De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jakez Riou † Skimerjoun Hy siet oan 'e kant fan 'e stream en wachte op 'e leafste út syn dream. De sinne stie heech doe 't er kaem. ......Nou hied er de jountiid fornaem. De wylgen stien' swijend yn pronk, 't ynsekteguod slûge by honk. En hy, hy wachte op 'e faem út syn dreamen, - op har dy't net kaem. De sinne stoar trilderich read, de beammen forspegelen ta neat. It tij fan 'e dize kaem sleau en de nacht om him hinne kleau. Hy riisde stadich oerein en is nei de hichte tein. En de sinne geat yn 'e floed in fjûrreade drip fan bloed. Vorige Volgende