| |
| |
| |
[Nummer 9]
Fokke Sierksma:
De greatskens fan 'e dichter.
G.N. Visser, ‘Jolm’. Fersen. De Torenlaan, Assen, 1947.
Lang om let hat G.N. Visser bilies jown en op duorjende oantrún - om der mar ôf to wêzen - syn fersen printsje litten yn 'e bondel ‘Jolm’. As 't my net mist, fynt men yn dizze bondel forskate gedichten dy't noch net earder publisearre wiene en dy't dêrom in dûbelde forrassing foarmje. Net dat hja op 'e ien of oare wize in nij elemint yn Visser syn wurk bringe soene. Krekt oarsom: ien fan de meast typyske dingen fan dizze dichter is dat er him hâldt by in eigen sektor fan symbolyk en dizze skriele, toarre symboalen, nettsjinsteande in ienfâldige en soms wifkjende technyk, ta libben bringt troch syn tige persoanlik aksint. Net as in litteraire útdrukkingswize, mar as de klank en it timbre fan in minsklike stimme. Efter en yn de poëtyske foarm heart men immen sprekken, praten soms en dat is foar in great diel it karakteristike fan dizze dichter.
It waerd tiid, dat dizze gedichten bondele waerden. Hwant hoe tige oarspronklik ek, Visser is dêrneist in fortsjintwurdiger fan in generaesje, dy't in taskôger ta sûmbere oertinkingen forliede kin. Mocht it earst like ha as soe Fryslân, as in typysk lân foar in boerekultuer, immún bliuwe foar de nihilistyske formeageringskuer fan Hollân, fan hiel West-europa, al ridlik gau die bliken dat in ynheljen fan 'e kulturele skea nij e skea meibrocht. Yn 'e poëzij fan 'e âlderen koe men twa brânpunten fine dy't de freugde en de hope waerm hâldden: de natûr en it heitelân. Mar gjin ien fan twaën bliek in eigen selsstânnige, ûnôfhinklike wearde to fortsjintwurdigjen: hja hingen ôf fan hwat oars dat natûr en heitelân yn wider forbân bitsjutting joech. Dit tredde elemint, men kin it filosofy of wrâldskôging neame, of religy, yn alle gefallen is it de wissichheit dy't ûntstiet as de minske yn oarspronklik kontakt stiet mei in hwat Marsman neamde ‘bezield verband’. Men soe hjir tsjin ynlizze kinne dat natûr en heitelân togearre of elk op himsels al sa'n soarte fan bisiele forbân fortsjintwurdigje en dus dy tredde greatheit net fanneden hawwe. Mar wy meije it wol foar wis oannimme, dat de minske allinnich dàn minske is as hy diel hat oan siele en geast, dy't him net opgean litte yn natûr en heitelân, mar him derfoaroer en derboppe pleatste. Hy libbet dan net fan 'e natûr nei de natûr, mar fan 'e natûr út nei de geast en werom.
| |
| |
Mar krekt mei dizze wurklikheit fan siel en geast lei it der chaotysk hinne doe't de Fryske litteratuer de Westeuropeeske saed oanboarre. Om by Hollân to bliuwen: in wichtich Frysk dichter as Tamminga soe sûnder de greate Hollânske foarbylden net oan syn dichterlik niveau takomd wêze. Mar mei it parfum fan harren technyske en psychyske forfining moast hy ek de giftige damp fan harren skepsis ynsûgje. Dy twa kin men nou ienris net fan inoar skiede. Miskien hat hy dizze ynfloeden bitelje moatten mei swijen. Yn alle gefallen is it lêste stadium fan syn poëzij in stoïcynske ûnforskilligens tsjinoer in folsleine legens. It is in poëtysk disciplinearre wanhoop. En de biwûndering foar de prachtige discipline fan it sonnet kin ús de bittere ûnforskillichheit net forgoedzje. West-europa ymportearret sonnetten en wanhoop, yndustryën en twivelriedigens. Dit is net allinnich sa mei Tamminga. Anne Wadman syn fersen yllustrearje it noch skerper. Hy hat systematysk bisocht hoefier as men gean kin mei de poëzij to fornielen sûnder har to forneatigjen, en dit experimint wie tige dúdlik in gefolch fan twivelsucht en tomin útsjoch. De natuer is foar him ta koulizen wurden, en it heitelân, Fryslân, earder in needlot as in ideael. Syn wurk is de definitive ynfloed fan Ter Braak syn nihilisme op Fryslân. In tredde fortsjintwurdiger fan de generaesje dêr't ik hjir op doel, de generaesje dy't de kultuer forovere en de hope forlear, is G.N. Visser. As yllustraesje hjir it lêste fers út ‘Jolm’:
Anno 1946
Ek dit oanfurdigje ik, in toar bistean
Iensum, allinne ta de ein to gean.
