare en rom’ fan dat folk en syn kultuer kin men fan tinken ha, dy wolle wy de lêzer dan ek bisparje. Mar faeks is it nedich om der noch ien ding by to fantasearjen: dat er op syn 30ste jier in ûnbidich stik jild erve koe, dêr't de printkosten fan al dizze blokken papier yn weiraenden. En dizze lêste tafoeging, dy't lykstiet mei in conditio sine qua non, hat de wierskynhkheit fan ús omkearde skiednis net by woun, ja miskien hat dy him fjouwerkant de hals omdraeid, lykas men Vestdijk, hied er syn boeken yn it Frysk op it bernlikste folk fan 'e ierde loslitten, faeks ek de hals ôfdraeid hie. Hwant hwer't de minsken sa ticht mei de noas op elkoar libje as dêrre, kin men jin minder oan ûnsêftsedige dingen, oan hurde wierheden, oan skerpsinnichheden, oan perversiteiten permittearje en wurdt men gauwer as de Greate Anti-Fries útballe as hwer ek to wrâld, sels as yn Nederlân. Simon Vestdijk soe dat ûnderfoun hawwe as er bleaun wie dêr't er wie en dêr't men gjin harsens forneare kin as hja yn tsjinst steane fan irrationele dingen as litteratuer. Hy soe it ûnderfoun hawwe, wie syn libben de wei gien dy't wy nyskes sketst hawwe. En dochs: is it nedich to sizzen, dat it ús muoit? | |
II.Ga naar voetnoot*)De wierheit dan, to neisten by, is dizze. Simon Vestdijk waerd de 17de Oktober 1898 berne to Harns, as soan fan in gymnastykmaster. Syn heit wie in man fan prestaesjes en oansjen yn 'e stêd, binammen as lokale greatheit op it gebiet fan operette-regy, dékorskilderjen, itenrémeitsjen op diners (de hjitting is dat er dan sels mei in skelk foar fleis stie to brieden), naem diel oan it muzyklibben dat dêrre doedestiden nochal bloeide, stalde optochten en feesten gear, yn ien wurd wie in aktyf man en treflik organisator. Om him folle mei Simon yn to litten skynt er tofolle yn bislach nomd to wêzen fan al syn beuzichheden. Wis is dat Vestdijk yn syn autobiografyske romans syn heit net of mar amper neamt. Allinnich yn ien fan | |
[pagina 292]
| |
de byfeguren út ‘Meneer Vissers hellevaart’, dat lykwols bûten de eigenlike Anton Wachter-romans stiet, hat er in tekening fan syn heit jown. Syn mem moat in lange, fikse dame west ha, net alhiel sûnder sentimintelens, sêft sein. Har byld bg. yn ‘De andere school’ en ek yn ‘Ina Damman’ jowt har sûnder har to idealisearjen dochs hwat tears en ynliks: de libbenskammeraet oan hwa't men, sûnder fan rjochten bigrepen to wurden en sûnder it lêste bleat to lizzen, dochs hwat fan jins tipelsinnichheden kwytkin of leaver kwytmoàt. Yn hoefier as men op 'e Harnzer anekdotyk (dy't oangeande Vestdijk oars nochal meager is) oankin, dy't ha wol, dat it fral syn mem west hat, dy't troch har noedhawwende neigeanderigens en har soarch om Simon binammen bûten elk forkear mei oare knapen fan syn jierren to hâlden, him yn in isolemint dreaun hat en oft men Simon dus ta in hichte as it slachtoffer fan syn opfieding sjen mei, doar ik min út to meitsjen, tomear omt wy der yn Vestdijk syn boeken gjin jildige biwizen fan ha. Earder noch kin men it sa sjen dat der mei tige krektens op syn freonskippen tasjoen waerd. Mar boppedat: in bûtensteander sjocht soks oars en fakentiden efkes minder krekt as de ‘bilanghawwende’. De minske is it produkt fan syn opfieding mei in poarsje oare dingen dêr't oanliz (erflikheit, as men wol) net it minst wichtige fan is. Boppedat, leau ik, is it Vestdijk yn dizze boeken net alderearst to dwaen om de continuïteit, it ôflieden