| |
Jan Piebenga:
Wurden op wizen
4. De Tiden
Tiete, Bouke, Ruerd en Kei,
Kom ris mei jim sawnen mei,
'k Sil jim hwat fortelle:
Blommepronk en fûgelsang,
Dêrfoar is de winter bang,
Tiete, Bouke, Ruerd en Kei,
't Is my danich yn de wei,
Rispjen, terskjen, seineswang,
't Fjild syn frucht ôfwinne,
Dêrfoar is de maitiid bang,
| |
| |
Tiete, Bouke, Ruerd en Kei,
Leau it grif, it giet my nei,
Hurde wyn en nachten lang,
Dize oer pleats en finne,
Dêrfoar is de simmer bang,
| |
5. Fan in kening
Forliet syn heech paleis.
Wie jong, mar âld fan herte,
Wie ryk, mar earm oan lok,
De skepter him fortrette,
Hwer't men him fierde en brochte,
Jonkfrouwen, eal fan wêzen,
Gjint wist him to bilêzen,
By nimmen foun er freugd.
‘Hwa nimt my ryk en plicht?
Wurd 'k fan mysels ûntlege,
Dan is my 't libben licht.’
Doe kaem út stege en gloppe
Dat lûd bigoun to roppen:
| |
| |
Hoe frij er him dêr fielde,
't Hert waerd him waerm en rom.
Joech earmoed wâld en winske,
Brocht lege steat him ear, -
Der gyng in sljochtwei minske,
| |
6. Swalkersliet
Swalkje fier oer sé en lân
Ta de kym dy't jimmer wykt,
Brekke boargers froede bân,
Hymje nei hwat 't herte strykt,
As de sinne moarns bytiid
Jaget ús út 't feilich nêst,
Groetsje 'm gol en optein-bliid:
Hwerstou skynst, fordwynt de lêst.
Heechste berchtop, dêr is 't goed,
Iensumheit jowt 't libben sin.
't Wetter falt, sa rûst ús bloed,
Nimt oerstjûr syn frije rin.
Jow' w' ús middeis noflik del,
't Gea is 't paradys gelyk;
Stiet de wrâld op fêst bistel,
Hwer't it wifket, leit ús ryk.
Boer en séman binne ús maet,
Oan de stedlju ha wy 't mier.
Polityk is sleau gepraet,
Wrâlds forgean komt dochs pas-ier.
En de frou is flecht'ge dream,
Hald yn kâlde en swarte nacht.
Driuw mar fuort op libbens stream
Oant in dei ús ûre slacht.
|
|