Ek dit oanfurdigje ik, gjin gloede mear,
O hert, o roos, dy't alle read forlear.
Ek dit oanfurdigje ik, alle hoop forlern
Fryslân jit ienris jong en grien to sjen,
Ek dit oanfurdigje ik, ek dit: de ein,
Froast oer myn fielen, nacht yn it brein.
Mei opsetsin haw ik hjir mei-iens mar it meast desylluzionearre fers út dizze bondel oernaem. Dan wit men mar hoe't de saken lizze, en kin men mei-iens mar dizze dichter au sérieux nimme. Hwant dat Visser in dichter is, stiet nei in fers as ditte sa fêst as in hûs. Nammers hwa, bihalven in dichter, sjocht kâns om in wrâld en in libben yn 8 rigels to administrearjen, hwa oars as in dichter is yn steat om wanhoop sa to bifriezen dat hja yn wurden biwarre wurde kin? Mar bihalven in gedicht
| |
| |
binne dizze rigels ek, en net yn 't lêste plak, it faillissemint fan it Fryske dichterideael fan de jongeren. It bistean is fortoarke, de roazen binne forgien en Fryslân in ylluzy dy't yn elk gefal troch de hurde feitlikheit ta in desylluzy wurden is.
Ik haw bisocht it forbân dúdlik to meitsjen tusken dizze ûntnochtere dichtkunst en de Europeeske beam fan kennisse fan goed en kwea, hwaens fruchten it de Fryske dichters foar iens en altyd ûnmooglik makke ha werom to kearen nei de bleke romantyk út 'e dagen fan Douwe Kalma. Kalma woe Fryslân op syn wize opstjitte yn 'e folkene stream. Mar hy staette in eintsje to heech, ins Blaue hinein. Dizze dichters binne yn 'e kolkjende stream fan de 20ste ieu tolânnekomd en haw we gjin leauwe, sels gjin ylluzy oerhâlden. Uteraerd moat men dan tinke oan in Slauerhoff, yn dit stik fan saken grif in Fries. Mar Slauerhoff gyng lykme allinne foar de hiele kosmos oerstean en op it punt dêr't ûnleauwe en leauwe elkoar reitsje skoep hy in eigen kosmos. Syn forset roun út op revolúsje. Dichters as Wadman en Visser bliuwe oant nou ta almeast stykjen yn it forset. It meast agressive fers út ‘Jolm’ einget wol mei de ivige reis nei it gelok, mar is dochs yn wêzen in protest tsjin de itige oarder, de oarder fan 'e maetskippij. Yntusken is it eigenaerdich genôch om fêst to stellen dat dizze meast agressive winskdream fan Visser ek it iennichste fers yn 'e bondel is dat deun oan it wurk fan Wadman grinzget, de agressor by útstek:
Utflecht.
It libben fan de geast wjukk't my to heech.
Ik gappe by de speech fan de minister;
Picasso haetsje 'k en ik sis planút:
Myn jeugdhelt wie net Kalma, mar Lord Lister.
Triuw my mar by de rôse boerefammen
Dy't ûnbironge libje op it lân.
Hwêrom kin ik net wêse as de fôllen en de lammen
Of as de idioat bifrijd fan syn forstân?
'k Wol froalik libje, leavje as de dieren
Of as de fûgels yn it griene hout,
Dwaen hwat my sinn'get, net de grise hearen
Hwaem 't men de lieding fan de maetskippij bitrout.
