De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 252]
| |
Op it harspit.
| |
[pagina 253]
| |
heit hat syn earm om him hinne slein en dy earm mei de hân, mear as libbensgreat, bihearsket it skilderij. Rembrandt sil dêr by tocht hawwe oan God, dy't de sûndige minske wer nei him nimt. In pear manlju nou hawwe dat skilderij ophongen en sille wer foartgean. Mar foar dat hja ta de doar útgean, keart ien fan dy manlju him om en falt foar it skilderij op de knibbels om to bidden. De barok hie dy man net forhindere om út it skilderij to nimmen hwat foar alle tiden is. Sokken macht hat Gysbert net. Nou it earste fers fan dy psalm:
Uwt gruwn'leas' djieppe kolcken,
Dear eangst' till't 't hyer oereyn,
Dear schrick, mey tuwzen dolcken,
Grijm-grouw'let fier in heyn,
Mey suwne-molne-stienen
Belestge', O HEER', mey eag,
Mey hert, mey herte-trienen
Graey ick to Dy om heag.
De krityk fan Schurer hjirop is hwat lyts. Foaral hwat er seit oer dy ‘molnestienen’. Hy seit: ‘Hwer hat de dichter dy? Op 'e rêch, om 'e hals, ûnder 'e earm? It wurdt net dúdlik. Boppedat, it binne gjin gewoane mounlestiennen. It binne ‘suwne-molne-stienen’. Men kin ek sizze ‘sabeare mounlestiennen’, hwant troch dy tafoeging ‘suwne’ hat it wurd ‘molnestienen’ syn bisjutting forlern’. Mar moatte wy nou dy molestiennen presys foar ús sjen? It binne doch gjin echte stiennen, ek gjin ‘sabeare’, mar tinkbyldige. Hja suggerearje ús hwat tige swiers; dêrom is it allinne to dwaen: de dichter lijt er ûnder, biswykt hast; ûnder de earm hat er se dus grif net. De dichter hat se sa bineamd omt er wit dat de sûnde de minske like folle deldrukke kin as in lêst fan swiere stiennen dy't him op 'e rêch lein is. De útdrukking suwne' molnestienen of molestiennen fan de sûnde is dan by my ek net in ‘ûnoannimlik cliché’, mar in goed en dúdlik byld. Fierder komt de krityk fan Schurer foaral del op de oerdiedigens fan Gysbert: ‘Hwat krêft liket is neat as swakkens’. Sa soe ik it net sizze. It is de hertstocht dy't net sa krekt ôfweaget hwat er seit: Gysbert is in hertstochtelik minske. En yn de tiid fan de barokkunst, hwant dêr hoege wy net oer to swijen, lit dy hertstocht him mear gean as wol yn oare tiden. ‘Uwt gruwn'leas' djieppe kolcken’ stiet der; mar men kin mar yn ien kolk tagelyk lizze, seit Schurer. Ja, fansels; mar ik hâld it hjir dochs mei de pluralis; de singularis soe my hjir to skrael wêze. En nou tink ik oan in opmerking dy't ik ris tsjin Tamminga makke haw; hy hie yn in dicht in apel dy't fan 'e tûken foel en ik sei doe: in apel kin mar fan ien tûke falle. Hy hat der letter ‘fan in twiich’ fan makke. Mar ik leau nou dat it earste dochs better wie: men moat yn soks net al to petiterich wêze. Mei dy kolken wurde it fansels ek dolken en faeks ek stiennen. | |
[pagina 254]
| |
Ja, dy oerdiedigens! Hwat soe Schurer fan in mem sizze, dy't har bern mar net ienfâldich ‘myn leave’ neamt, mar ‘myn popke, myn herterke, myn sobbelapke’ en hwa wit hwat mear. Miskien komt it natuerlike ‘myn leave’ der net iens by. En is dy lêste rigele fan it fers net prachtich? De sûndige minske is op it punt yn 'e djipte wei to sinken; nou slacht er mei de earmen om to gripen hwat er mar rikke kin: hy groeit nei God omheech! Ut ien en oar moat net ôflaet wurde, dat ik psalm 130 nou krekt de allermoaiste fan Gysberts psalmen neame wol. Der is b.g. in moaijer en dy't bigjint mei:
‘Stea by, behâd', 't iz oertijd, ljeave HEERE!
't Klien' heapsen fromme ljue wirt lijts in tin,
De guwt klieut, deugd duwckt, fuwl hiet schien, schann' eere,
Dy trouwe' oprjuechte' iz, onder tuwsen nin’.
Ek al wer ‘oerdiedich’; mar hwat dochs in wurdepracht yn dy hele psalm 12! O. POSTMA. |
|