De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 163]
| ||||||||||||||||||||||
G. le Huedez:
| ||||||||||||||||||||||
[pagina 164]
| ||||||||||||||||||||||
tûzenen ynwenners, dêr't mar in pearhûndert fan opienheapping sjen litte.Ga naar eind7) It lân sit stiiffol lytse doarpkes fan 2 ont 4 boerepleatsen. Fan de 2500 Bretonske gemeenten ha mar in 15 mear as 10.000 ynwenners en dêrfan 3 mear as 50.000. Dêr folget út dat Bretagne in ienheitfoarmjende kearn brek is. Nantes (220.000) is likemin as Rennes (115.000) in ‘sintrum’ en de kar fan in offysjele haedstêd hat dan ek altyd swierrichheden oplevere. Yn 'e rin fan 'e histoarje hawwe dizze beide stêdden elkoar de titel ûntstriden. By einsluten, sjoen fan de geast út wei, kin men fan tinken ha dat der bynei likefolle Bretagnes binne as Bretons.... De mannichte forieningen biwiist it mar al to goed. Allinne al yn Parys mei syn foarstêdden, dêr't in 300.000 emigranten wenje, tilt it fan Bretonske ‘selskippen’: in 85, dy't as drippen wetter op elkoar lykje, fakentiden. Dat skoander biwiis fan libbenskrêft bringt lykwols nuodlike konsekwinsjes mei foar Bretagne, dat ommers in lân is bifolke fan Kelten, d.w.s. fan yndividualisten tsjin 'e klippen op. En nou foarmet dat natuerlik yndividualisme, yn 'e mande mei de ierdrykskundige isolaesje, in obstakel dat him swier jilde lit yn it lot fan in naesje dy't om to oerwinnen, forlet hat fan de ienheit fan al syn soannen. | ||||||||||||||||||||||
De minske.De Bretonske bifolking bistiet út in âlde prae-keltyske, iberoliguryske ûnderlaech, djipgeand fornijd troch in oanmerklike immigraesje fan insulaire Kelten sûnt de 5de ieu. Uterst libbenskrêftich as it is, hat dit ras rigelmjittich oanwoun oant yn it bigjin fan de 20ste ieu: 1.665.000 yn 1650, 2.000.000 yn 1774, 2.620.000 yn 1836, 3.272.000 yn 1911, dêr't noch in foech 800.000 emigranten bykomme. Sûnt de twa wráldoarloggen dy't tige faei wiene foar de Bretonske legerôfdielingen (hja foarmen de élite fan de Frânske lân- en sémacht) is dit tal sakke op 3.010.000 yn 1946 plus de emigranten. De libbenskrêft fan de bifolking mei blike út it feit dat men op 'e 1000 ynwenners 358 jongeren ûnder de 20 telle kin, 228 folwoechsenen fan 20-39, 227 tusken 40 en 59 en 127 âlderen boppe de 60. Forlike by de USSR of Japan, is dit tige bitreklik, mar sjoen neist Frankryk, in lân fan âlde minsken, byldket it net min. De forsprieding fan dy bifolking oer it hiele gebiet is tige ûngelyk. Mei in bifolkingstichtens fan 88 libbet trijefjirde fan | ||||||||||||||||||||||
[pagina 165]
| ||||||||||||||||||||||
de Bretons op in kuststripe fan 5 km breed. Guon gemeenten oan 'e kust hawwe de útsûnderlik hege bifolkingstichtens fan 200/km2, wylst men mear yn it binnenlân en nei it easten ta kontreijen hat mei in tichtens fan 60 of sels fan 45. Amper acht Jeropeeske steaten koene, foar de oarloch, great gean op in tichter en warberder bifolking! De Bretons binne yn haedsaek wurksum yn 'e lânbou. De biropsstatistiken jowe 55% boeren, 20 yndustry, 9 hannel, 6 amtner of militair, 4 frije biroppen, 3 húspersoaniel, 2 séfeart, 1 minen. De