De Tsjerne. Jaargang 3
(1948)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 109]
| |
Anne Wadman:
| |
[pagina 110]
| |
pear dissertaesjes wolris in kreas ynliedinkje oer hâldt op 'e Krite, dan binammen in treflik wurdke sprekkend oer Salves en oer it mystearje fan dichters ‘ûnderdûktiid’, oer de ‘funeste’ ynfloed fan Gabbema en inkelde dingen mear. Mar dan hat men 't hawn. Oan dit bidriuw steane wy sahwat allegear skuldich, man foar man. Gysbert is in stik Fryske biwegingstradysje wurden, dêr't him it flues fan in snobistyske mythe om lein hat. As wy him lêze is it út in brok Fryskebiwegingsforantwurdlikheit wei. It sil syn reden hawwe dat wy mei him skermesearje, dat hy paradearret as de byldkjende flage yn ús Frysknasjonale optocht, mar dat wy him net lêze en net kenne. Ja, it soe my gjin nij dwaen dat Schurer syn S.O.S. al moai krekt de oarsaek fan it net-lêzen wurden fan ús klassike dichter sketten hat, al wie it syn doel net sasear om krekt dàt to biwizen. Gysbert Japiks wurdt nèt lêzen nettsjinsteande syn klassiciteit, mar òm syn barok.
It gyng my by it lêzen fan Schurer syn artikel as Busken Huet dy't him ôffrege hoe't de ien of oare scribent syn roman ‘Lidewyde’ ôfwize koe yn in brochure mei de nuvere titel ‘Ergerlijk of middelmatig?’ Huet grânzget: ‘Ergerlijk èn middelmatig’ dat soe ik my bigripe kinne, mar dit dilemma ûntgiet my. Schurer syn titel pakt yndie de saek op in hwat bitiizjende manear oan. Ommers: der is gjin dilemma tusken mythefoarming en snobisme: it iene birêst op it oare: Snobisme út mythefoarming, Mythefoarming út snobisme, il is al wakker ien tout même. 't Is nou krekt as jowt Schurer Gysbert gjin kânsen mear: alles is forlern, de dichter leit fan syn fuotstik, der rêst ús noch allinne de fraech: is it mythefoarming of snobisme? - in ûnderskied to subtyl om fan bilang to wêzen. Mar oars, ek it fierder forrin fan it opstel, de utering fan in earlike toloarstelling nei in earlike konfrontaesje (in earlikheit dy't my hûndert parten leaver is as alle falske en skynhillige Gysbert-griemerij en -pielderij fan oant nou ta!) lit eins foar Schurer syn part gjin twivel mear oer. Hy sil earlik en folhâldend genôch wêze om it jitris oan to sjen en to bisykjen, mar syn eigen opfetting oer it dichterskip, it klassike, ‘alle tiden oerlibjend, duorsumer as metael’, lit net folle kânsen mear oer. Fan dizze kant út wei bisjoen kin men net folle oars as Gysbert foar hjoed de dei èn de takomst deaforklearje. Mei dizze stilistyske ynterpretaesje hat foar Schurer Gysbert Japiks ôfdien, alteast foar it barokke (en dat is fierwei it greatste) part fan syn wurk. Dochs skimeret der yn Schurer | |
[pagina 111]
| |
syn skôging earne in biwyske fan in kwea gewisse. En it is mei-iens ek it swak sté fan syn hiele redenaesje. Yn syn kjelmte oer de forbjusterjende ûntdekking jaget Schurer de mooglikheden bylâns. Hy stuitet dêrby ek op dizze: ‘Binne myn biswieren ûnder to bringen by de biswieren tsjin de barok yn it algemien? Goed, dan haw ik biswieren tsjin de barok yn it algemien dy't ik hjir op it dúdlikste demonstrearje kin oan Gysberts Japiks, tige bysûnder oan psalm 130.’ Yn syn sympathike riedeleazens docht Schurer dan in birop op oaren om him út de swierrichheden to helpen. Ik haw net de pretinsje fan dat to dwaen. De barok fordigenje, - men kin neat better dwaen as forwize nei Vestdijk syn essay ‘Rilke als Barokkunstenaar’Ga naar voetnoot1). In defence of poetry lyk as Schurer freget is altyd in nuodlik ûndernimmen, omt er uteraerd bûten it poëtysk milieu, de poëtyske situaesje stiet, wol er gjin dithyrambyske foarm oannimme. De poëzij moat himsels fordigenje, sa't er foar ús leit, al of net (it earste is gjin skande) mei help fan in philologysk apparaet. Boppedat leau ik dat Schurer him der sels wol úthelpe kin as er syn earste skrik toboppen komd is en kâns sjocht werom to gean nei inkelde yn earste ynstânsje forsmiten mooglikheden. Hy seit bg. (s. 92): ‘As ik al fêststelle kin, dat it gedicht bianderet oan noarmen dy't yn de tiid fan syn ûntstean algemien oanlein waerden, en dat it dus de tiidgenoat hwat sein hat, dan sprek ik in litterair-histoarysk oardiel út, m.o.w. ik ‘bûksprek’ mei it lûd fan in generaesje dy't foarby is. (En dy't yn dit gefal net bêst reagearre hat, oars hie Gysbert de ‘Rymlerij’ wol by syn libben útjaen kinnen).’ Ei nou: hwerom sòe men net in litterair-historysk oardiel útsprekke, of, lyk as Schurer it neamt: ‘bûksprekke’ mei it lûd fan in eardere generaesje? Dy't Hannibal as strateech hifkje wol oan de noarmen fan Montgomery of Eisenhower sil fan de âlde kriichshelt allicht gjin spoen hiellitte. Dy't dan boppedat biweart dat Hannibal as strateech grif net op syn ‘generaesje’ oansluten hat, omt er de iene klap nei de oare krige en himsels tokoart die mei de gifbeker, is alhiel de planke mis. Schurer biweart hjir net folle oars as dat G.J. net allinne by ús moderne lêzers lânsskriuwt, mar dat hy ek by syn tiidgenoaten lânsskreaun hat, en dat dêrom syn ‘Rymlerij’ net by syn libben útjown is. Wis, it kin wier wêze dat Gysbert net fan syn generaesje forstien waerd, mar dan grif mear omt er | |
[pagina 112]
| |
Frysk skreau as omt er barok skreau. Dus minder om de stilistyske reden dy't Schurer oanjowt as wol om de ûnmooglikheit fan syn generaesje om Gysbert syn stylfoarming to appresiearjen yn in litterair jit braeklizzende tael as it Frysk fan syn tiid. De meteoar Gysbert Japiks (meteoar net sa tige om de útsûnderlike kwaliteit fan syn dichterskip, hwant dêr hoege wy net om hinne to heljen: neist Hooft en Breero en Huygens, om fan Shakespeare mar to swijen, is G.J. mar in klauwer, - mar mear om it folslein ûnforhoedske fan syn forskining), dizze meteoar Gysbert Japiks skriuwt yn it Frysk, dat is: by de kultuersituaesje fan syn tiid lâns. Hy hie net de biskikking oer it kultureel ‘machts-apparaet’ fan in Fryske biweging dy't wol net meitsje kin dat de hjoeddeiske dichters lêzen, mar al dat hja alteast printe en forkoft wurde. It feit dat Gysbert syn dichterskip birêst op in foar de tiidssituaty forbjusterjend nasjonael, wy kinne gerêst sizze nasjonalistysk prinsipe, set him mei-iens bûten dy situaty. It hoecht net to bitsjutten dat er ek by de stilistyske foarmjowingsprinsipes fan syn tiid lânsskreau. Stilistysk stiet G.J. folslein midden yn syn tiid, de barok-tiid. En wy moatte oannimme dat dy barok, as kunst fan in maximum, of, om it mei Vestdijk to sizzen: as de kunstfoarm fan een ‘ordelievende geest’ dy't him pearet oan ‘een vrouw, die een sloddervos is en op wier chaotische instincten geen peil te trekken valt’, dizze kunst fan disharmonij en spjalting: de foarmrike foarm, de foarmleaze ynhâld, ek oansluting foun by de greate mannichte fan kunstgenieters. Brulloftsdichten, gelegenheitsdichten dus, as dy fan Breero en Starter kinne ús leare as hoe fanselssprekkend bg. yn dy tiid it forranen fan klassistyske èn suver-kristlike motiven binnen it ramt fan ien gedicht sjoen waerd. Breero ûnderbrekt himsels earne midden yn sa'n brulloftsdicht: ‘Wel Rijmer wat is dit, zijdi verrokt of zot?
