| |
| |
| |
Roparz Hemon:
Oer Bretonske litteratuer
Hwerom hat de Bretonske tael wachtsje moatten oant de 19e ieu eardat er in wiere eigen litteratuer krige? De forklearring is tige ienfâldich. Bretagne waerd om de sawnde ieu hinne stifte troch koloanisten fan in slach, dat wierskynlik net folle ôfskaeide fan dat fan de folksplanters, dy't yn letter tiden Australië en Nij-Sélan stifte hawwe. It hie sûnder mis in aristocrasy, mar dy aristocrasy is weiwurden yn de njoggende ieu, yn de tiid fan de ynvasys fan de Noarmannen of waerd fordreaun troch Frankryk en Ingelân. Dyjingen fan harren neiteam, dy't werom kamen hiene Frânsk leard en it Bretonsk wie foar harren in frjemde tael wurden. De Frânske tael wie doe yn 't opkommen. Salang as dit duorre, dat wol sizze sa likernôch ont it jier 1800 ta waerd der in hiel lyts bytsje skreaun yn 't Bretonsk, dat litteratuer neamd wurde kin. Lykwols moatte der yn de Midsieuwen inkele litteraire produkten yn it Bretonsk west hawwe, hwant hoe soenen wy oars forklearje kinne, dat de earste Bretonske gedichten dy't biwarre bleaun binne en dy't skreaun waerden yn 'e fyftjende ieu, boud binne neffens in systeem fan ferskunst, dat net folle forskilt mei it systeem dat yn dyselde tiid brûkt waerd yn it Welsk, wylst alle forbiningen tusken Bretagne en Wales al lang forbrutsen wiene? De Arthur-forhalen moatte hjir of dêr weikommen wêze en alhoewol't it hast wis is dat se har oarsprong net hiene yn Bretagne, kin Bretagne dochs in oandiel hawn ha yn de forsprieding fan dy forhalen troch Jerope. It is yn elts gefal wis, dat Midsieuske Bretonske forhalen ta ús kommen binne, ien yn 't Ingelsk, Chaucer's Franklin's tale, en in stik of seis yn 't Frânsk, yn de sangen fan Marie de France, en dat der ek noch in mannich oare spoaren fan Bretonske litteratuer foun wurde. It meast yn 't each fallende fan de Bretonske litteratuer tusken de 15e en de 19e ieu is it bistean
fan in great tal mystearjestikken. Dizze mystearjestikken, dy't yn 'e measte oare lânnen bihearre ta de Midsieuwen, waerden yn Bretagne in ieu lyn noch skreaun. Dizze stikken, dêr't mar in pear fan publisearre waerden, binne ûnbidige lang, mei amperoan ien dramatysk of komysk toanieltsje nou en dan, om de ientoanichheit to forbrekken. It bêste en tagelyk ien fan de âldste, bikend as it ‘Greate Mystearje fan Jezus’, bifettet inkelde moaije dichtrigels, lykwols kin nimmen it in masterstik neame. Wy soene de skriuwers fan
| |
| |
dizze stikken der gjin forwyt fan meitsje, dat hja safolle Frânske wurden yn har wurken brûkt hawwe, sels net dat hja tsjin 1700 it âlde Keltyske systeem fan ferskunst ôftanken om it Frânske systeem oan to heljen, as hja ús sterke en geve litteratuer jown hienen. Mar dit is spitigernôch it gefal net. De Frânske tael en kultuer wie to oerhearskjend. Der kaem yn Bretagne gjin litteratuer ta ûntjowing. De litteraire talinten waerden nei Parys lutsen en alles hwat op it gebiet fan litteratuer yn Bretagne oerbleau, wie in samling twivelige tsjerklike drama's, dêr't wy in pear foege godstsjinstige gedichten by neame kinne. En doe kaem de 19e ieu en dêrmei de delgong fan de Frânske tael, in delgong foar in part to skriuwen op rekken fan de oanwaechs fan de Flaemske, Provençaelske en Bretonske litteratuer. Troch it dizenich bisef dat in nije bistimming har lân wachte, kearden in heap Bretonsken nei de eigen tael werom, omt hja dy seagen as it bêste ynstrumint foar it forwêzenlikjen fan harren forwachtingen. De tael wie der, lyk as dy hjoed de dei sprutsen wurdt troch in great part fan de bifolking. Al yn de 18e ieu waerd der folle oandacht oan jown. Goede grammatika's en wurdboeken kamen yn 't ljocht; subsydzjes waerden jown troch it Bretonske Parlemint foar de Bretonske stúdzje, mannen fan maetskiplik oansjen hiene harsels fornuvere mei it skriuwen fan gedichten en toanielstikken yn dat Bretonsk, Klaoda Al Lae, dy't satyryske gedichten skreau en Paskal Kerenveier, dy't Ovidius oersette en in toanielstik skreau yn Italjaenske trant. Mar de winsk, Bretonsk to brûken as de utering fan de Bretonske siele gie net earder yn forfolling as doe't it lân syn ûnôfhinklikens forlern hie, dit lêste in gefolch fan de Frânske revolúsje.