fan it iene forskynsel út it oare en sa troch. Mar wis is, dat syn skoallematen him seagen as in braef memmepopke dat altyd kúm oan 't hantsje meigyng op bisites en dan (hy hie in bûtenwenstige muzikale oanliz!) in stikje op 'e piano spylje moast, as famyljepronkstik. Bihalve de muzyk hat ek it tekenjen in skoft tige syn oandacht hawn. ‘Sint Sebastiaan’ jowt it bjusterbaerlik forslach fan dit mislearre tekentalint. Yn ‘Surrogaten voor Murk Tuinstra’ (Groot-Nederland 1940, noch net apart) fine wy de skiednis binammen fan syn freonskippen: oanienskeakeling fan serieuze tipelsinnichheden, dêr't men in frjemde mingeling yn merkbite kin fan driuw nei de oar, en driuw nei it eigen isolemint. Vestdijk syn ierripens soe men faeks opmeitsje kinne út 'e folgjende jonkheitsanekdote: in kear wied er, in jier of tsien âld, mei twa skoallematen op it iis yn 'e Boalserterfeart oan 't boartsjen, dat is to sizzen, Simon op 'e wâl en de beide maten op it iis. Ien fan 'e twa sakke troch it bomiis oan 'e kant, wylst Simon tige binijd taseach en bidachtsum filosofearre: ‘Hwat kin in minske dochs dwaes wêze’. ‘Terug naar Ina Damman’ biskriuwt de skiednis fan in jonk- | |
[pagina 293]
| |
heitsleafde tidens it Harnzer H.B.S.-erskip. Dizze leafde is it wûnderlik produkt fan forwrongen puberteitstearichheden en eigen ynbylding, bilibbe fan in foar syn jierren seldsum yntelligint lytsboargerlik romantikus. De namme Anton Wachter dy't Vestdijk him tatocht hat yn dizze forhalen, is nammers nei twa kanten symboalysk. ‘Anton’ is de lytsboarger dy't folslein posityf reagearret op it formidden dêr't er himsels yn fynt, ‘Wachter’ is de romantikus, foar hwa't it mei Ina Damman net bigoun is om it yn 'e groun ûnbitsjuttende famke sels (hy bilibbet dizze leafde-mei-mâlle-flaters folslein platonysk), mar om de sublimaesje troch de wei fan de oar en de erotyk, in sublimaesje dy't, lâns de kronkelige wegen fan in oare skoalle sykje wollen, syn gerak kriget yn ‘De andere School’ (Podium 1947-'48). Om dit haedthema jowt Vestdijk in skerp byld fan it stêdslibben, mei syn ‘kleine, snelle jongens’, foar Anton in fascinearjende tramtaesje hyltiid wer, mei syn stêdstypen lykas Kappy en Wisky, Lange Rinse (dy't noch altyd as ûnmisber forskynsel troch de Harnzer strjitten skout), Alde Elske fan ‘O Lieve Heer, laat het toch peliesjes regene’, - en dan de learaers dêr't Vestdijk op 'en skerpsten syn ûnlustgefoelens op slipe hat. De H.B.S. wie doedestiden festige yn in tige âld gebou oan de Suderhaven, hjoeddedei yn gebrûk as pakhûs. De measte tipen dy't Vestdijk yn dit formidden om syn Anton Wachter gearbrocht hat jowe de yndruk fan in tige forwrongen en dochs realistyske authenticiteit, dy't likegoed ôfkomstich is en tart fan it momint fan skriuwen as fan dat fan bilibjen. En tsjin de foargroun fan in heechstwierskynlik fiktyf munster as meneer Visser kriget sels dizze eftergroun de skyn fan in minsklikheit dêr't men jitte hoop en treast út putte kin. De Ljouwerter H.B.S. skynt Vestdijk wer in triuw de litteraire kant út jown to hawwen. Doe't er sechstjen wie skreau er syn earste fersen, sonnetten dy't de ynfloed oanwiisden fan Perk, en letter fan Gorter en Karel van den Woestijne. Binammen de styl fan '80, yn poëzij en proaza, doedestiden (en faeks nou jitte) it summum fan litteraire folwoechsenens foar Nederlânske learaers, skynt him dêrre yngetten to wêzen. Op in foardrachtejoun wiene Slauerhoff (dy't ien klasse heger siet) en hy de iennichsten dy't mei eigen wurk kamen, Slauerhoff mei in lofliet op 'e kosmografy, Vestdijk mei in gedicht dat de skeikundelearaer ‘sa ûnbigryplik’ achte, in forwyt dat Vestdijk weromkeatse kind hie oangeande it skeikundefak. Nei it einexamen rekke Vestdijk op 'e stúdzje yn 'e medisinen yn Amsterdam. Yn dizze jierren skynt de muzyk him nochal | |
