En dochs is dy earste rigel net alhiel goed. Dat wurdt er earsten, as ‘fan’ foroare wurdt yn ‘út’. Dêr sit hjir de oast, net yn 'e meartalsfoarm, dat in collectiviteitsfoarm is. ‘Der falt in apel út 'e tûken’ is like forantwurde as: ‘Der komt in stimme út de mannichte’, hoewol dy stimme reedlikerwize mar fan ien persoan komme kin. Mar, en nou komme wy wer by ús útgongspunt, dit giet foar Gysbert Japiks syn ‘kolcken’ net op. Dy nimt er net fan in distânsje waer, mar hy sit der sels yn. Der is dus gjin eachsbidroch mooglik. De dichter is op forkeard spoar rekke troch de meartalsfoarm yn 'e oarspronklike tekst; ik haw yn it Maertnûmer oantoand hwat it forskeel is tusken de ‘djipten’ dêrre en de ‘kolcken’ hjirre. It earste is forantwurde, it twadde is falsk.
Foar syn eigen fielen kin de dichter wol fan djipte ta djipte sinke, mar nea fan de iene kûle yn de oare reitsje. Dat makket it byld net oerdiedich, mar ridicúl. Hwant de kolcken binne net lyk as Tamminga syn ‘tûken’ as in collectiviteit to sjen.
Hwat ik oer de ‘tuwzen dolcken’ sei, litte Jo einliks ûnoantaest; de parallel mei ‘kolcken’ kin gjin reden wêze. As men al ien flater makke hat, hoecht der net needsaeklik in twadden oerhinne. Ik lit dat dus wêze.
Jo komme jitris op dy ‘oerdiedigens’ en freegje hwat ik fan in mem sizze soe, dy't har bern net ienfâldich ‘myn leave’ neamt, mar ‘myn popke, myn herterke, myn sobbelapke’ en hwa wit hwat mear. Ja, ik wit noch wol mear. Ik haw op 'e Lemmer wolris in mem heard dy't út ‘oerdiedigens’ har bern ‘myn lyts fordommelinkje’ neamde, en yn Amsterdam ien dy't har leafde utering joech yn ‘lekker choléralijertje’. Ik wol der neat fan sizze as dit, dat ik in mem neffens oare noarmen bioardielje as in dichter, en dat ik earsten bis wier meitsje soe as dizze memmen der op stienen har eksklamaesjes foar pûre poëzij ‘sûnder wryt of slyt’ út to jaen.
Dan dy lêste rigele: ‘Graey ik to Dy om heag’. Jo neame dy sa prachtich, omdat er Jo de foarstelling jowt fan immen dy't mei de earmen om him hinne slacht om to gripen hwat er mar rikke kin.
As oan dit wurd dizze foarstelling al forboun wie, dan soe ik it wis net prachtich fine, omdat neffens de foargeande rigel dizze manipulaesjes net útfierd wurde mei de earmen, mar ‘mei each, mei hert, mei hertetrienen’. Dat is net mear nei to kommen. Mar ik leau, Dr. Postma, dat der oan Jins kant in misfetting is oangeande it wurd ‘graeye’, dat Jo yn bitsjutting sahwat lyksette mei it Hollânske ‘graaien’ (grijpen, grabbelen).
‘Graeye’ bitsjut hjir ienfâldich ‘skrieme, gûle’; it is it selde wurd dat Vondel brûkt yn syn ‘Lijkklacht’:
Dan sjocht it út hiel oare eagen. Wier, ik bin gjin Batavus Droogstoppel, dy't gjin hertstocht en gjin oerdiedigens forneare kin, en ik haw ek de earsucht net om dernei to stribjen. Mar it wol my net oan dat wy ússels of de dichtkunst in tsjinst biwize as wy sûnder omtinken bigripen as ‘moai’ en ‘suver’ en ‘prachtich’ hantearje yn forbân mei dingen