Gonideg wie gjin skriuwer, mar in learde en in man mei in útsûnderlik sterke wilskrêft. Hy hie de fal fan it Bretonske Parlemint meimakke, de Revolúsje yn aks je sjoen tsjin Bretagne, wie flechte nei Cornwall en yn 'e kunde kaem mei de wurken fan inkelde Welske wittenskipslju fan syn tiid. Doe't de saken yn Bretagne ta rêst kaem wiene gyng er werom. Yn 1807 publisearre hy de earste edysje fan syn grammatika, en sette syn wurk foar it Bretonsk fuort ont syn dea yn 1838. Doe sette it opkommen fan de Bretonske litteratuer yn. Ik siz it opkommen, net it oplibjen. Hwant it wurd oplibjen hâldt yn dat der eat weardefols, dat earder bistie, as foarbyld naem wurdt. Yn forskate kontreijen fan Jeropa binne litteraturen, dy't yn 'e Midsieuwen of sels letter great west hiene, wer
| |
| |
oplibbe. Mar yn Bretagne wie it net in oplibjen, mar in alhiel nije skepping. It ûntbrekken fan materiael of leaver fan in grounslach om in litteratuer op to bouwen wie in greate handicap. Mar oan de oare kant bitsjutte it frijheit. It bitsjutte dat de tiid dy't oars spandearre wurde moast oan de stúdzje fan âlde teksten nou brûkt wurde koe foar it skriuwen fan nije. It singeliere boek, dat wy biskôgje kinne as it bêste Bretonske wurk fan de 19e ieu, de ‘Barzhaz Breizh’, of ‘Barde-sang fan Bretagne’ is hjir in foarbyld fan. It wie ynspirearre troch de romantyk. As der gjin ‘romancero’ publisearre wie yn 't Spaensk, as net de Dútske ‘Sturm und Drang’ de folkssangen yn 'e moade brocht hie, as net Walter Scott syn gedichten skreaun en Macpherson syn ‘Ossian’ yn 't ljocht jown hie of Percy syn balladen samle, dan hie der gjin ‘Barzhaz Breizh’ west. Hjir komt ien fan de bliuwende trekken fan it Bretonske aerd oan 't ljocht. Al komt de ynspiraesje fan bûten ôf, it ûnderwerp is Bretonsk en de wize fan bihanneljen is ek Bretonsk. Dizze eigenaerdichheit is fan tapassing op alle greate wurken dy't wy oanwize kinne. De earste ynspiraesje komt út it bûtenlân. It kin komme fan Spanje, of Frankryk, of Skandinavië, of Nederlân, of Great-Brittanje, of Ierlân, mar de wurken wike trochstrings sa ôf fan har foarbylden, dat yn bipaelde gefallen de boarne skraechoan weromfoun wurde kin.
