- Lit my efterbliuwe, smeke de spotter, om jimme froulju to treasten. Aenstouns haw ik omtrint trije jier yn aksje west, en dat is moaijernôch.
- Ear't it hiele ryk frij is, is it net moaijernôch.
- Ik fiel gjin klap foar dy koloanjes. Dat lân seit my neat.
- It rûkt my tofolle nei effekten.
Hy stie nei bûten to sjen, nei de mosken dy't har formakken yn 'e moude fan it paed.
- Hwat dochstû strak? fregen se him.
- Hy giet by de technyske tsjinst, lake de kommandant.
Hy draeide him starich om en sei: Miskien gean ik wol nearne by. Ik wit noch net.
Doe seach er wer nei bûten. Mar ik wit wòl hwat ik éarst wol, tocht er. Earst wol ik krekt as dy iene sei, oars net as libje. Wy sille tonearsten wol feestfiere moatte, en dat is ek noch net sa gek. Mar dan gean ik der op út, ride troch de greiden, en by de hege doarpen mei de stompe tuorren lâns. Ik wol in soad en lekker ite, en op echte bêdden sliepe, en sa folle mûglik sjen. Ik wol ek nei de sé ta; miskien driuwe dêr al fiskerboaten, en rûkt it dêr wer pikelich. En ik wol moarns troch in bosk rinne. En yn 'e heide swalkje en nei de wolkens sjen. Ik wol ek nei de stêdden ta en dêr yn in deftige gelegenheit sitte en oansjen hwat der lâns paradearret. It leafst soe ik op in terras sitte, mei in faem, en dan op 'e eftergroun hwat sentimentele muzyk. Noch better wie it en gean de strânboulevard op, en dan by jountiid. As alles dan hwat meiwaret, ek de sinne dy't him deljowt, komt it oare fansels.
In ûndergeande sinne! Hwat in idylle! Né, de moderne idylle's dy binne sa net, dy hawwe neat mear to krijen mei sinnen en moannen. Segretterook en neonljocht, is it nou. Binne der wol moderne idylles? It is neat foar my, ik hâld it mei moanneljocht.
Goed, ik bin dus oan it swalkjen. Moarns harkje ik nei in âld karillon. As dy der noch mar binne. Yn 'e greate stêd wie it noch wol, doet wy op 'e souder stiene en.... né né, dat nou net.
Ik harke dus nei it karillon, en nei de lûden fan in stêd dy't wekker wurdt: de skille fan in karre, it iependraeijen fan in finster, in tram dy't him troch in bocht wringt; en nei de groet fan in man oan syn frou, dy't him dan yn 'e doar nei-eaget; nei alle lûden dy't ûnbihindere troch it finster wynderje.
As de sinne boppe de reade dakken stiet, gean ik de stêd