Op it harspit.
Studintikoze mismoed
Hoe komt it, dat it studinteblêd ‘Fryslân oerein’ yn syn Febrewarisnûmer sa min syn moed hat? De kronyk fan Herre Halbertsma tiest wakker mei Jan Piebenga syn ‘Fryske Kronyk’ yn ‘It Heitelân’ om, en komt der net út. Is dit selsbiklach, is it sarcasme of is it selsbiskuldiging? It liket my ta, Piebenga hat de studinten op sokke greate en grouwélige dingen ferge, dat hja it op gjin stikken nei folbringe kinne. Fryslân is net genôch trytrotte om ta de rjochte hâlding fan forwar to kommen. Fijannen en fordrukkers frege, swiere tiden en binearing op koarte termyn, oars komt it net goed. It folk wol wol, dêr komt Halbertsma syn riddenaesje op del, mar it hat mei fierstentomin wearstân to kampen. Fan gefolgen uteret Fryslân him net yn biwegingsaksje, mar yn algemien Nederlânske activiteit. Hy seit it sa: ‘It wiere Fryslân is net de folle seal fan in Selskipstoanieljoun, mar it Fryske bataljon op Java. En de Fryske folkskrêft bloeit net iepen yn ‘De Tsjerne’ mar yn de Reade Krústeams yn Ynje’. ‘Fryske studinten, jow it Fryske folk in doel’ sa bislút er syn needgjalp, ‘en it sil bergen forsette’.
Wol Halbertsma de kweageasten willemoeds oproppe? Lit ús mar bliid wêze dat wy de bile net yn'e nekke fiele, dat is minder noflik as it liket.
It is in koartamich idealisme, dat hjir oan it wurd komt, of leaver nei de siken gappet. As Jan Piebenga dit mei syn kronyk biwurke hat, dan skeat er grif syn doel foarby. De studinten sille leare moatte (en Piebenga hie it harren út ûnderfining fortelle kinnen), dat de Fryske biweging mear arbeiders as findelswaeijers brek is, hoewol it findelswaeijen op syn tiid net forgetten wurde moat. Mar mear as fan it greate gebear sil Fryslân it hawwe moatte fan de lytse, duorjende trou. Fryslân, dat bitsjut wurkje sûnder byfal en sûnder eare, it bitsjut forspile kânsen yn'e wrâld, it bitsjut misbigryp en miskenning - en dan dochs folhâlde en trou bliuwe op in faei risico.
Dy't dat net oandoar, nou, dy smyt him dan mar yn it ien of oare team of giet ûnder yn in algemiene neammer.
Dy't it wol oandoar, lit dy saeklik wêze en ynsjen dat wy noch mar pas bigjinne, en it treast wêze dat it hiele Fryske folk it doel noch net sjocht. Hie Halbertsma forwachte dat hiel Jeropa ús yn forwûndering oangapje soe? It hat wol hwat oars to dwaen, en it is wol hwat oars wend.
As wy it analfabetisme oerwinne, in reedlike literatuer skeppe, in weardige posysje bistribje yn it Nederlânske ryk, dan ha wy al in pear dingen dien dy't fan ûnwitten bitsjutting foar de takomst fan dit lytse folk wêze kinne, en dêr 't gjin bile oan to pas komt, noch arrestaesjes. Der hoege gjin bergen forset to wurden, mar wy moatte ré wêze de mollebulten om to dollen. En as wy nou by dy mollebulten sitten gean mei de lodde tusken 'e knibbels en de holle yn 'e hannen, lit ús dan net freegje om bergen. Hja mochten ris mûzen bernje. Of om it klassiker to sizzen, rju eale hearen: ‘As de fuotgongers dy al ôfmêdzje, hoe silstû dy minge ûnder it hynstefolk? Astû allinne bitrouste yn in lân fan frede, hoe silstû it dan meitsje yn 'e forheffing fan 'e Jordaen?’
Mei alle earbied foar de bataljons en teams yn Indonesië - moat it nou earst safier komme dat in Indonesysk team nei Fryslân komt om ús to learen hoe't in folk syn eigen saken birêdt?
F. Sch.