| |
| |
| |
[Nummer 5]
Sjoerd Spanninga:
Nunders
De Boekanier
Hearstou de sé as in brúnfisk snuven?
De nacht mei syn swarte pirate-flagge
Slacht nei de joun nou de interheak út,
En it goud fan de dei is de blinkende bút
Yn it rom, dat de kaper en strúnder, de kogge,
As in núnderjend liet nei de haven stjûrt,
Wylst it wetter him kleuret mei sinnebloed.
Hearstou de sé as in brúnfisk snuven?....
| |
Romance
De simmer driuwt op sé; in sigen siddert even -
dan fisket wer de stille mym'ring oan it roer.
De seilen hingje moarns en jouns yn kleur'ge reven
tsjin 't sulver fan de kym en klearten fan azûr.
De nacht dy smyt syn netten út en tûz'nen skobben
fan stjerren glinst'rje, hwant de fangsten binne myld.
Oerdei dan swinget yn 'e loft gekryt fan kobben -
Mar hwannear waeit de wyn, dy't nei de haven sylt?
| |
De stille kreek
Nou is it boat, myn goede freon,
De koele, stille kreek yndreaun -
Wy lizze tusken muorren reid,
Dêr't net in wyndering hwat seit -
It wetter blinkt yn mylde rêst,
De joun dy hat syn fjurren dwêst -
En 't barnend libben is forstoarn;
De hjerst rikt ús syn urnen oan.
| |
| |
| |
Vaqueiro
De dei rydt nei de donkre steppe
En smyt it ljocht, syn lasso, út.
De nacht wol oer de pampa skreppe,
Mar fielt de moarn al om 'e snút.
Hy stegert wyld, syn poaten brekke
De dize, dêr't de dauw' forwaeit -
Ont de vaqueiro op syn nekke,
De sinne as sombrero swaeit.
| |
De kalinder
Ja, ik stean as in beam, as in beam yn it wâld,
En myn takken dy spriede har hûndertfâld
Yn it ljocht fan de moarn en it skaed fan de joun,
En de winen dy hawwe myn touters foun.
Foar de iikhoarntsjes bin ik in feilich ûntwyk,
En de fûgels dy fidelje deis muzyk,
Mar de bledden dy hingje as soargen sa swier
Oan myn stamme, har skyld en kalinderjier.
| |
Eksperiminten
En nei de folle freugde fan it skeppen,
Seach God de lege wanhoop fan ús steppen,
En joech de dichters doe har fantasijen,
Lykas de stilte swalket yn it swijen.
En sjoch, de leoparden en de antilopen,
Hja kamen as bitoveringen út de tropen,
Dwêrs troch de dsjungels fan it tinken,
Oan 't hert en syn rivieren drinken....
| |
| |
| |
Tournoaijen
Stridende ridders bikampje inoar
Om de gunst fan de leafde,
Dy't mei de mylde eagen fan it foarjier
Nei de bûnte tournoaijen sjocht
Fan fûgels en flinters - -
De blommen binne kleurige skabrakken
Oer de hynders fan de wyn
En sinneflitsen fleane op elkoar yn.
| |
Bokkens
Jow ús mar in nul, hear, en harren in tsien,
Hja hawwe safolle foar 't heitelân dien....
De tas en de bontjas dy steane har goed; -
Hja sûpe de wyn en ús tapet men bloed.
Soms hawwe hja harren in bytsje forsind,
Mar noait yn de baen en in flink traktemint.
Hja traepje nei ûnd'ren en krûpe omheech,
En al hwat hja strûpe, dat frette hja leech.
Jow ús mar in nul, hear, en harren in tsien,
Hja hawwe safolle foar 't heitelân dien....
| |
Hora est
Nou bringe hja har heit to hôf,
It roulet bromt de fjilden oer,
En út it oargel sjongt it drôf,
As troch it galmgat fan de toer.
De klok liedt foar de lêste gong,
Hjir moatte fers en dichter skiede;
Hwa't buorket mei in lege pong,
Dy tsjernet him in bekfol ierde.
|
|