grounslach: greater bining by greater frijheit. Dat it is nou de gouden ûre foar de lytsen om har wurd to sprekken en har plak yn to nimmen yn it greate gehiel, in plak dat oerienkomme moat mei harren bitsjutting foar dat gehiel.
Dit stribjen libbet by de Germaenske, de Keltyske, de Baskyske en de Slavyske folken. En hoefier hja yn winsk en methoade útelkoar rinne meije, hoe great de ôfstân wêze mei dy't harren skaet, der binne yn dizze striid om de frijdom safolle punten fan oerienkomst, dat it foar harren needsaek wurdt elkoar to sykjen, op 'e hichte to kommen mei elkoars swierrichheden en problemen, en elkoar to stypjen dêr't soks mooglik is.
De striid dy't hja fiere is alderearst kultureel, meast yn 'e foarm fan in rjochtsstriid foar eigen tael en libbensfoarm. Lykwols hat hja ek har ekonomyske en politike aspekten.
Fansels fiele wy wol dat hjir fuotangels lizze. It kin net de bidoeling wêze ús op directe wize yn to litten mei de problematyk en de ynwindige spannings fan in frjemde steat. Mar it minste hwat wy dwaen kinne is wol ús sitewaesjes meielkoarren forlykje, ta elkoarren gean en harkje hwat de oar to sjongen, to fortellen en to freegjen hat.
Is it nedich to sizzen dat dizze konfrontaesje net inkeld in litterairen ien wêze kin? De fjilden lizze hjir net skerp ôffrede, en ús niget giet út nei it libben yn syn ûnderskate iepenbierings.
Dêrom is it ús in foarrjocht, hjir ús Bretonske freonen it wurd jaen to meijen. Hja ljochtsje ús yn oer har lân, har folk, har tael, har nuodlike posysje binnen de Frânske steat. Hja jowe ús in pear priuwen fan har litteratuer. Jerne hiene wy dêr hwat mear fan hawn en yn greater forskaet.
Mar hwat net is kin komme. Lit ús dit nûmer sjen as it biskieden bigjin fan in fruchtber kontakt, om skieik hwa wit to kommen ta in ynliker en breder kulturele útwikseling as nou mei ús biheinde middels mooglik is.
It is goed de bruorren to groetsjen yn in tiid, dy't nettsjinsteande alle ûnrjocht en geweltsdriging dochs wer de hope wekker ropt op in wrâld dêr't net de macht it lêste wurd seit en ek it lytse syn rjocht kriget.
En de rigels út Maodez Glanndour syn ‘Readwjuk’ krije foar de forjonge mindertallen in symboalyske bitsjutting:
Hja is weromkaem, op har grêf werom,
forjonge en kwyk, en dounsjend blier, útdaegjend,
en ûnder har it goar habyt fortraepjend
en 't skibbich masker fan har âlderdom.