Yn de ynlieding fan de ‘Barzhaz Breizh’ tsjut Kerwaker it boek oan as in samling fan folkssangen, meast balladen, samle fan syn mem, inkelde fan syn freonen en himsels. Om to sizzen dat hy se sels optocht, lyk as men wol ha wol, roait nearne nei. Oan de oare kant, der is in heap yn dit boek dat skreaun en nochris skreaun wêze moatten hat troch de ien of oare moderne wittenskipsman, Kerwaker sels, of ien fan syn freonen. Mar dit is net it iennichste forskil tusken de ‘Barzhaz Breizh’ en in gewoane samling folkspoëzij. Dy lêsten binne net yn in bipaeld forbân samle. De ‘Barzhaz Breizh’ jowt in skiednis fan de Bretonske naesje fan de Druïden ôf ont de midden fan de 19e ieu ta. En hjir fine wy nòch in wêzenstrek fan ús litteratuer. Har meast opfallende produkten hawwe in ynwendich ramt en tige greate ôfmjittingen. Men sil yn 't Bretonsk likegoed as yn elke oare tael sublime lytse gedichten en knappe koarte forhalen fine. Mar it bêste is greater fan opset. De ‘Barzhaz Breizh’ is in skiednis fan Bretagne yn balladefoarm. Syn ynfloed wie sadanich dat men sûnder oerdriuwing sizze kin, it joech in omkear yn de skiednis fan it lân. It Bretonske patriottisme libbe der troch op. It ynspirearre in
| |
| |
skoalle fan skiedskriuwers, it loek de oandacht fan de learden nei de Bretonske folklore, alhoewol 't de earnstige stúdzje fan ús folklore just bigoun as in reaksje der tsjin yn. As litterair wurk stiet it fier boppe alles hwat yn 'e 19e ieu yn 't Bretonsk skreaun is. Sels yn de bêste wurken fan de 20e ieu soe ik amperoan hwat witte dat sa kleurich is, sa knap opset yn syn skildereftige détails. Boppe-al bigoun mei de ‘Barzhaz Breizh’ de skepping fan nije mythen, it brûken fan âlde symboalen foar nije doelen, sadat âlde forhalen in nije bitsjutting krije en yn libben bliuwe. Ik kin net stilstean by alle fortsjinstlike skriuwers, dy't wy de lêste hûndert jier hawn ha. Der binne sa'n heap en in list mei nammen en wurken is in ding dat neat seit. Lit my folstean mei to sizzen, dat Kerwaker folgelingen en tsjinstanders hie en dat de ein fan de 19e ieu it ûnthjit fan it bigjin net forfolle hat, dat der nij libben kaem neffens de measten sa om 1898 hinne. Yn de oarloch fan 1914 stie de saek wer stil. Dêrnei waerd it fuortset, krêftiger as ea to foaren. Yn 1944 wreedaerdich ûnderbrutsen liket de litteratuer nou fannijs útein to setten, alhoewol tsjin alle soarten fan swierrichheden yn.
Ik leau, dat it better is to ûndersykjen hwat yndied bêst is en it oare sjitte to litten. En dan moatte wy rigelrjocht gean nei de tiid tusken de twa wrâldkrigen, doe't der, dêr kin gjin twivel oan bistean, in greate Bretonske litteratuer opkaem. Dy kaem op omdat de lju, dy't 100 of 50 jier earder yn 't Frânsk skreaun hawwe soene, bisleaten dat yn 't Bretonsk to dwaen. Yn 't forline kamen greate skriuwers, dy't Frânsk skreaunen út Bretagne. Nou ûntdieken ús skriuwers dat it Bretonsk, ûnûntwikkele as it wie en miskien krekt omdat it ûnûntwikkele wie, in folle machtiger middel wie ta kreatyf wurk as it Frânsk.
Malmanche is nou in man op jierren. Hy hat toanielstikken skreaun en net folle oars. It is wis, dat hy guon fan de Jeropeeske dramaturgen fan de lêste ieu lêzen hat en hwat fan harren liend. De atmosfear fan syn stikken docht soms tinken oan Ibsen en Strindberg. Mar der is ek noch hwat oars en dat is syn eigen genialens. Der is sein dat syn stikken mystearjestikken wiene neffens de âlde tradysje. Der is wierskynlik nimmen dy't mei mear geduld ús âlde dramatyske litteratuer bistudearre hat as hy. Mar as der bisibbens is tusken syn toaniel en ús âld toaniel dan is dat mear yn de geast as yn de uterlike expressy. Yn drama's bihanneljend Kristlike leginden lyk as ‘Gurvan de frjemde ridder’ en ‘Salaun bijneamd de dwaes’
| |
| |
of historyske leginden lykas ‘De Antichrist’ of in realistysk drama as ‘It forhael fan de hongerige siel’, ‘De laeidekkersfrou’ of ‘Arthur's widdou’ is it haedthema altyd itselde. It is it konflikt tusken dream en wurklikheit en alhoewol't de wurklikheit oan de ein de sterkste liket, de dream bliuwt wier.