frjemdlingen, sa likernôch 12.000 yn tal, foarmje mar 0.4% fan 'e bifolking. It binne binammen Italjanen, Spanjerts, Basken, Poalen, en dêrby Arabieren, dy't foar de Dútskers arbeide hawwe by de organisaesje Todt. Lykwols skynt Bretagne, lyk as alle westlike lannen, de tiid fan greate bifolkingsoanwaechs efter him to hawwen. Syn bloei ont 1880-1900 is ûnderbrutsen fan de oarloggen, de moderne tinkbylden en it tokoart oan yndustryen, yn steat om it oerskot oan hantwurkkrêft op to heinen. De Bretons emigrearje mei sa'n 15 à 20.000 yn 't jier, nei de oangrinzgjende provinsjes, mar fral nei Parys dêr't in 300.000 tahâlde, faek yn swiere omstannichheden, hwant it is in earm slach emigranten, sûnder fakkunde en stjûrleas. Mei't de plattelânsbifolking mei 10% sakke is, it bertesifer lykbleaun en it stjertesifer heech, is der gâns wurk to dwaen foar de soasjale forheffing fan dit folk, dat lijt oan tuberkuloaze, alkoholisme en bernesykten. De oarloch fan 1939-'44 hat ek de stêdsbifolking djipgeand oantaest. De 4 greate havens: St. Nazaire, Lorient, Brest en St. Malo binne platsmiten fan 'e anglo-amerikaenske loftlegers, en de twa greate stêdden Nantes en Rennes swier troffen. Flechtlingen fordûbelje de bifolking fan de lytse stêdden yn 'e omkriten. De wil by de Bretons om wer op to bouwen, wurdt dwersbongele en Lorient en St. Nazaire, dy't beide 45.000 ynwenners hiene, ha nou mar in 12.000 mear. De lytse Bretonske doarpen, dy't yn 'e slomme wiene sûnt in ieu lyn de spoarwegen tige presiis it forkear ôfperken, komme hwat ta nij libben troch it autoforkear en de lytse yndustry. Mar it meast hat Bretagne forlet fan swiere yndustry dy't yn steat is it lân ta ûntjowing to bringen. Dy fynt men allinne by de Loire lâns tusken Nantes en St. Nazaire mei skipbou, metaelbiwurking, chemyske fabriken en guon foar libbensmiddels. Fierder libbet it lân, yn in bihoarlike wolfeart, fan lânbou, skipperij en fiskerij, dy't lykwols net by de easken fan de 20ste ieu oanpast binne. | ||||||||||||||||||||||
[pagina 166]
| ||||||||||||||||||||||
Dan, yn hoefier hat Bretagne in eigenaerd yn geastlik en minsklik opsicht? De oerhearskjende godstsjinst is de Roomske, dy't trochinoar oeral in oanhing hat fan fier oer de 50%. It plattelân is trouwer (95% fan de folwoechsenen yn Leon) as de stêdden en it séfolk. De protestanten telle sa'n 10.000 yn 'e stêdden. De Joaden, 1750 foar de oarloch, binne der net mear. Yn 'e polityk lang de konservative kant neist, bliuwt Bretagne noch altyd by in foech tradysjonalisme, strang republikeinsk salang't men net oan 'e godstsjinst komt. Dochs stiet it Frânsksprekkende part mear rjochts as it Bretonsk-sprekkende, dat oanliz hat foar extremisme. Tusken 1932 en '46 is de publike opiny forskoud lykas folget, yn %:
Hwat de nasjonale Bretonske idé oanbilanget (dy't troch it Frânske regear tsjinwurke wurdt), dy is forspraet ûnder de jongerein tusken 18 en 30 jier, de yntellektuelen en de boeren. Fordield oer alle partijen foarmje hja amperoan 7% of minder extremisten. De midden- en soasjalistyske partijen skine yn Bretagne it meast yn 'e gunst to stean. Men mei noch oanmerke, dat de omgong mei Britske, Dútske en Amerikaenske bisettingslegers it nasjonael fielen fan de Bretons oansterke hat. Dan de tael. Bretagne telt in 1.500.000 minsken dy't Bretonsk sprekke, hast allegear twataligen, dêr't mar in inkelden syn eigen tael fan skriuwe kin. De lêste 100 jier is dat tal opmerklik oanwoun. Mar 70 jier forplichte frânsk ûnderrjocht en it forbieden fan it ûnderwiis yn it Bretonsk, hawwe yn 'e stêdden krêftige kearnen fan Frânskisaesje ta libben brocht. De hjoeddeiske fornijing fan de Keltyske taelstriid birikt noch mar inkeld de yntellektuelen en in mannich boeren. Lykwols, de resultaten fan de striid fan de Bretonske lieders binne de lêste 25 jier ûnmiskenber. | ||||||||||||||||||||||
Ekonomyske tastân.Wy hawwe sjoen dat Bretagne yn haedsaek in boerelân is. Dit lân, eartiids sa earm, is sûnt in ieu alhiel fan oansjen foroare. De bou woun oan fan 46 op 56%, de greiden fan 8 op 19, wylst it net-biarbeide lân sakke fan 28 op 9 en it braeklizzende alhiel fordwoun. Hjoeddedei is Bretagne oerdutsen | ||||||||||||||||||||||
[pagina 167]
| ||||||||||||||||||||||
mei lytse lânboubidriuwen fan trochinoar 10 ha. De Bretonske boer, forduldich en warber, hat in earme groun omset yn fruchtbere ierde. Binammen de kust is tige fruchtber wurden: de ‘gouden Milbân’.Ga naar eind8) It binnenlân lykwols is mar sa-sa en men kin sizze dat de boeren dêrre noch net it fjirdepart brûke fan 'e dong dy't nedich is. It oerhearskjend boerebidriuw is it mingd bidriuw, ôfwiksele mei in krêftige fétylt. De weardeforhâlding tusken lânbou en fétylt is 43:57%.Ga naar eind9) Omt de evenredichheitsforhâlding bifolking/oerflakte tusken Bretagne en Frankryk 8 tsjin 100 is, kin men fan tinken wol ha hoe wichtich de Bretonske produkten binne as men wit dat Bretagne 9% fan it Frânske noat opbringt, 56% boekweet, 90% poaters, 43% konsumpsje-ierpels, 36% cider-apels, 35% iere griente. En mei de fokkerij is it byld noch gunstiger: 245.000 hynders, 1.920.000 kij, 900.000 bargen, dy't sûnt in ieu oanwoun hawwe mei resp. 20, 51 en 109%, wylst it gewicht tanaem mei 75, 202 en 169%. Landivisiau is it earste útfierstasjon foar hynders fan Jerope.Ga naar eind10) Lykwols, der is forlet fan in forbettering fan de methoaden en fan wurktugen, om de sleur en de ekonomyske hinders to oerwinnen en de alderneedsaeklikste kwaliteitsforbettering to krijen. It tokoart oan moderne stâlrûmte, de mannichte rassen foarmje in handicap foar de standaerdisaesje. Der is in wierlik Bretonske lânboupolityk nedich, en dat is de greate taek foar de neiste takomst. Mei de fiskerij komme wy oan in oar bidriuw dat mei de namme Bretagne ûnforwrigber forboun is. Syn 35.000 sélju fortsjintwurdigje 60% fan it hiele tal yn Frankryk, en hja bimanne 15.000 boaten fan allerhande slach, dy't fiskje op kabeljau, sardines, tong, makriel en oesters, sa tige dat hja yn har netten ophelje foar elk fan dy fisksoarten 33, 73, 91 en 92% fan de Frânske opbringst. De útrissing, oant 1925 meast hantwurk, is sûnt dy tiid net folle foroare. Lykwols makket it seil plak foar de motor: 2000 seil, 6800 mingd, 5600 