Frysk en frjemd.
Fan de freonskip.
It wie to forwachtsjen, dat net allinne ‘De Tsjerne’ har opmeitsje soe om Fedde Schurer syn jierdei to fieren sa't dat freonen foeget: ek gâns oare blêdden en tydskriften (‘Nieuw Friesland’ en ‘Tijd en Taak’ û.o.) hawwe swart op wyt fan harren wurdearring bliken jown. Mar wy leauwe net dat wy fier mis binne, dat de skriuwer suver it wiiste west hat mei it album amicorum, dat in tweintichtal konfraters gearstald hiene ûnder de namme ‘Middei-jefte’. It boekje waerd op de 25ste July oan de jubilaris oanbean en bifettet bydragen fan: F.J. Bergstra, (prof. dr.) J.H. Brouwer, Gerben Brouwer, Freark Dam, (dr.) B. Dykstra, E.B. Folkertsma, Inne de Jong, J.D. de Jong, (kart Jonkman, Gysbert Koelstra, Jan Piebenga, Y. Poortinga, Sj. van der Schaaf, Marten Sikkema, M.K. Scholten, Sjoerd Spanninga, R.P. Sybesma, D.A. Tamminga, R.W. van Tuinen, Anne Wadman. Last but not least: de kunstner mei drukinkt en (simili-japon) papier, de hear J. Kamminga fan Dokkum, mei hjir net forgetten wurde. De útfiering fan it boekje is wer bard op in wize, dêr't hy allinne yn Fryslân it geheim fan skynt to hawwen. Jehs. Mulders sierde it gehiel op mei in pear vignetten. De oplage is lyts: 100 nûmere eksimplaren. Faeks binne der noch in stikmennich to krijen. Adres: G. Koelstra, Jachthavenstrjitte 3, Snits. Kosten f 7,50.