De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 248] [p. 248] Inne de Jong: Kwatrinen fan Omar Khayyam XXXVI Skink yn, myn faem, hwat jowt it ivich kleijen, Dat tiid en lot ús nei de ein ta jeije? Unberne moarn en deade dei fan juster, Forjit se, as wy hjoed mar sjonge meije. XXXVII Ien amerij birûzing yn to gean, Ien amerij it libben djip forstean -, De stjerren dôvje al, Dea syn karavaen Stiet ré, o wifkje net, it wurdt dy bean. XXXVIII Hoe lang mei moedeleas geredendiel En id'le langst bidjerre libben's miel? En hwerom jagest drôf nei bitt're frucht? Wês fleurich mei de drúf, dat is dyn diel. XXXIX Hwer't nou myn hûs en hert sa fol fan binne, Jimm' witt' it, ik wol in nij boask bigjinne: It kâld forstân haw ik myn bêd útballe En Wynstok's dochter naem ik ta freondinne. XL De drúf, dy't mei in ûntsjinstriidb're rede De twa en sawntich secten twingt ta frede, Bitûfte alchimist, kin ien, twa, trije, It lead fan 't libben ta baer goud omsmeije. [pagina 249] [p. 249] XLI En as it warleas hert bisingele wurdt, Slacht hy, de kening mei 't bitsjoende swurd, De swarte soargen del, dy't ús bispringe, En driuwt har binde as de wjerljocht fuort. XLII Kom dan, myn fanke, lit de moed net sinke, Salang de roazen bloeije, lit ús skinke, En komt de Ingel mei syn dûnkre drank, O, skrik dan net, mar wol dy swijend drinke. XLIII Jow my de drúf, as amme en ljocht fordwine, Waskje my, as 't foarby is en forline, Lit 't lichem yn in klaed fan wynleaf wine En yn in bloeijend hôf syn wente fine. XLIV Mei' dan út roazen, bloeijend út myn stof, Wolkens fan swietrook waeije troch it hôf, Dat fan in dichter, dy't myn grêf lâns giet, Hookstrooks it hert opspringt yn tank en lof. XLV As ienris siel har lichte wjukken hevet, En frij fan 't stof yn Himels moarntiid swevet, Is it dan frjemd, dat hja yn dizze steat, Yn 't ierdske klaed, fan langst en skamte bevet? Vorige Volgende