Youenn Drezen:
De nachtweits op it eilan
(fragmint)
O Oaseaen, skimerjend troch de spjirrestammen,
Dou, as in slange sliepend yn 'e slettene blauwe hichten,
Weits op, lit dyn weachjes rêd tyskje oer de kizels
En lit dyn tij lûd droane en rûzje lâns Log-Tudi's ingten.
Ringen silst rinne troch 't séwier en slaen wiid dyn earms
Om myn eilânnen, heech har heevjend boppe smaragden krollen.
Kear ta de sinne de laits fan 'e ealstiennen op dyn skobben,
Riis, o tij, en wês hear oer de sânnige woastenijen,
Stream oer de slinken fan Kerliouarn en de reiden fan Roz-Vern,
Riis, o tij, en koezje de steile rotsen fan de berchfallen
En kring dy troch eltse kreek en troch ider hoal
Mei it rappe folk de garnelen en jonge krabben
En de foarhoedespits fan 'e plounzjende pitermannen.
Troch de mounetocht fan Pennavern silst kringe yn 'e mar fan Suler
En slikje de drompels fan 'e hûzen wyt op it eilân en yn Log-Tudi;
Kriem op dyn wei, sa rêd as it fjûr, troch de kleau fan Ti-Gwenn,
Nei it hert fan 'e stêd dêr't myn widze stie, jinsen, oan streamsein;
Sjong foar de spjirren dy't har bûge oer dy lâns de skeanten,
Nei de tichte mar fan Roz-Kerno, nei Travenneg, nei Porzh-Moro,
Spried dyn ûntsachlike spegel út nei de stompe berchtoppen,
Dat hja har wille ha, delskôgjend, oan har skaden en de riizjende himelpoarte,
En de wite flecht fan 'e sémuk, en de djippe poarpergloede.
Blies! Lit de sâlte rook fan dyn amme
Waeije nei de tsjerke fan Karmez, de bosk fan San-Lorans, de âlde Slots-muorren.
Eala, tij! Unforwinbere helt, ûnoantaestber drager fan libben,
Biweechlik, koel en klear as in slange-each, en blau!
Siel fan myn lân! Sied fan ivige jonkheit!
Hieljend en frisk, en fordriuwer fan neare koartsen,
Bringst fan 'e sélannen oan, oerdiedich en rij,
| |
Ut 'e rynske tsjelk fan dyn poëzij
Nei it hert fan myn stêd, nei it hert fan myn folk,
Krêftich en klear, hjoed sa strieljend as ea
De glâns fan dyn ivige jonkheit
En forjitnis fan 'e forgiene jierren en deaden,
Dou, greatmoedige skepper fan myn Eilân,
Dy't stal joechst de siel fan myn stamme,
Dou, gloarje fan myn lân,
|
|