motor en 87 steam, yn alle greatten fan 10 oant 100 en mear tonne. Dy skippen fiskje soms fier fan hûs: om kreeft oant by Mauretanië en de Antillen, om kabeljau oant Newfoundland en Grienlân. Ofsjoen fan St. Malo, is dit hiele bidriuw konsintrearre tusken Brest en St. Nazaire, yn de havens Camaret, Douarnenez, Audierne, le Guilvinec, Concarneau, Lorient, Groix, Etel, Quiberon, la Turballe ensafh. In macht konservearringsfabriken binne ynrjochte foar it biwurkjen fan de ynbrochte fisk. De nettehaven Lorient kin munster je tsjin dy fan Grimsby, IJmuiden | ||||||||||||||||||||||
[pagina 168]
| ||||||||||||||||||||||
en Geestmunde. Al hat de oarloch gâns Bretonske tonnaezje fornield, oer it gehiel waechst de oanbring yn Bretagne sûnder ophâlden oan. Fan minder bilang is de yndustry. Swiere fynt men allinnich tusken Nantes en St. Nazaire en dy is net foldwaende om de Bretonske emigraesje to kearen. Eartiids ryk oan tin, koper en lead, is Bretagne fan datoangeande ta útkerken. Allinne iisder jowt noch goede hope: it bekken fan Chateaubriand bifettet 2 miljard tonne, heech fan gehalte (55 à 60%, to forlykjen mei de Sweedske ertsen), mar it opdollen leveret swierrichheden en ek de reduksje yn de iisderounen. Sûnder mis sil de technyk yn 'e takomst fan dizze streek in nije ‘region de Briey’ meitsje. Oan 'e oare kant binne de graverijen fan granyt, laei, sânstien, en binammen fan porsleinierde forneamd. De skipbou, dy't wurk jowt oan 25000 arbeiders, is de wichtichste swiere yndustry yn Bretagne, teffens de earste fan Frankryk. De werven fan St. Nazaire hawwe de moaiste hellingen fan 'e wrâld. Yn dy stêd binne de helte fan de Frânske en ytlike bûtenlânske skippen boud, wylst de marinewerf fan Brest de greatste fan it fêstelân is. Fan bilang binne ek Nantes en Lorient. Dat allegear meimankoar kin men maklik forlykje mei de Clyde-werven en Hamboarch. Dêrneist produsearje Basse-Indre en Hennebont konserveblikken, wylst Couéron de greatste leadfabryk fan Frankryk hat. Dêr komme noch by de fabriken fan spoarmateriael yn Nantes en Rennes. Al dy bidriuwen brûkten yn normale tiid de stienkoal fan Wales. De konservefabriken, typysk foar Bretagne, fynt men yn in tal fan 150 forspraet by de Atlantyske kust lânsGa naar eind11) en sa likernôch in fjirdepart fan lyksoartige ynstallaesjes yn Spanje en Portugal binne Bretonske filialen, dy't oars skerp genôch mei de âlder-bidriuwen konkurrearje! Dan biwurkje yn de omkriten fan Nantes de biskwy-, sûker-, sûkelade-, oalje-, en rysfabriken de produkten ymportearre fan de Antillen, Guinea, Senegal en Indo-China. Fierder hat men noch hwat chemyske fabriken: swevelsûr, kunstdong, superfosfaet yn Nantes, oaljeraffinaderijen yn Donges en krûtfabriken yn Brest en Pont de Buis, wylst Fougères it sintrum is fan de yndustry fan frouljusskuon. Dêrmei hat men de Bretonske yndustry bisjoen. It Frânske jodium wurdt allinne produsearre oan de kust fan Finisterre, mar dy yndustry stiet der net bêst foar. De hannel, dy't it resultaet is fan ien en oar, rjochtet him yn haedsaek op 'e lânbou by de útfier en mear op 'e yndustry | ||||||||||||||||||||||
