Jubilearjende dichters - samle wurken.
C.A.J. van Dishoeck, Bussum en A.A.M. Stols, Den Haech sille de samle wurken fan A. Roland Holst útjaen yn forbân mei dy syn sechtichste jierdei yn Maeije o.s. Der komme 2 dielen gedichten en 2 dielen proaza. It earste sil noch yn Maeije útkomme. Ek Jan Greshoff sil ‘bundelje’, by van Kampen en E.M. Querido (Amsterdam) yn twa rigen fan fiif dielen. Yn de earste forskine ‘Gedichten 1907-1947’, ‘Legkaart’ (aphorismen en opstellen oer poëzij), ‘Zwanen Pesten’ (boutaden), ‘Grensgebied’ (opstellen) en ‘Het boek der Vriendschap’. De twade rige bifettet ‘Bereisde Roel’ (reisnotysjes, ensafh.), ‘Eerbare Voorstellen’ (letterkundige essays), ‘Het boek van herdenking’ (persoanlike oantinkens oan forstoarne kunstners) en in autobiografy, dêr't de titel noch net fan fêststiet.
Fierders hat ek Fedde Schurer plannen om samle wurk út to jaen.
It is allegear tige moai, mar foar Vestdijk, dy't yn Oktober 50 jier wurdt, wol hwat sneu. Hwant hwa útjower sil it oandoarre en jow dy syn ûntelbere wurken út?
FREARK DAM.