In troep dy hiele bringst, moarn sil 'k my net mear waskje
Mar 'k snij my út de linebeam in stôk
En sjongend sil ik hinne kroskje.
Earne, earne leit er wol, de nugget fan it lok.
| |
| |
Dit is ien fan 'e forrifeljende gedichten út dizze bondel. Nei in ynset op syn Greshoffs en Wadmans, dy't Lord Lister boppe Kalma set, en in earlike ôfkear fan Picasso agressyf iepenhertich der útflapt, giet de dichter oer nei de suverste idylle fan boerefammen. It is dúdlik dat dizze dichter lykas alle dichters einliken net wit hwat er wol. Hy wol it paradys weromwinne, mar it nuvere mei it paradys is dat men it net biskriuwe kin omt it dan alwer ierdsk is en ûnfolmakke. Hy forset him tsjin 'e maetskippij en tsjin Picasso, en de boerefammen binne in romantysk forlechje. Mar dan komt it pas. Om syn opstandigens yn in die om to setten, sil er in moart dwaen - in lustmoart lykas Slauerhoff sa'n langst nei hie -, in revolúsje op priemmen sette, of út in museum de Picasso's stelle en oan stikken snije, of op syn minst ien fan syn rôze boerefammen by de rokken pakke? - né, moarn sil er him net rnear waskje. De selsirony fan dy rigel is ûnforbetterlik en de naiveté ek. It lêste protest is de humor fan 'e machtleazens.
Mar faeks is it dochs in gelok dat dit gedicht min of mear op himsels stiet. Neifolgjen fan Jan Greshoff is sûnder mis in aerdige fordivedaesje, mar as 't nypt is Visser fiersto earnstich om him tofreden to stellen mei dizze boarterij fan oerflaktespanningen. En it is net sasear it feit as wol de kwaliteit fan dizze earnst dy't syn gedichten sa'n bilangryk plak yn 'e moderne Fryske litteratuer jowe. De kwaliteiten fan dy earnst binne faeks it bêste to demonstrearjen mei it folgjende fers:
Fryslân is myn libbens sin
Fryslân ein is en bigjin,
Fryslân leit m' oan 't herte
Fryslân is de noarderstjer
Alle nachten winkend wer,
Fryslân is it feilich hûs,
Fan it beamt swierkrunich
Fryslân is de bitterheit,
Is it wurd dat alles seit.
| |
| |
Dit is ien fan de greatste leafdesforklearringen dy't ik yn 'e Fryske litteratuer wit. Hjir is gjin sprake fan romantyk, dizze leafde is needlot. Mar ek yn dit gedicht is in mankelike toan hearber. Dat komt omt der neist Fryslân Europa is, dat mei syn twivelsjucht, syn yndividualisme en syn spleen de dichter oanfretten hat. In dichter is net allinne in Fries, mar ek in yndividu. It lêste fers út 'e bondel, ‘Anno 1946’ soe jin op 'e gedachte bringe kinne dat dizze dichter alles as hopeleas akseptearret en yn neat mear leaut as yn de dream dy't Fryslân hjit. Mar sa leit it lân net presiis. Hwant der is in oar fers, en men kin net folle oars dwaen as it sitearje as einbislút:
Fan dizze mienskip en der is gjin hân
Dy't mei my fûstket, 'k wie to min-karaetsk.
Der wie gjin sit f oar my oan libbens dis.
Haw ea ik it gouden oefte preaun?
Hja stegeren my ôf, mar yn myn siele is bleaun
In fjûr, dêr't ik it slimste net fan siz.
De swiere wyn, it fruchtfleis net foar ús,
Foar ús de skilen en de bittere koarsten.
Mar siz, hoe komme wy melaetsken thús?
Lâns in ing e, tsjustere pas....
dy't jim net oergean doarsten.
Dizze greatskens, de greatskens fan de flokte dichters, is it greatste fan dizze bundel. Hja sil dit dichterskip oanswypkje en de dichter in útsjoch iepenje dat fierder útleit as natuer en heitelân. It gefjocht tusken bloed en geast, Fryslân en Europa is forheftich geande. In forbiten fjochter as Visser moat men sterkte tawinskje, mar net yn 't lêste plak tankber wêze foar syn prestaesjes.
|
|