De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 171] [p. 171] Maodez Glanndour: De readwjuk fan de skimerjoun (fragmint) Hja tochten lang al, it âld mins wie dea. Lang hien' hja luorke op har lêste snok, en al sa faken langst hawn har to smoaren. Yn 't lêst dan wie hja dea, kroandea en wei, d' Ald frou dy't harren it bistean bidoar en har sielen brocht ta triljende eangst en wrok. Nou dan, to'n lange lêsten, wie hja dea, En neat hie men to dwaen as litte in trien en sprek, skynhillich, falsk in foege bea en lizze op har grêf, leadswier, in stien: hja wie nou wei, foargoed, elts koe it witte. Mar sjoch, d' âld tsjoenster lit it noch net sitte: Hja is weromkaem, op har grêf werom, forjonge en kwyk, en dounsjend blier, útdaegjend, en ûnder har it goar habyt fortraepjend en 't skibbich masker fan har âlderdom. Vorige Volgende