[pagina 294]
| |
to pakken hawn to hawwen. Men wol ha dat syn heit op in dei tynge krige dat soan gjin slach mear die, mar nacht en dei op bêd lei mei syn keamer op slot. It mocht net slagje him wer op 'e gleed to krijen. Yn 't lêst liet de goede man him wer nei Harns oer komme, dêr't de histoarje him herhelle. It gefal wie dat er muzyk studearje woe en neat oars. By einsluten is er dochs bydraeid, faeks mei omt him to hâlden jown wie, dat der yn it muzykfak gjin takomst foar him siet, ek al mei it each op 'e ynvasy fan Dútske en Hongaerske musici nei 1918. Ut dizze stúdzjejierren datearje ek forhalen oangeande hypnotyske experiminten mei in faem, dy't faeks yn de mienskiplik mei Marsman skreaune roman-yn-brieven ‘Heden ik, morgen gij’ in wjerslach foun hawwe. Yn 1927 die Vestdijk syn artsexamen. Yn 1924 wiene der fersen fan him opnomd yn de ‘Vrije Bladen’. Mar de perfekte technyk fan Rilke, dêr't er doe mei yn 'e kunde kaem, ûntmoedige him sadanich, dat it duorre oant 1920 ta ear't er wer fersen skreau. Mar doe waerd it dan ek in soarte fan explosy, en folge de iene bondel de oare. Vestdijk syn skriuwwize hat, nettsjinsteande alle rigelmjitte, hwat eruptyfs. It is as sammelt him yn syn holwurk in ûnbidigen stoffe op, dy't him yn ien momint op it papier ûntlaedt. In boek as ‘Het vijfde zegel’ bg. makket sterk de yndruk fan in út 'e foegen boarsten holle mei geleardens. En as men sjocht nei de data dy't it bigjin en it einpunt fan syn romans oanjowe kriget men in selde yndruk. Dizze earste fersen wiene, en dat binne sines eins altyd bleaun, fan in meast anti-lyryske, anti-muzikale en tige cerebrale ynstelling. Frjemd foar in dichter mei sa'n muzikale oanliz, moatte se it binammen ha fan in sterke, blokkige, mar tagelyk raffinearre plastyk. Sels hat er sein dat er fielt mear ‘voor geserreerde plastiek dan voor lyriek, en dan vooral voor het grillige, fantastische, demonische’.Ga naar voetnoot*) Bisibbens kin men by ûnderskate dichters fiele, binammen ek by Verwey. Syn greate stúdzje ‘Albert Verwey en de Idee’ (forskynd yn it bigjin fan 'e oarloch, en faeks troch it ûngunstich tydstip fan forskinen fiersten to min achtslein) tsjûget fan syn wurdearring foar dizze foarman fan de ‘De Beweging’, mar is ek mei syn 214 siden útdijd ta in djipgeande stúdzje oer it dichterskip yn it algemien. Vestdijk hat oars syn dichterlike foarkarren resp. foarbylden nea ûnder stuollen of banken stutsen. Emily Dickinson, Kafka, Valéry, Slauerhoff, Rilke, Stevenson, Joyce - it is in heterogeen selskip, | |
[pagina 295]
| |
