De Tsjerne. Jaargang 3(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 120] [p. 120] Kees Jongsma: Erfskip Hy wie nei de groun woechsen en der yn opwoartele, Al nei 't gewaechs ûnthiet yn kiem en seadde; Hy hie him yn de fruchtberens biskoattele En syn hûngerich lichum sêdde. Hy hie it wêzen fan de bou toroppe, De kostbere fruchten ta him dreaun; De gouden kerlen, skyld en útdoppe Tusken syn krûme fingerseinen wreaun. Hy hie de griene greiden útheuvele. Mar yn wisse, machteleaze riten, As er flokkend oer 'e bliedende ekers skeuvele, Koe ierde swijend syn habsucht forwite. Mar nou't er rêst yn it tsjustere yngewant, De kluten ynsté fan sulverlingen him biknipe, Spilet de neiteam yn mearketrant It stik fan de lús en de jeijende swipe. Ien moaije dei yn selle Ien moaije dei yn Selle is ynteressanter As tolve waerme dagen yn 'e ûngetiid; Wrâlds neakene foarmen klaeije lichter en pikanter, Bistrúnt har spegelbyld soms sels coquet yn sleat en wiid... Hja boartet mei har bleatens, jong en rank; Nammers har maten: strûzelrein en bolle winen, Dêr giet har iere fruchtberens mei mank, Berne en woun út winters goarste pinen. De beammen yn it hôf: oan alle tûken knop, Sjogge binijd oft har lyts boarst al ripet; En fiele krigeligens fan fel en kraeljend sop Under har rûchbimoaze basten knipen. Ien moaije dei yn Selle is ynteressanter As tolve wurge dagen ûnder 't broeiske swurk. Wy fiele ús wol jongkeardels, sterker en gewanter, Mar ha de tsjeppe fammen leaver as it wurk. Vorige Volgende