De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 185]
| |
Joseph Martray:
| |
[pagina 186]
| |
fan de lânnen fan de Franken ûnderskaette troch tael, biskaving en wetten. Oan 'e midden fan de sechstjinde ieu ta slagge it Bretagne him to hanthavenjen troch de heitelânsleafde, de moed en de bikwaemheit fan syn hartoggen, yn folsleine ûnôfhinklikens, nettsjinsteande de ûntwikkeling fan syn machtige buorlju, Ingelân en Frankryk. De Uny fan 1532, dy't net sûnder gewelt ta stân kaem, naem sels foar de Provinsje Bretagne in greate autonomy yn acht dy't it essentiële fan syn wetten en syn frijheden biwarre. De departementale nivellearring en binammen de diktatuer fan Napoleon wiene der ta nedich om de namme Bretagne fan de kaert fan Frankryk to feijen en ús lân, fordield oer fiif departeminten, to birôvjen fan rjochten, dy't út syn âld partikularisme fuortkamen. Mar de herten en de geasten harkje net altyd nei it gewelt. Yn de rin fan de 19e ieu, dy't yn hiel Europa de lytse nationaliteiten wekker wurden seach, fortoande de Bretonske heitelânsleafde him earst op it kulturele plan troch in oannimmend enthousiasme fan de hegerein foar de âlde Keltyske tael, dy't troch de oerheden forhúnd waerd. It duorre net lang of der kamen ekonomyske, administrative en politike doelen by. Yn 1898 stiften mannen as A. Le Bran, Ch. Le Goffie, R. de l'Estourbeillon de ‘Union Regionaliste Bretonne’ en easken, binnen de omfieming fan Frankryk, de erkenning fan de minimum-rjochten fan Bretagne. Parys harke net nei harren. De oarloch fan 1914, dêr't gâns Bretons yn foelen foar de frijwurding fan de folken, brocht in foroaring yn de geasten. In great petitionnement waerd oan de Fredeskonferinsje oanbean om to freegjen dat Bretagne rjocht dien wurde soe; alle Bretonske biskoppen hiene it tekene, lykas keamerleden fan alle partijen, en sels maerskalk Foch, great freon fan ús lân, dêr't er troch famyljerelaesje oan forboun wie. Dit petitionnement wjerfoer itselde lot as de eardere. It hoecht dan ek gjin nij to dwaen dat sûnt dy tiid jonge studinten bigounen to tinken dat allinne in radikael en extremistysk separatisme yn steat wêze soe om Bretagne syn rjochten werom to jaen. Dat wie de sin fan de stifting fan ‘Breiz atas’ troch F. Debauvais en O. Mordrel, dy't in greate ynfloed krige. Yn 1932, doe't it mysterieuze geheime forboun ‘Gwen Ha Du’Ga naar eind2) to Rennes it monumint yn de loft fleane liet, dat op lompe wize de ienwurding fan Bretagne en Frankryk forhearlike, ûntdiek men yn de rounten fan it officium mei stomme forwûndering, dat sa'n died yn Bretagne sels neat oars as meistimming ûnderfoun. It officium hat it nea oandoarst it monumint wer op to rjocht- | |
[pagina 187]
| |
sjen, dêr't it plak noch altyd leech fan is: hja wisten dat it it gjin wike úthâlden hie.... Lykwols jowt it jier 1939 foar de Bretonske biweging it bigjin oan fan in krisis dêr't wy yn alle frijmoedichheit oer prate moatte. De beide lieders fan Breiz atas forlieten Bretagne op it momint fan de oarlochsforklearring en it falt net to bitwiveljen dat hja de ûnôfhinklikens bisochten to krijen troch gebrûk to meitsjen fan de dútske oerwinning fan Juny 1940: it oergreate meartal fan de Bretonske striders wegere harren op dy wei to folgjen; skraechwurk weromkommen waerden earst Debauvais, letter Mordrel útskeakele út de lieding fan de Nationale Bretonske Partij en forfongen troch in man hwaens ûnôfhinklikheit foar de Dútskers oer bikend wie: Raymond Delaporte. Mei him woun de P.N.B. tige oan, nettsjinsteande de hyltyd dúdliker útsprutsen fijânskip fan de Dútskers; forskate lieders waerden deportearre, fusillearre, of foelen yn de striid tsjin de nazi's. Dy hâlding lette de Frânske autoriteiten net om by de bifrijing de Nationale Bretonske partij willemoeds to forwikseljen mei de organisaesjes dy't oprjochte wiene troch de folgelingen fan Debauvais en Mordrel, binammen mei de ‘Formaesje Perrot’. In skandelike ûnderdrukking trof elk dy't Breton wie sûnder in inkeld ûnderskied. De ‘suvering’ joech de iepenbiere macht frij de biweging to desimearjen, syn lieders yn it tichthús to setten of har to forbâljen. It is hjir net it plak om hjir op oan to stean: lit ús dit lykwols ophelje, dat in delegaesje fan intellectuelen en juristen út Wales, dy't forline jier yn Bretagne kamen, yn in sensationeel rapport dúdlik constatearre hat ‘dat de Frânske regearing har fan de aksje fan inkelde minmachtige extremisten, dy't yndied collaborearre hawwe mei de Dútskers, bitsjinne hat as forlechje om to bisykjen de Bretonske biweging as gehiel yn diskredyt to bringen en om minsken to forfolgjen dy't dat yn gjin inkeld opsicht fortsjinne hiene.’Ga naar eind3) Hjoed de dei reorganisearret de biweging har en wurdt hwat langer hwat gunstiger ûntfongen, binammen ûnder de jongerein. Hwat binne har easken? *
Hja binne dúdlikernôch fan kulturele aerd, omdat de tael fan ús lân hyltyd noch, yn striid mei it folkerjocht en de minskerjochten, forbean is by de forskate ûnderwiis-ynrjochtingen. Wy sitte dus yn it demokratyske Frankryk únder itselde regym, dêr't de diktator Franco him fan bitsjinnet om yn Biskaeije elk oerbliuwsel fan de Baskyske tael to ûnderdrukken. Is it net, | |
[pagina 188]
| |
yn it iene gefal like goed as yn it oare, in selde foarbyld fan dy misdied fan ‘folkemoard’, dêr't de U.N.O. op it stuit de omskriuwing fan ûnder hânnen hat?