en dochs hawwe hja, werkenber, en ombûgd nei eigen aerd, yn Vestdijk hwat fan it mienskiplike weromfoun. Ut de jierren om 1930 hinne moat ek dy oare explosy datearje: it phenomenale, geheimsinnige manuscript-as-in-wet-terholle, dat de oerfoarm fan alle Anton Wachter-romans ynhâldt en dêr't yn dizze foarm neat fan útjown is. Oars as men op groun fan syn geastlike ierripens forwachtsje soe, is Vestdijk as publicist gjin ierripe forskining. Hwant eruptyf as it is sit dochs efter elts wurk dat er skriuwt in sterke konstruktive wrakseling, in birekkening suver. Alles wurdt yn en tidens de erupty neffens fêst plan útfierd. En op dit punt soene men just Vestdijks kreaesjeproses bitraepje kinne: de yn 'e erupty loskommen energy ûntlaedt him op in hast yn it oneindige útrekbere fantasij, dy't op it momint fan ûntstean syn eigen konstruksjepunten, kûgellagers en helplinen ûngedien, alteast ûnfynber makket. Dizze technyk, ûntstien yn in psychologysk spanningsmomint, dat tagelyk de ûntspanningsmooglikheden op it uterste ûntwikkele bat, koe pas yn 'e rin fan jierren syn soepelens krije. Miskien dat dêr dy relative letripens út to forklearjen is. Pas om 1930 hinne (hy is dan dus al in stik oer de 30) bigjint de boarne iepen to springen, mar dan ek sa oerfloedich dat der suver gjin byhâlden oan is. De earste roman, ‘Terug tot Ina Damman’ seach it ljocht yn 1934, mar is letter skreaun as ‘Meneer Vissers Hellevaart’ (1936), wylst ‘Sint Sebastiaan’, dat it ierste jonkheitsstadium fortsjintwurdiget, pas yn 1939 publisearre waerd. Ek de earste koarte forhalen binne fan dizze jierren, it masterlike ‘De Oubliette’ bg. is foar it earst útjown yn 1933. It is net dwaenlik yn koart bistek alle wurk fan Vestdijk sels mar mei namme en tanamme to neamen. De publikaesje, yn 'e oarloch stopset, is fuort nei de bifrijing (Vestdijk hat as gizeler yn St. Michielsgestel tahâlden: oer syn visy op 'e Dútske Herrenmorael hie de roman ‘Else Böhler, Duitsch dienstmeisje’ fan 1935 ûntwivelbere oanwizingen jaen kind) mei forbjusterjende faesje fuortset. En dit nei de oarloch publisearre wurk omfettet, bûten de romans, in dichtbundel of hwat, in nije samling (diels al earder forskynde) forhalen, in philosofyske dialooch (‘Het eeuwig telaat’), in greate stúdzje oer ‘De toekomst der religie’, twa swiere bundels essays en kritiken. Fierders is der gâns hwat parseré of ûnderweis, wylst men mei smert wachtet op nije printingen fan útforkoft wurk. Vestdijk hat, op it toaniel nei, mar dat seit noch neat, sahwat alle optinkbere litteraire genres bioefene. En ek it forskaet ûnder | |
[pagina 296]
| |
de romans is op syn sêftst sein forbjusterjend. ‘De Overnachting’ (togearre mei Jeanne van Schaik-Willing) is in leafdesroman yn brieven, ‘Iersche nachten’ jowt in skerp byld fan de soasjale spanningen yn it 19de ieuske Ierlân. ‘Puriteinen en Piraten’ is neat mear, mar ek neat minder as in spannend avontûreforhael mei in 19de ieuske happy ending, ‘Pastorale 1943’ in skerpsjoen en mei spanning, lykwols sûnder guodkeape effekten útbylde roman út 'e illegaliteit, ‘De Vuuraanbidders’ in great-konsipiearre historyske roman, suver âlderwetsk fan opset en yntrige, binammen ynteressant om it religieus konflikt om it Calvinisme, lykas de eardere roman ‘Het vijfde zegel’ bûten it eigenlike forhael om dochs ek binammen fan bilang is om Vestdijk syn religieuze bilangstelling, dy't him dêrre rjochtet op 'e Spaenske scholastyk en inquisysje. ‘De redding van Fré Bolderhey’ bitsjut in soarte fan weromkear nei it Meneer Visserstadium, ynsafier dat it hjir ek in puberteitsabnormalens oanbilanget, mar ien dy't bipaelde triedden mei de minsklike realiteit forlern hat. Dit is it eigenaerdige fan it phenomeen Vestdijk: dat it nea op dea spoar rekket, dat it altyd in útwei siket, dat it syn grypearmen útstiket nei alle kanten en binammen nei dy kanten dêr't oars nimmen komt. (oare kear it lêste) |
|