De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 190]
| |
Nije Bretonske lektuerRoparz Hemon, ‘La Langue Bretonne et ses Combats’, Ed. de Bretagne, La Baule, 1947. De Fryske mentaliteit fan ‘Dat moatte wy hjìr ek ha’ biwiist soms in hwat al to oerflakkich optimisme oangeande de kulturele mooglikheden fan it Fryske folk. Lykwols, de trije Bretonske publikaesjes (yn it Frânsk skreaun), dêr't wy hjir omtinken foar freegje, jildt it by útstek foar dat wy se yn Fryslân misse. Wy kinne net op al dizze trije dingen wiidweidich yngean, al hat men der oanstriid ta. It moat dus koart om 'e hoeke. Prof. Hemon (âld-heechlearer to Rennes, tsjintwurdich oan 'e Universiteit fan Dublin) hat yn syn boek in dúdlik oersjoch jown fan in ieumannich Bretonske taelstriid en fan de problematyk dy't oan Bretagne en syn tael en litteratuer fêstsit. En by it lêzen fan dit net djipgeand, mar modern-wittenskiplik forantwurde en uterst oersichtlik boek, wurdt men oan ien tried wei twongen ta de parallel mei de Fryske tael- en litteratuerstriid. Binammen as Prof. Hemon de Bretonske litteratuer sels biskriuwt komt ús iderkear wer de Fryske litteratuerproblematyk yn 't sin: de swierrichheit om ôfsetgebiet to finen foar it goede boek, de swiere striid fan de tydskriften dy't stribje nei niveau. It wichtichste fan dizze tydskriften, ‘Gwalarn’ hat it hast 20 jier úthâlden. Hemon sels wie redakteur en ta de meiwurkers bihearden figuren as Abeozen, Youenn Drezen, Jakez Riou, Langleiz, Meavenn Glanndour etc. Yn dit tydskrift hat him de striid ôfspile tsjin de guodkeape folkslektuer, de striid om heger niveau, om to kommen, lyk as Hemon seit, ta in litteratuer ‘fan foroveringen op gebieten dy't oant doe ta foar de Bretonske tael ôfsletten wiene’. Neist dit tydskrift hie de roman in swiere sile. Hemon neamt dan ek yn de 20ste ieu mar twa romans fan wearde: ‘Bilzig’ fan F. al Lae (in ‘skildereftich forhael oer in jonkheit’) en ‘Itron Varia Garmez’ (‘Us Leaffrouwe fan Carmez’) fan Youenn Drezen, in ‘kleurige skildering fan de seden yn in lyts stedtsje’, koartlyn yn it Frânsk oerset ûnder de | |
[pagina 191]
| |
titel ‘Notre-Dame Bigoudenne’Ga naar eind1). Hiel oars stiet it mei it toaniel. Allinne al de (net folsleine) list fan wurken efter yn it boek lit ús in opmerklik forskil sjen: tsjinoer 14 romans net minder as 192 toanielstikken: de oerienkomst mei it Fryske folkstoaniel is treffend! Bihalven de litteratuer-problemen krije ek taelkwesjes yn dit boek rom har gerak. Net it minst wurdt oandacht jown oan de Bretonske taelstriders út 'e foarrige ieu, oan de eigenaerdichheden fan it Bretonsk, oan de striid tsjin de Frânske ynslûpsels, oan de litteraire opbou fan de tael en oan 'e ein, ek fan tige bilang foar Fryslân, de ûnderwiismethoaden en -mooglikheden. Joseph Martray, ‘Le Problème Breton et la Réforme de la France’, Ed. de Bretagne, La Baule. Nimmen dy't him ynlit mei de problemen fan regionalisme, federalisme en desintralisaesje, kin dit wichtige boek fan de Bretonske politicus en journalist Martray oerslaen. Net allinnich dat it oerfloedich feitemateriael jowt, oersichtlik oardere, oangeande de Frânske ynterne problematyk, polityk, kultureel en ekonomysk, mar ek jowt it gâns oanwizingen foar in oplossing fan dizze swierrichheden dêr't it nei-oarlochske Frankryk mei tangele sit. Sa b.g. in úttreksel út it wetsfoarstel oangeande administrative desintralisaesje fan de ôffurdige Hennesy (1915!) (s. 175-198). Teffens in kostbere bibliografy (s. 205-219). Martray heart net ta de separatisten. Hy giet út fan it mienskiplik lot fan Bretagne en Frankryk: ‘It is op groun fan it nasjonael bilang, dat wy in desintralisearjende herfoarming easkje, mar wy meije mei alle klam wize op 'e lokkige lotsforbounens yn dat stik fan it Bretonsk en it Frânske bilang.’ ‘Dizze wichtige herfoarming foarmet de earste eask fan de Frânske weropbloei, mar forûnderstelt in omskeakeling fan ús gewoanten en idéen.’ ‘Elke regio bisit yn wierheit syn gewoanten, syn bihoeften, syn wize fan libjen en arbeidzjen: der is in nuvere forblining nedich om dit evidente feit net sjen to kinnen, of it moast to forklearjen wêze út in faeije loaijens of in brek oan forbyldingskrêft. Frankryk sil syn dingen allinne ta nij libben bringe kinne as it syn wetjowing op demokratyske wize oanpast oan de lokale realiteiten en sa libben jowt oan dy ‘basis-republiken’, gemeenten en regio's, dy't nou alle selswurksumheit en alle initiatyf ûntnaem is.’ It is net dwaenlik en bisprek yn koart bistek de hiele ynhâld fan dit drege boek, wy dogge dus mar in taest hjir en dêr. Hst. I (‘A l' école de l' histoire’) giet de historyske forhâldingen tusken Bretagne en Frankryk nei fan 'e Midsieuwen oant nei de twade wrâldoarloch, en bisprekt wiidweidich de gong fan saken nei de Frânske revolúsje. Hst. | |
[pagina 192]
| |
II (‘Bretagne, Pays Riche’) jowt in mei sifermateriael yllustrearre oersjoch fan de ekonomyske rykdommen en mooglikheden fan it lân. Hst. III (‘Aux prises avec la Centralisation’) biskriuwt saeklik en klear de feitlike forhâldingen en swierrichheden tusken Bretagne en Parys, binammen op ekonomysk gebiet. Hst. IV (‘La réforme administrative’) formulearret de easken fan de Bretonske biweging en jowt oanwizingen ta de herfoarming dy't Bretagne forwachtet, wylst de ‘Conclusion’ in byld jowt fan de takomst dy't der lâns dizze wei wankt foar Bretagne en syn takomstige haedstêd Nantes, in stêd ‘tagelyk Bretonsk, Frânsk en ynternasjonael’. It is in sympathyk boek, learsum en oertsjûgjend om syn feitemateriael, earlik en weardich om syn toan. Martray hat sûnder rankunegefoelens lucht to jaen, de finger lein op inkelde seare plakken yn it Frânske steatsbistel. En dat net allinnich: hy hat ek bisocht de wegen oan to jaen foar in oplossing dy't ek foar oare lannen as Frankryk fan net to neamen bilang wêze kin. Hwant yn wêzen komt syn boek del op it Jeropeeske probleem en fordigenet it inkelde Westjeropeeske kultuerwearden dy't nimmen straffeleas fortutearzje litte kin. A.W. ‘Le Peuple Breton. Mensuel’. Dit moanneskrift forfollet sa likernôch de rol fan de ‘Stiennen Man’, mei dit forskil dat it greater is, mear forskaet biedt, mear oandacht jowt oan algemien-Jeropeeske politike problemen, en ek, omt it yn it Frânsk skreaun is, mear kânsen op ôfsetgebiet hat. It blêd hat gâns meiwurkers, is deeglik fan opset, mar byneed net bang fan skrille kleuren en wit faek in toan to treffen dy't ek op bûtensteanders yndruk makket. Ek dizze publikaesje kin foar de Fryske biweging fan tige bilang wêze. Troch in ôfspraek mei de redakteur-útjower kin de Redaksje-skriuwer fan ‘De Tsjerne’ foar abonneminten soargje. De opbringst hjirfan wurdt as 't mooglik is. in fûns fan foarme dêr't Bretonske foarmannen in reis foar nei Fryslân meitsje kinne. De abonnemintspriis is frs. 300 yn 't healjier (sa likernoch f 7,50). |
|