Eerst meldi van de goôn, nu spreekt gij weer van God.
Zacht, Argus, wikt uw werk, mijn gunst heeft mij verleid,
Ik ben poëet noch klerk, ik bruik mijn vrijigheid.’
Ek hjir sjogge wy it houlik fan de tsjinstridige partûren: God as de manlike, klassike, oarderleavjende, de ‘goôn’ as de froulike, chaotyske helte. It is de ‘koarste’ fan dizze barok dy't men trochbrekke moat om Gysbert to forstean en him as dichter lyk en rjocht to dwaen. Dit forklearret mei-iens de snobistyske mythefoarming: men is fakentiden fan goede wil en bisiket it oprjocht yn it stilistysk oerwâld fan dizze barok op to kringen. Mar it | |
[pagina 113]
| |
ark ûntbrekt of is net effektyf genôch: wy ha gjin stilistyske basis dêr't wy dit stylprinsipe mei neijeroan komme kinne. Wy lûke ús ûntmoedige en stylfol tobek op 'e mythe fan ‘ús klassike dichter’, eang de illúzje to forbrekken en mei lege hannen stean to sillen. Hwant hjir bin ik wis fan: men kin en mei in 17de ieuske dichter as Gysbert nei binaderje mei ús moderne bigripen oer poëzij, stylfoarming en kreatyf formogen. De dingen leine oars yn in earder tiidrek, lyk as de strategy fan Hannibal in oare taktyk en in oar prinsipe, in oare ‘stylfoarm’ ferge as dy fan it atoomtiidrek. Wy kinne ús bêst dwaen de dichter oan ús to assimilearjen, him ús 20ste ieuske bigripen yn to printsjen en soms slagget dat ek moai goed: party gedichten fan Hooft bg. binne to lêzen sûnder dat men jin bikroadet om de stilistyske prinsipes dêr't se foar Hooft út ûntstien binne. Mar men moat dêrby biseffe dat men jin in eigen Hooft skept, dat men Hooft oan jin assimilearret mei jins moderne stylappresiaesjes, ynpleats fan dat men jins stylbigripen assimilearret oan dy fan Hooft. Ik kin dit op 'en bêsten demonstrearje oan ien fan de foarbylden dy't Schurer yn syn akte fan biskuldiging jowt. Op s. 93/4 hat hy it oer it kompositum ‘suwne-molne-stienen’ en forliket dat mei de foarming ‘pinemûlekrús’, neffens him in klichéfoarming dy't ek it kliché fan Gysbert syn gearstalling forklearje soe. Mar to'n earsten moat opmurken wurde dat dizze forliking alhiel net opgiet, ek suver formeel net. Suwnemolne-stienen = (der) sûnde mounestiennen, de mounestiennen fan de sûnde, de mounestiennen dy't de sûnde binne, lykas wy ek sizze de ramp fan de oarloch = de ramp dy't de oarloch is (subjektsforhâlding tusken de beide parten fan de gearstalling). Soe ‘pinemûlekrús’ dêrmei yn ien flak lizze dan soe it bitsjutte moatte: it mûlekrús fan de pine, it mûlekrús dat de pine is. In foarbyld dat al formeel op ien lijn stiet mei dat fan Gysbert soe bg. wêze: de leafde-maitiidsdream (ûntstien út 'e metafoar leafde = maitiidsdream, lyk as sûnde-moune-stiennen út sûnde = mounestiennen). Mar ek ôfsjoen hjirfan: is ‘pinemûlekrús’ in kliché? Neffens my is it krekt it tsjinstelde fan in kliché, ntl. in kompositum-foarming dy't striidt mei ús prinsipe fan de normale analytyske taelfoarming. In kliché is krekt datjinge hwat op banale wize yn it algemien brûkbere en brûkte kader falt. Hjir ha wy to dwaen mei in útskriptige foarming, it is in foarbyld fan forwrongen synthetyske taeloerspanning. It is in tael- | |
[pagina 114]
| |
