De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 181]
| |
Jakez Riou †:
| |
[pagina 182]
| |
- Alve hûndert, seit er, as er weromkomt. - Hûndert der by! - Doch der hwat ôf.... troch de helte! - Ik ha thús fretten genôch foar him. Keapman strykt mei de hân tsjin 't hier yn oer de rêch fan it bist. - Lit him tritich pas drave, seit er. De foalle docht it skoan, rjocht en linich. - Dou bliuwst derby? - Ja. - Omskik is 't net. Mar ik moat fierder. Lok! De rjochterhannen klappe yn elkoar, twa kear. De keap is sletten. - Set him fêst en kom mei om in slok, en ôfrekkenje. Yann seach de briefkes foar syn eagen forskinen, ien foar ien iepenteard. Doe't er: tolve teld hie, foel him in stien fan 't moed. Hy hie syn foalle foar tûzen franc kwyt wold, hie 't moatten. Yann ar C'Hernéis reizge ôf. Syn hert bounze swierder as oars en lykop mei syn hert bounze de priis fan de skoandere keap. In nij tsjil foar de wein, in ploechiisder foar syn ploege. De jountiid wie lij. De maitydsrook, fan de wyn gearfandele op syn reis de fjilden oer, dreau yn lichte twirren troch it stedtsje. De sinne ljochte net mear op 'e strjitten: syn gloede waerd opheind fan de steile hichte fan it Slot. De strielen boarren har troch it beamte op 'e hichte hinne; de blêdden, fan ljocht trochseve, liken goudene fûgels. It laeistien fan it âlde klif forsûmbere. De trein fan 4 ûre dindere floitsjend oer it viadukt fan Kerlobret. De reauwen dy't fan 'e merk kamen glieden tusken de ûntblêdde platanen troch dat op nei Sant-Kouli en nei Meilhvern. It skaed fan 'e jountiid spoun de bosk fan Bann-Nin alhiel yn, en de sakjende sinne forheldere op 'e tsjinoerlizzende hichte it goud fan de bremerheide en it fjûr fan it heidekrûd. Hokker tins griep Yann ar C'Hernéis oan? Hokker waensinnich idé skúnde him yn om stilstean to bliuwen op 'e brêge fan Kastellin? Hokker fijannich needlot naem him by de hân en liet him de bankbriefkes to foarskyn helje en se útelkoar teare op 'e brêgeleuning? Amper hied er se útteld, of der kaem in wynpûst dy't se de stream ynjage. Yn 'e lichte baltte de slûs.... Sûnder him to bikroadzjen om hynstepoaten, kouwehoarnen, weintsjillen skeat Yann de brêge oer, en brocht it forkear op | |
[pagina 183]
| |
syn wei yn dusoarder. Yn it trelit bisocht in man him mei in krûme stôk fêst to heakjen. Yann slingere him tsjin de stiennen muorre oan. .... As waerd er oangrypt fan in ûnforhoedske ramp, sa rekte Yann him út by de muorre fan de stream lâns. Syn jild wie oer de slûs hinne fladdere, en syn forstân der efter oan. Underoan 'e slûs buorle it wetter forheftich en brûze it skûm oer de rotsblokken, - fierderop streamde it wetter kalm fuort en naem de trochweakke, toroppe en weardeleaze papieren mei nei de oaseaen tichtbij. Yann ar C'Hernéis bleau gapjend by it wetter stean. Doe't er seach hoe't it folk efter him gearklofte, bisette de skamte him. Hy trille op syn skonken; syn lichum bûgde dat nei syn wensté oer.... Hy joech him ôf it jaechpaed fan 'e rivier lâns, út tsjinnichheit om de greate wegen to nimmen. It wetter wie grien en djip. Gjin sigentsje brocht der fâlden yn. It skaed fan espen en popels lei ûnforwege. Wite wolkens glieden djip troch it wetter hinne. Rjochts op 'e strjitwei dindere en davere in swiere wein mei in beamstamme oan syn as ophongen de stiennen oer. De rydtugen dy't fan 'e merk kamen setten yn draf op hûs yn. Der komt in reau foarby, licht en rêd, mei in foalle der efter oan boun. Men heart neat as it tikjen fan hynstehoeven. De spjirren fan de Ban-Nin-berch steane strak en swart en sûmber. Lofts, oan syn fuotten, leit de rivier slûch to blinken. It wetter bitsjoent en lokket. De wolkens driuwe stadiger yn 'e greater wiidte fan it spegelflak. Mei 't er eint, komt it balten fan in oare slûs tichterby.... It wetter sjongt yn in opbuorling fan brûs. De âlde, stiennige wegen lâns flechtet Yann as in dief. As er by de krúshichte lâns komt, lichtet er efkes de hoed. It sjongen fan de slûs swijt nou. In wynpûst sjit troch de kastanjebeammen....
Doe't Yann ar C'Hernéis thúskaem, wie syn frou yn it waskhok dwaende. Yann forstrûpte him om it fé to birêdden. Salang't er gjin nij tsjil hie soed er it wol mei de lea ôfdwaen moatte. Yann krige in ein tou en syn seine. De apelbeammen stiene yn folle bloei. Harren lichte rook, wynderjend troch it hôf, terge him, yn de skimerjoun. De seine siddere yn it gers. | |
[pagina 184]
| |
- Hast nei de merk west, Yann? frege in stimme fan fierrens. Yann sprong oerein. - Ja! sei er. En Mari, dy't tsjin 'e hikke stien hie, krige de koer mei wytguod dat hja krekt wosken hie.
De tuorren gounzen yn 'e oanwinnende nacht. In flearmûs skeat lûdleas troch de loft. De hagen stiene to drôgjen. De blommen forlearen kleur en glâns. Reek kringele út 'e mei klimmer bigroeide skoarstien. De swietrook fan gers, de swietrook fan blommen, de swietrook fan plantesappen, de swietrook fan de fruchtbere ierde streamden njuentsjend troch it hôf. Yann ar C'Hernéis sykhelle lang en djip, sûgde him de longen fol mei de roken fan de maityd en forhong him. |
|