ûniens binne oer in litteraire saek en men by harren dus net de hearlike ‘wissichheit’ bikomtne kin, dy't de juffer fan K 00 ús sa eptich yn 't ear lústeret? Wylst hy, earmelytse sa graech frede hawwe wol yn syn moed?
Mar aldergeloks binne der menhear Vissers. En dy binne liep. Hwant al doarre hja dan de Goaden net oan en kinne hja sels oan de nei wissichheit smachtsjende klibers gjin útslútsel jaen, en al komme hja net op 'e gedachte dat men it oer Litteratuer like ûniens wêze kin as oer God, Vondel of Stalin, hja kinne dan altyd noch har folk skewiele mei it forrifeljende ynsjoch dat it net fan bilang is. It is net fan bilang, né sterker noch, it is forkeard om yn dizze rampsillige, forskuorde tiid, of, om it jitte moaijer en pathetysker mei de Vissers to sizzen: ‘Mank de trageedzje fan it tsjintwurdich wrâldbarren’ to praten oer litteraire ‘liflafjes en roomsoezen’, lykas it dichterskip fan de Fryske classicus Gysbert Japiks. It is skande dat yn dizze rampsillige ensfh. tiid de Goaden en de ‘dichters, d.w.s. de roppenen en de útforkarden, hwaens geasten djipper en fûler oantaest wurde troch de binearjende krêften dy't it minskdom tramtearje as fan hwa ek’, dat dy forhevelingen, dêr't men fan skrilje soe as der biweard waerd dat hja der in spiisfortarring en in stôfwikseling op nei-hâlde, har himelske geasten oer soksoarte futiliteiten fan Hollânske tea partys delbûgden. Hja moatte up to date bliuwe, en dan is in ‘stevige âlderwetske stampot’ of in atoombom of in iizderen gerdyn al it minste dêr't hja har grime (geastlike) tosiken ynsette kinne.
En wy fiele allegear wol, dat fan diskant út de wrâld en syn forskuorrende tragyk oanpakt wurde moat. Dêrom: fan moarn ôf oan wolle de burdskrabers en hiersnijers fan dizze wrâld net mear prate oer it waer en de mets fan Snein, de Vissers net mear oer in lekke wetterliedingbuis en de mets fan Snein, de boeren net mear oer it haeijerswaer en de mets fan Snein, de winkellju net mear oer de bonne-opplakfellen en de mets fan Snein. de hannelsreizigers net mear oer de minne devizen en de mets fan Snein. Dan kinne de dichters net efterbliuwe. Hja saeije fan 'e Sjongberch del, eamelje net langer oer de barok fan Gysbert-om en de mets fan Snein, mar slute har oan. En yn in ienriedige kloft, dêr't nimmen it mei in oar ûniens is, folgje hja de nije profeet en suchtsje en stinne wanmoedich en útinoarroppe oer de oerflakkichheit fan dizze tiid en de mislearre metsen tusken Truman en Stalin, en maneuvelje mei profetegebeartens tsjin de ûndergeande sinne fan it Westen en meitsje al suchtsjende en stinnende ûnder it motto fan Piter Jelles syn ‘stevige âlderwetske stampot’ fan de ierde in Himel.
En lit ús dan binammen net forjitte forkiezingen út to skriuwen en de lju ynskerpje dat hja allegear yn litteraire ienriedichheit har stim jowe oan 'e nijste Profeet, B. Visser, nûmer I fan de Ienriedichheitspartij foar Wrâldomsmiten en Aldbakken Skerpsinnichheit.
A.W.