prinsipe dat binammen út is op it geartropjen yn synthetyske sin fan bigripen yn nominale foarm (de lêzer forjowe my al dy technyske bineamingen), in karaktertrek fan de barok dy't yndie soms by Gysbert útwrydske, abnormale foarmen oannimt. Dat nimt net wei dat hiel faek it foarmjend prinsipe noch wol op to spoaren is. En dat is ek yn ús foarbyld it gefal. Hwant bliuwt it foar ús noch tige twivelich oft men ‘pinemûlekrús’ en ‘leafde-maitydsdream’ kliché's neame mei, wis is wol dat ‘suwne-molne-stienen’ it foar G.J. nèt west hat. Hjir is, lykas wy strakaensens sjen sille, it foarmjend prinsipe fan dit soarte fan gearstallingen noch tige goed to ûnderskieden. Earder moat it foar Gysbert de glâns fan it nije hawn, in expansy, in ûntdekking foar syn taelgebrûk west hawwe, namstomear omt it hjir in litterair braeklizzende tael as it Frysk gou, èk al soene wy mei Schurer oannimme moatte dat wy hjir to dwaen ha mei it domwei oan elkoar knoopjen fan trije wurden ta in gearstalde ienheit. ‘Suwne-molne-stienen’ - sjoch, dìt kinne wy of dit kin ìk mei ús tael. Der helpt neat oan, wy moatte efkes in útstapke nei de taelskiednis meitsje. De composita-foarming hat de lêste twa trije ieuwen àl mear syn bislach krigen, omt er paste yn it ramt fan de forsaekliking fan de tael, dy't konkreet en exact en biheind wurkje wol mei maklik realisearbere, nominale bigripen. Wiswier is de normale composita-foarming foar ús greatdiels kliché wurden. Wy riigje nou ienris mei it greatste gemak wurden oan elkoar ta ien bigryp, hiel oars as bg. it moderne Frânsk dat yn dit opsicht folle mear analytysk to wurk giet: hwer't wy sizze fan skoalmaster, brûkt de frânskman it wurd ‘maître d'école’, dêr't ‘d(e)’ as forfangend teken fan de âlde genityf de formele syntaktyske relaesje tusken beide gearstallende wurden oanjowt. Yn ‘skoalmaster’ is it formele teken fan dizze relaesje ôfwêzich. Dat net sizze wol dat er der nea west hat! Kliché is yndied in foarming as de ‘radar vinding’; dy't ik yn in skoalle-opstel moete. Wy fiele hjir de Ingelske efficiency efter, de Ingelske tael, tael fan de technyk yn 't bisûnder, is bysûnder gefoelich foar ditsoarte maklike foarmingen. Men kin sizze dat dit prinsipe pas de lêste ieuwen oer de hiele liny fan de Germaenske talen trochset hat. Mar neffens myn yndruk is it fan âlds ek yn it Frysk al tige eigen. It soe nijsgjirrich wêze en ûndersykje ris yn hoefier 't dy yndruk fan my, dat it âldfrysk yn it foarmjen fan soksoarte composita oanmerklik fierder giet as bg. it Middelnederlânsk, op wierheit birêst. Faeks | |
[pagina 115]
| |
dat ek it âldingelsk weardefol forlikingsmateriael bybringe koe. Nammers, dat hja by G.J. sa machtich foarkomme, kìn hwat biwize, ntl. dat it prinsipe, it mei dan by him extreme foarmen oannimme, dochs by âlds yn it Fryske taelsubstraet tige sterk oanwêzich west hat. Noch ien ding moat hjir by opmurken wurde, in kwesje dêr't it skriftbyld fan ‘suwne-molne-stienen’ ús net fuortdaliks op bringe kin. Wy hawwe dêrta de hiele situaty nedich, ik skriuw dêrom de passaezje efkes oer: ‘Mey suwne-molne-stienen
Belestge', O HEER', mey eag,
Mey hert, mey herte-trienen,
Graey ick to Dy om heag.’