In oar drama fan Malmanche, ‘De Heidens’, is wol hiel typearjend. ‘De Heidens’ is de namme jown oan de biwenners fan inkele streken oan de Noardwestkust fan Bretagne. In pear ieuwen lyn wie it haedbistean fan dy streek it plonderjen fan skippen dy't op 'e rotsen forgiene. Op in dei sjocht men yn 'e stoarm in Ingelsk sylskip by it strân omavensearjen. It skip rint topletter op 'e klippen en bihalve in Ingelsk soldaet komt al it folk om. De Ingelske soldaet forstoppet him yn 't earste hûs dat er sjocht, dat tafallich it hûs is fan de boargemaster. Der is bihalve de boargemastersdochter net ien thús. Hja hâldt de soldaet foar in prins, hwant hja hat dreamd, dat hja op in dei in prins boaskje soe, en jowt him iten en drinken. Hy sûpt him dronken en falt yn 'e sliep. De oare moarns fynt in jonge fisker de Ingelske soldaet yn it hûs en formoardet him. De boargemaster dy't de hiele nacht trochbrocht hat mei taforsjoch hâlden op it plonderjen fan it forgiene skip, komt thús. Mar nou komme de plysjes foar 't ljocht. Hja biskuldigje de boargemaster fan de moart. It soe maklik foar de boargemaster wêze om to biwizen dat hy de hiele nacht fuortwest hat en krekt thúskaem is. Mar dat soe bitsjutte dat syn dochter har goede namme forlear. Hy forklearret dat hy de moardner is. Hy wurdt fuortbrocht troch de plysjes, wylst syn dochter, dy't gek wurden is, it hûs forlit, earm yn earm mei in âld biddelwiif, like gek as hjasels. Jitte dreamt hja, dat de frjemde prins har boaskje sil. Dit moaije, ryklik lange stik is hiel typearjend, net allinne foar Malmanche, mar foar it hiele Bretonske toaniel. De karakters binne allegearre min of mear bjusterbaerlik. De helt fan it stik is like faek ál as nèt heal of alhiel gek. De iennichsten dy't in bytsje soun forstân toane binne hast altyd it mindere folk yn de
stikken.
Itselde konflikt tusken dream en wurklikheit, tusken wansinnigens (of leaver ideael) en soun forstân, komt oan 't ljocht yn in oar stik, ‘Nomenoe’, fan Jakez Riou. Jakez Riou, dy't jong forstoarn is, hat gedichten, koarte romans, koarte forhalen en toanielstikken neilitten. Syn gedichten en koarte forhalen binne fan dat soarte dêr't forheftige emoasjes tige sober yn werjown wurde, faek sydlings, sadat men, as men se sûnder oandacht lêst, aventûret de clou hielendal to missen.
| |
| |
Yn syn stik ‘Nomenoe’ lykwols is alles tige klear. Neffens de histoarje is Nomenoe in Bretonsk kriichsman, dy't yn de njoggende ieu focht tsjin de troanopfolgers fan Karel de Greate, de Franken yn de slach by Ballon forsloech en it keninkryk Bretagne stifte. Nou wie Nomenoe syn namme it symboal wurden fan de Bretonske ûnôfhinklikens en der ûntstie in leginde om him hinne. It stik is Jakez Riou syn persoanlike bijdrage ta de leginde, it is yndied tige persoanlik. De skriuwer hat alhiel net bisocht om der in historysk stik fan to meitsjen. As it gerdyn iepengiet sjogge wy in jiermerk dy't hâlden wurdt yn it stêdtsje Redon. Alhoewol't wy yn de njoggende ieu binne, is it geafolk klaeid lyk as nou. De merk is krekt oan 'e gong as der forkundige wurdt: it Bretonske leger hat de Frânsken forslein by it doarp Ballon ticht yn de omkriten. De merk moat opslach stilset wurde, der sil in nasjonale feestdei wêze en der moat kertier foun wurde foar de Bretonske soldaten. De oankundiging is net botte wolkom, hwant de bûtenminsken ha mear bilang by it forkeapjen fan har fé as by de oerwinning fan har lân. Lykwols, de soldaten moatte herberge wurde en al gau is elke kroech en elk hûs fol. Tsjin de joun komt in wurge reizger oan, mar der is nearne plak foar him. Op 't lêst wurdt er nei de finzenis stjûrd dêr't er in bidler as selskip krijt. It duorret tiden ear't men yn 'e gaten kriget hwa't hy is, hwant yn de hiele stêd wit allinne de bidler dat de reizger nimmen oars is as Nomenoe, de oanfierder dy't syn lân frijmakke hat en hwaens namme foar ivich forneamd bliuwe sil. It stik mei syn smite feguren, gea- en stêdfolk, mûntsen en soldaten, hwant elkenien praet, sels de fûgels yn 'e beammen, is foar in part in klucht en foar in part in trageedzje. En boppe-al, hoewol skreaun yn proaza, is it in gedicht.