Mar ús easken binne ek fan ekonomyske aerd. Nimmen ûntstriidt dat Bretagne, mei safolle mûglikheden op it stik fan lânbou, industry, séfeart en tourisme al syn bilangen fortutearze en bistriden sjocht troch de fijannichheit of de ûnforskillichheit fan de sintrale macht. Wy neame mar ien foarbyld, alhoewol't der folle mear binne. Bretagne is ien fan dy lânnen fan Europa dêr't tige goed exploitearbere izerlagen yn 'e groun sitte; men jowt rounom ta, dat dit erts in wearde hat dy't to forlykjen is mei de bêste Lotharingske en Sweedske ertsen en dat de foarrieden fan it Armorikaenske bekken like omfangryk binne as dy fan it bekken fan Briey. Under de Dútske bisetting hiene de bidriuwen fan Thyssen der oars wol bilangstelling foar! Dat nimt net wei dat dat izer net exploitearre wurdt; de consessy's binne opkoft troch it ‘Comité des Forges’ dy't se ‘yn reserve hâldt’. De iennichste iepen minen, dy fan it bekken fan Chateaubriand, hearre oan in Bretonske kombinaesje; dat is net samar tafal. Wy geane der net fierder op yn, om dit artikel net to swier to meitsjen. Lit ús allinne noch in pear karakteristike sifers nei foaren bringe. Men fynt yn Súd-Frankryk ien km spoarbaen op 365 ynwenners, yn it Bretonske departemint Finisterre ien km op 2.500 ynwenners; 70-100% fan de gemeenten fan Súd-Frankryk profitearje fan wetterlieding, wylst yn Bretagne de forhâlding op en del giet tusken de 24% en 8%. Deselde forskelen fynt men by de electrifikaesje, de kanalen, de ûntwikkeling fan de havens ensfh. Dochs is Bretagne ien fan de tichtst bifolke lânnen, en bitellet it mei de measte bilêsting, oft dat nou yn jild is of yn bloed.Ga naar eind4)
Hwerom sil men sa'n steat fan saken yn stân hâlde? Wy biweare net, lykas somlike extremisten, dat it goed is Bretagne fan Frankryk los to meitsjen, wy biweare inkeld dat it pas jowt om Bretagne, binnen it forbân fan Frankryk, de politike en amtlike middels to jaen om syn saken sels to birêdden en syn bilangen sels to fordigenjen. It is nedich dat Bretagne troch it Frânske regear as realiteit erkend wurdt; dat it de biskikking kriget oer in keazen fortsjintwurdigjend lichem mei de opdracht syn kultureel, ekonomysk en soasiael libben to organisearjen en oer in troch dat lichem | |
[pagina 189]
| |
bineamd biwâldsorgaen; dat alles hwat syn eigen bistean oangiet allinne ûnder syn foech falt en dat 't it bihear kriget oer de ynkomsten fan Bretagne, binammen oer de bilêstingen. Sûnder mis in komplisearre omfoarming, hwant hja soarget der likegoed foar om yn internationale, militaire en algemiene oangelegenheden de rjochten fan de sintrale steat feilich to stellen; mar dochs in omfoarming dy't yn Europa net sûnder precedint is; hwant hiene de Catalanen en de Basken yn 1936 yn it kader fan de Spaenske Republyk net de bisûndere federale status krigen dy't wy easkje? *
Hwant it Bretonske probleem stiet net op himsels. Wy hawwe it al hawn oer de Welshmen, mar safolle oare Europeeske folken fordigenje op it stuit har emansipaesje. Dêrom binne wy bliid, profitearje to kinnen fan de ús jowne gelegenheit om ús hertlike bruorregroetenis to bringen oan ús Fryske freonen. Wy hawwe yn Bretagne mei oandwaning de artikels lêzen, dy't mei safolle bigryp yn jim parse publisearre waerden op in bûtengewoan muoilik momint fan ús striid. Dat sille wy net forjitte en it soe ús tige oanstean dat der inge bânnen tusken ús beide folken ûntstiene, lykas der nou al bisteane en mear en mear bistean sille tusken de forskate keltyske folken. As it ús hjir tastien is, woene wy bislute mei in útstel. Yn ús wrâld fan 1948 sille de lytse folken gjin tel wêze as hja de kâns net sjogge om earst de oandacht to lûken. Der binne ‘Internationales’ stifte fan alle soarten; hwerom soene wy net in freedsum forboun organisearje dêr't de folken dy't men minderheden neamt inoar moetsje koene? De ûnderfining fan de iene soe de oare to'n goede komme en de foriening koe ús saek inkeld goed dwaen. Wy soene der hiel wol hwat yn sjen dat de folken oan beide kanten fan it izeren gerdyn har sa organisearren en dat Friezen, Bretons, Skotten, Basken en Welshmen op dit gebiet oparbeiden mei de Kroaten of de Slovaken. De saek fan de frijmakking fan de folken koe der inkeld by winne; en de saek fan de Frede ek faeks. |
|