En passant kin noch opmurken wurde dat Schurer syn fraech hwer't de dichter dy mounestiennen hàt de fraech is fan in plat-by-de-grounsk rationalist, dy't it kunstwurk bisjocht mei it each fan de algebra-learer. Wy sille it dus mar biskôgje as in grapke. Mar ta de saek. Der is alle reden oan to nimmen dat hjir tusken ‘suwne’ en ‘molne-stienen’ noch in bipaeld syntaktysk forbân, in syntaktyske spanning bistiet, dêr't men eat by fielt fan in genityfforhâlding. It mei ommers bikend stean dat it prinsipe fan dizze composita-foarming is it njonken elkoar yn de sin foarkommen fan in foaropsette en in dêrmei yn in bipaelde forhâlding (hjir tafallich in subjektsforhâlding) steand folgjend substantyf. Skoal-master giet dus prinsipiëel werom op in foarming as ‘(der) skoalle master’. ‘Later, toen de volgorde genitief+regerend woord niet meer in de levende taal voorkwam werden lands-belang, burgemeesters-zoon enz. echte samenstellingen’, seit SchönfeldGa naar voetnoot1). As dat libben kontakt (yn dit gefal de genityf-spanning tusken ‘suwne’ en ‘molnestienen’) net mear field wurdt, giet de forbining oer ta it kliché. Dan kin men ek wurden oan elkoar heakje dy't yn de sin nea neist elkoar stean kinne of stean kind hawwe, ‘túnman’ bg. Mar it is net sein dat dat hjirre al it gefal is. Krekt oarsom: hoe langer wy dizze passaezje oerlêze, hoe dúdliker wurdt it dat G.J. dy syntaktyske spanning noch wol field hawwe moat. Foar ús bigripen kinne wy dy spanning wer efkes fielber meitsje troch der it wurdtsje ‘der’ foar to tinken. Wy krije dan: ‘der sûnde mounestiennen’, likegoed as Ned. ‘der zonde molenstenen’. Hwerom't dat bipalend lidwurd ‘der’ hjir net stiet wurdt dúdlik as wy ús rekkenskip jowe dat ‘suwne’ hjir | |
[pagina 116]
| |
field wurdt as in algemiene abstraksje, dy't pas yn de ‘mounestiennen’ konkretisearre wurdt. Wy kinne krekt like goed sizze ‘leafde is in skoan ding’ as: ‘de leafde is in skoan ding’, it bigryp wurdt sûnder lidwurd algemiener. In bikende ek Fryske foarming is noch dy fan it froulik substantyf yn genityfposysje plus regearjend wurd, type ‘Leafde' swierrichheden’, ‘Lutske jonge’. Nou sil men sizze: goed en bêst, mar hwerom is dy relaesje dan yn it skriftbyld net ta utering komd, bg. troch in efter ‘suwne’ to setten? Ik doar dit net mei wissichheit sizze, it kin bard wêze út typografyske reden, mar ek omt G.J. oanjaen wold hat, hoe't er dizze gearstalling graech algemien meitsje woe, en him dêrta mar by foarrie in ‘kliché’-pakje oanloek. Alhiel subtyl is ûndertusken de kwesje net. Ommers it hat ek tige forbân mei de aksintuearring fan it wurd. It soe my gjin nij dwaen as Schurer, sjoen syn klichéforklearring, dit wurd lêze woe mei de klam op ‘suwne’, om de sûnde-mounestiennen to ûnderskieden fan oare mounestiennen, bg. de smerte-of byneed de leafde-mounestiennen. As kliché soe it wurd sûnder mis stribje nei in ienheitsaksint op it earste lid. Neffens myn forklearring nou kin men it wurd net oars lêze as, de syntaktyske forhâlding fielber meitsjend en it wurd losweakjend: ((der)) suwne mòlne-stienen, mei de haedklam op mòlne, secundaire klam op suwne, tertiaire op stienen. Wy moatte dus it compositum earst efkes losweakje, krekt oarsom as Gysbert, foar hwa't it ‘los’ genôch wie en dy't it mei syn koppeltekens just wer mear oan elkoar heakket.
