De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 263] [p. 263] Freark Dam: Op in motyf fan Rilke foar P. Omslút mei heger hertstocht dou myn skeamel liif. Gjinien hie ea sa'n rêst yn hokker breid har earmen. Frede, folslein. - Gjin koart en sêd ûntfermjen Nei waerme fijânskip fan man en wiif. Foar harren noch de wrok, de wangunst, it fortriet. Forjit hwat wie, lea; sjoch, wy groeije Nei 't eindoel ta, wy rane gear en floeije, - Twa sidder jende toanen, ta in suver liet. Vorige Volgende