De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 262] [p. 262] D.A. Tamminga: Strophen foar myn soan. Flok ús net mei dyn mûle Fynst' aensen in forwyldre tún, Hearst' oer Jeropa's nachtlik pún De kleirop fan de ûle. Moatstû dyn brea ek dope Yn triennen, hâld op dit âld hiem In trouwe nachtweits en biskriem Us grêf net sûnder hope. Swij folle en diel dyn tekken Mei hwa 't forklomje yn wrâld's leed, Mar klaei dy net yn 't narrekleed Fan bylkerich skarlekken. Rin net mei eltse kliber, Skeaneagjend nei hwat ierdske bút. - Giet aenst de reade stoarmbal út Oan Seine, Thames of Tiber, Span om dyn tromme it krip En sjong net mei yn lûde koaren. Myn soan, nim dizze wei, gjin oaren: Oanfurdgje it frjemdlingskip. Vorige Volgende