Ik haw mear biswieren tsjin it bitooch fan Schurer, binammen tsjin syn opfetting fan de ynterpunksje-kwesje yn it fierder forrin fan dizze psalmstrofe. Ek mien ik, dat hy mei al syn rationalistysk útpinfiskjen hwat der nou krekt presiis stiet en hwat dêrfan de feitlike konkrete wearde is, ien tige wichtich ûnderdiel oer de kop sjocht, dat by alle dichters, mar by ien as G.J. wol yn 't earste plak fan bitsjutting is: it muzikael klankbyld fan syn fers, de taelmuzyk. Schurer wrot en wraemt om efter de visuële plastyk fan Gysberts fers to kommen, yn syn iver forjit er dat er mei psalmen to dwaen hat, dy't songen wurde moatte, hwerby't dus de auditive klank fan it fers sintrale wearde hat. Fansels bliuwt de visuële plastyk likegoed bistean, en faeks kin men krekt yn it snijflak tusken plastyk en muzikaliteit Gysberts barok it bêste binaderje. Spitigernôch kin ik fan de Tsjerne net méar plakromte en | |
[pagina 117]
| |
fan de lêzer net mear geduld freegje om op al dy dingen yn to gean. Myn doel wie to demonstrearjen dat neffens my Schurer de saek earslings oanpakt, dat er ta Gysbert-om giet wapene mei it sûnder mis ryk bisit fan syn eigen poëtyske prinsipes en mei syn klassyk ienfâldichheitsideael. As it him der nou om to dwaen is de barok to forsmiten, bêst, dêr moat men elkenien frij yn litte. It jowt lykwols gjin foech om Gysbert as dichterlik phenomeen yn Fryslân to fortsjustermoanjen op groun fan in ôfwizen fan hwat yn syn tiid foar it foarmjend taelprinsipe (yn litteratuer altyd) gyng. De barok is de kunst fan in maximum, fan it tolerabele maximum, soe men graech sizze wolle, mar spitigernôch wurdt it faken in ûntolerabel maximum, in oerdiedich surplus. Lykwols: tout savoir c'est... beaucoup pardonner. En ik leau dat Schurer to min forjowt yn syn kjeltme. Mei de barok en syn stylfoarmen sil men jin bitroud meitsje moatte ear't men Gysbert oanpakt. Miskien is dat dan ek mar allinnich weilein foar phenomenen as Vestdijk, dy't mei in forbjusterend assimilaesjeformogen yn 'e hûd fan eardere tiidrekken en stylfoarmen krûpe kin (Sjoch syn ‘Rilke als Barokkunstenaar’). Nammers, de stilistyske stúdzje stiet noch mar oan it bigjin. En mei dan dit de greate toloarstelling wêze: dat wy eins noch gjin rjocht hawwe op Gysbert Japiks, dat wy noch net ryp foar him binne en miskien nea ryp foar him wurde sille, of allinnich ta in hichte, dy't allinne inkelde bijeftige witlenskipslju, operearjend mei in eigen stilistysk apparaet en mei it Fingerspitzengefühl fan de kunstner, birikke sille, - it biwiist tagelyk dat Gysberts Japiks noch net fossyl wurden is, dat de rykdom fan syn dichterskip jitte kânsen hat, ek foar ús. En lit ús binammen de moedfearren net hingje litte: wy steane net allinne mei it probleem hoe't wy mei ús âldere dichters oanmoatte. It tige ynstruktive en heldere artikel fan Prof. Hellinga yn it Hooft-nûmer fan de ‘Kroniek voor Kunst en Kultuur’Ga naar voetnoot1) lit in skerp ljocht falle op dizze problematyk sa't dy ynjown is troch de feguer fan Hooft. Dit skerpe essay kin ús mei-iens leare hwer 't by Schurer de oast sit as dy seit: ‘Gean ta it fers, lit it safolle mooglik frij fan bykomstichheden op jin ynwurkje en ûnderfyn dan hwat it jin boppe alle tiden út noch docht’. It is ien fan de twa wegen dy't ek Prof. Hellinga oanwiist. Beide wegen hawwe har rjocht, beide hawwe har | |
[pagina 118]
| |
