Krityk yn 't koart.
In minske is gjin jirpel
‘Sa't it lân opjowt. In bondel novellen.’ Nr. 11 Kristl. Fryske Folksbibl. Brandenburgh & Co., Snits 1946, f 3,75.
Ta de molkenflutbrij fan Fryske folksforhaeltsjes komt net in snúfke sâlt om de smaek to aksentuearjen. It is flauwe, larderige kost. Der is safolle wetter by de molke dien, dat it fochte blaugoar sjocht fan surrogatigens. Inkelde kerlen Fryske noat fan jierren her binne der ynrûgele, ek piele hja graech mei kliemsk jirpelmoal. De brij moat stil op it fjûr stean to nôgjen, hoe minder wurk, hoe better, tuike-tuike oan! Mar by it optsjinjen oer 'e miette sûker deryn, de swiette moat alles oerhelje.
De iters meije forsjitte yn de mjitskens, it is mar boerefolk, dat altyd ite kin, omt it altyd wurch is en dus altyd slûch. Hja hoege der net by to tinken, it yt maklikernôch: hwat leppelje mei de roune leppel en it lêste út it board sloarpje of tûmkje. Dan krôkjende neigenietsje; muoilik wurde en in oerdiedich trientsje skrieme, knikkebolje as it oer de heechste Wierheit giet en wolfoldien glimkje om it happy end.
Sa spekulearje de skriuwers op 'e gemaksucht fan in folk om skyn foar wêzen to nimmen. Respekt hawwe hja net folle foar dat folk, al binne hja harren dêr net fan biwust. Party fan harren koekebakke raer mei minskemateriael om, krekt as ha hja mei harlekinen fan dwaen. Lûk oan it toutsje, sjoch hoe 't se hippe en stuitsje. Dat doch ìk, folksskriuwer, nou, hwant ik haw oan it toutsje tept. Hja bringe houten minsken op in skurf ferveleas toaniel ta in stive, bispotlike fortoaning sûnder sfear en sûnder dekoraesje. De romantyske suertsje-kleuren, dêr't de poppen mei opferve binne, litte daliks ôf en meitsje sadwaende it gehiel betwixt and between, fleis noch fisk.
Sa sjogge wy bigreatlike bryk forwoechsene folksfeguren, de iene skean nei de sinne groeid en ornearre om oanienwei jûchei to roppen, de oare moat krûmdûknekkich nei de reiden stoarje en der is gjin útkomst, - in trêdde sit mei de holle efteroer nei de moanne teard to jammer jen út bigreatsjen mei himsels en bilasteret wylst syn eigen folk, repos ailleurs!
Allegearre binne it stive, ûnbiweechlike stallen, bleek, a-vitael, nuver, glêd fan gedaente, skynhillich en wémoedich, en tsjinje hja mei ynmoed it melo-melodrama. Mar in s.n. folksskriuwer nimt dat net sa krekt. Hy wol skriuwe; skeppe neamt er syn wurk faeks mei falsk flair. Snobisme nei de litteratuer?
Hokfoar sin hat eins dizze folksskriuwerij, en binammen de Kristlike? It folk oan it Frysk lêzen krije? Dêr kin in krante goedernôch ta tsjinje. Foar de Kristen-folksskriuwers in middel om it evangeelje to