[pagina 169]
| ||||||||||||||||||||||
by de ynfier. De earste ôfnimmer is de krite fan Parys mei syn 6 miljoen ynwenners, to birikken mei twa spoarwegen, fierder: Lûnden, de Middellânske sé-lannen, Dútsklân, de koloanjes yn Afrika en de Foriene Steaten. De ymporteurs binne binammen Great-Brittanje (stienkoal, masjines), en ek de Benelux, de Frânske koloanjes, Skandinavië foar hout en Amerika en de Sowjet-Uny foar petroalje. In idé fan it spoarforkear kin men faeks it bêste jaen troch it tal reizgers. Nantes, Brest, Rennes boppe 1 miljoen. Lorient, Landerneau, St. Brieuc, Quimper en St. Nazaire mear as 500.000. De greate hannelsstasjons binne resp. Nantes, Brest, Rennes, St. Nazaire, Lorient, St. Malo, St. Brieuc, Landerneau, Hennebont, Quimper en FougèresGa naar eind12). En dan: in lêste boarne fan wolfeart foar Bretagne: it frjemdeforkear, dat noch net sa âld is. 500.000 toeristen komme yn 'e moaije tiid fan 't jier nei de Bretonske kusten, yn mear as 100 baeiplakken, dêr't guon fan, lyk as La Baule en Dinard, wrâldforneamd binne.
Wolfeart. En dochs.... hwat in ekonomyske easken hawwe dy Bretons hjoed-de-dei yn 'e mûle. Dit is in feit: boppeneamde resultaten binne namsto skoander omt der neat dien wurdt om se oan to moedigjen. De ekonomyske polityk fan Frankryk is foar alles dy fan de wynbouwers út it Suden, de stienkoal- en metaelfabrikanten fan it Noarden en Easten, noch ôfsjoen fan de spekulaesjes fan de greate bankiers fan Parys. Wylst de Frânske skippen meast boud wurde yn Bretagne, binne se ornearre foar de Frânske havens. Us havens wurde pas modernisearre as Marseille en Le Havre klear binne. De ekonomyske ôfsetgebieten fan de Bretonske boeren en fiskerlju wurde fakentiden opoffere oan de bilangen fan de produsinten yn oare kontreijen. De oarloch dy't wy net wold ha, hat 4 fan de 6 greate stêdden yn pún lein.... Mar de weropbou wurdt earne oars mei bigoun. Gjin politikus kin him yngeand yn dizze dingen jaen, sûnderdat de steatsplysje mei luorkjend each efter him stiet. Frankryk is ien en ûndielber, en it bilang fan allegearre giet boppe dat fan 3 miljoen boargers, dy't, sûnder wifkjen, har bloed jown hawwe yn 1914-1918 en koartlyn, en hwaens fiedselprodukten elke dei yn folle treinen nei it Easten tsjogge. Al dy ekonomyske easken (dêr't wy amper in skets fan jown hawwe) en dêrby de yntellektuële easken, foarmje hwat men tsjintwurdich neamt de ‘Bretonske kwesje’. Mar frappant is | ||||||||||||||||||||||
[pagina 170]
| ||||||||||||||||||||||
de gelikenis mei deselde kwesjes sa't dy opsmiten wurde troch de bifolkingen fan Wales en Skotlân yn Great-Brittanje, en troch dy fan Baskelân en Katalonië yn Spanje. 20 jier lang, fan 1919 ont '39 hat men Jeropa yn 'e sliep widze mei de minderhedekwesjes fan it Easten: Bulgarije, Hongarije, Roemenië, Poalen en Tsjecho-Slowakije. Lit ús, sûnder de bitsjutting dêrfan tokoart to dwaen, ienfâldich fêststelle, dat de machtige steaten fan West-Jeropa better dien hiene en regelje op in like freonlike wize har eigen problemen, leaver as harsels to forliezen yn de subtiliteiten fan de Balkanminderheden. |
|