gefaren yn. By Gysbert binammen liket my de wei fan Schurer tige nuodlik, omt er yn 'e groun fan 'e saek út is op it skeppen fan in Gysbert dy't der net is en nea west hat. ‘Twee wegen,’ seit Prof. H., ‘leiden naar het kunstwerk dat uit het verleden tot ons komt. Niet iedereen zal beide kunnen gaan en dan is het nog de vraag wie het meeste zal genieten: hij die door de wetenschap ten slotte schouwend ervaart of hij die met eigen ziel en zinnen alleen de belevende ervaring in het vers met onze eigen waarden begeert?’ Mei der by Hooft noch twivel oan wêze, by Gysbert leit it lân oars, dat biwiist Schurer syn ûndersiik. Hìm kin men allinnich binaderje lâns de oare wei, dy't Prof. H. ek foar Hooft folgje wol: wy moatte, forbjustere troch in oare, slim tagonklike foarmewrâld de sin, de wearden en it foarmjowingsprinsipe dêrfan leare to bigripen. Fan datoangeande makket Hooft it ús tagelyk slimmer èn makliker as Gysbert. Slimmer omt Hooft ús makliker ta de yllúzje bringt dat wy him ek mei de moderne weardebipalingen rjocht dwaen kinne, makliker omt it yndie in Hooft is, in great en wichtich dichter, dy't wy lâns dy wei binaderje. Mannichien fan Hooft syn fersen is to lêzen as hiene wy mei in hjoeddeisk dichter to dwaen. Mar hoe faei dit wêze kin demonstrearret prof. H. oan it forneamde ‘Sal nemmermeer gebeuren’, dat ynset as in mei syn ‘donkere viooltoon’ foar ús moderne noarmen ynterpretabel gedicht en dêr't wy mei dy noarmen hommels yn dearinne as Venus it toaniel opstapt. Gysbert lykwols stiet yn dit opsicht fierder fan ús ôf, is earder in warskôging tsjin himsels, net allinnich omt er yn in minder tagonklik 17de ieusk Frysk skreau, mar ek omt hy mear moadedichter wie as Hooft. Gysbert bringt ús sadwaende earder op 'e wei nei it bisef, dat wy by him net fier komme as wy allinnich mar fan him forwachtsje hwat Schurer fan klassike dichtkunst forwachtet: ‘de ienfâld, de direktens en it kleare byld, de net to miskennen skaeimarken fan alle klassike dichtkunst.’ Hwat by Hooft ta in hichte mooglik is: him to lêzen as wied er berne yn 1881, is ús by Gysbert net mooglik, as men inkelde fan syn ‘folkske’ gedichten útsûnderet. Prof. Hellinga hat in probleem skerp op 'e kerrel der't er skriuwt: ‘Het baat ons niet; wanneer wij alleen verzen willen genieten van een Hooft die geboren werd in achttienhonderd-een-entachtig, dan moeten wij veel verloren geven, ons in menig opzicht onthouden van een oordeel over de vormgevingswaarde en de psychologie van zijn werk en in onze geschriften nadruk- | |
[pagina 119]
| |
kelijk een onderscheid maken tussen Hooft-A (1581-1647) en Hooft-B (1881-....). Wie hierin niet berusten wil, staat voor een moeilijk historisch-stilistisch probleem. Hij moet trachten te begrijpen, waarom Hooft soms verzen kon schrijven, die naar de vorm adaequaat zijn aan die uit onze tijd, maar een andere waarde moeten hebben omdat zij voorkomen in een voor ons niet direct toegankelijk geheel, waaruit zij natuurlijk niet verwijderd kunnen worden. Een lange weg ligt dan voor hem, een onderzoek waarin ook andere zeventiende-eeuwers betrokken zullen moeten worden en waarvan het resultaat niet vaststaat, waarvan het zelfs voor velen niet vaststaat of er een bevredigend resultaat bereikt kan worden.’ It is wiswier bihoarlik toloarstellend. Hwant as der gjin Gysbert fan 1903 bisteanber is, is de iennichste konsekwinsje: Gysbert Japiks fan 1603 allinne appresiabel foar de dea-inkelden dy't yn steat binne, op groun fan philologyske en stilistyske ûnderleinens, dizze lange en nuodlike wei to gean, dy't Prof. H. wiist. In toloarstelling, wis. Mar dizze erkenning is earliker as it skynhillich getôch mei de skym fan Gysbert Japiks, dat wy nou al jierren oansjoen hawwe en dat Schurer ús swart op wyt ûnder de noas treaun hat. Faeks falt mei dizze biskôgingen in dichter fan syn snobistysk-mythologysk fuotstik. Lit ús, ear't wy plaenút de dichter de skuld jowe, ús ôffreegje oft net dat fuotstik formôge wie en der nedich in nijenien komme moat! 19.3.'48. |
|