Jakez Riou waerd greatbrocht yn Spanje lyk as ek Youenn Drezen, ien fan ús bêste skriuwers. Inkele frappante punten fan oerienkomst tusken har stikken en it âlde Spaenske toaniel, tusken har romans en de Spaenske skelmeromans kinne sa forklearre wurde. Mar de sfear is suver Bretonsk. De Bretonske roman is noch yn syn bernskheit en miskien is it riedsum dat ik nou, nei it toaniel bihannele to hawwen, oergean ta de poëzij.
Drezen is de dichter fan twa masterstikken: ‘Sang oan it Westen’ en ‘De nachtweits op it eilân’. De Bretonske titel fan dit lêste gedicht ‘Nozvezh Arkuz e Beg an Enezenn’ bitsjut letterlik ‘It weitsjen op 'e ein fan it eilân’. Nou is it weitsjen in tige plechtich barren yn Bretagne, it wurdt tonein brocht mei gebeden foar de deade; en it is dan ek in tige plechtich
| |
| |
dichtstik. De dichter hat in freon forlern en komt fol smert werom nei syn bertelân. Dêr sit hy op in joun by de Atlantyske Oaseaen en biklaget net allinne de dea fan syn freon mar ek it forlies fan syn eigen jonkheit en forwachtingen. Ut it lân en út de sé riist in liet omheech, in soarte hymne op it libben. Elk fan dizze lange gedichten soe men forlykje kinne mei in symphony. Der sit in konstruktyf elemint, in fêste rigelmjitte fan lûdvolumes en rhythmen yn, omtrint sa technysk en wittenskiplik dat it alle genialens fan in skriuwer ferget om syn ynspiraesje net forneatigje to litten as hy syn plan ta útfier bringt. It lêste wurk dêr't ik oer prate sil, wurdt iepenlik oanjown as in symphony yn fjouwer dielen. Maodez Glanndour is de skûlnamme fan in preester, dy't earst sahwat tsien jier lyn bigoun to skriuwen, mar dy't mei rjocht biskôge wurdt as ien fan ús greatste dichters. Hy hat nêst in great tal koarte gedichten twa lange skreaun. It earste, ‘Imram’, fortelt fan de reis fan de siele oer de Wrâldsé. It twadde hjit ‘Milc'houid ar Serr-Noz’ of ‘De Readwjuk fan de skimerjoun’. Omtrint elke gedachte, dy't towekker roppen wurde kin troch it byld fan de fûgel dy't yn 'e skimerjoun sjongt wurdt hjir foun en ûnderskate symboalen binne troch elkoar mongen en yn elkoar frissele as it lûd fan forskate ynstreminten yn in symphony. De haedgedachte of it haedmotyf blykt to wêzen, dat God himsels iepenbierret troch de skepping en dat de skepping libbener en krêftiger wurdt troch de sang fan de fûgel of de wurden fan de dichter. Dy fiif wurken ‘Barzhaz Breizh’, ‘Ar Baganiz’, ‘Nomenoe’, ‘Nozvezh Arkuz’ en ‘Milc-houid ar Serr-Noz’ binne miskien de masterwurken fan de Bretonske
litteratuer.
Der soe gâns mear oer forteld wurde kinne. Ik ha net al dyjingen neamd dy't wy biskôgje meije as ús beste skriuwers. Ik hie oare wurken kieze kinnen lyk as dy fan Bleimor, de earste goede dichter dy't wy hawn ha yn dizze ieu, of Langleiz, of Meavenn en har frjemde stikken en koarte forhalen of Abeozen. Ik ha net praet oer de ûntwikkeling fan it proaza. Ik ha al de folkloristyske litteratuer weilitten en de greate mannichte skriften dy't foar de helte folkloristysk en foar de helte origineel binne. Mar men moat earne in grins lûke. En dit is wis: Dy nije litteratuer, yn in tael, sprutsen fan mear as in miljoen minsken, hat in takomst, omt er altyd sprekt fan Leauwe, Hope en Leafde.
|
|