Frysk en frjemd.
Twa fersebundels
Fuort efterinoar, yn in tiid dat de rige folksromans har al mar oan útwreidet en alle dichters hast yn alle talen swije, komme twa opmerklike fersebundels fan de parse: ‘Sinne op 'e Striesek’, fan D. van Wieren en ‘Jolm’, fan G.N. Visser. De earste útjown bij (alteast to krijen bij - op it titelblêd stiet gjin útjower neamd!) fa. Kamminga to Dokkum; de oare, útkomd yn de ‘Reiddomprige’, bij ‘De Torenlaan’ to Assen.