| |
| |
| |
[Nummer 4]
J.P. Wiersma:
De jaloerske Wyandotte
Dit is it forhael fan Moaije Meintsje en hoe't hja Pake op in krityk stuit yn syn libben geweken naem.
It gefal spilet yn 'e Hiltsjemuoiswâlden, op 't hiem fan Tabe Kommereinstra, in lytse gemier, lyk as dêr folle wenje. Tabe hie ûndogens west; de kommizen snapten him doe't hy mei in pear Kûkhernsters in mûskleurich pinkje slûke, en doe't de amtners dêr ienkear yn rearden, bigoun de boel hwat langer hwat mear to stjonken. Dat Tabe en syn maten wienen nei Ljouwert ta rekke en lang om let yn 'e kolonjes, dêr earne op Saksyske groun, bidarre; en dêr hienen hja it fansels net rom. Tabe koe it dus net witte en Wikje, syn bûkswjergea, hie foar soks gjin omtinken, mar it gyng op Tabe syn hiem net goed. Hwant doe't Hartman, de hoanne fan Tabes, dea rekke wie - de dokter fan Optwizel hie him ûnder syn auto hawn en oan polver riden - kaem Tetman, de hoanne fan skean-oer, parmantich oer 't stikeltried hinne en liet him fan stonden ôf fan Tabe syn wyandottes sêft sette. Ja, hwat soenen dy hintsjes ek al oars? Tetman wie in gentleman ûnder 'e hoannen, âld, mar ympulsyf, en syn reade kaem wie gewoan ‘deadlik’ foar de hinnen.... wrychtich wier, Hartman syn dea waerd op Tabe syn hiem net lang om roud.
Oan 'e oare kant fan Tabe syn spultsje, oer 'e sleat, wenne Jelle Wyteach; dy hie in hoanne by syn hintsjes, de âldfader Dorus, in stadigen-ien, mar likegoed in gút. Yn 't foarige - Dorus wie doe noch jonger - hie er 't alris lapt en fljoch oer 'e sleat; hwant Dorus wie ek al krekt as de measte oare hoannen, dy't miene dat op in òar hiem (as jins eigen) de libbenswille better skomje en weitôgje kin. Datgestrún lykwols hie er nea net folle mei bidijd; hwant meastal wie Hartman, dat in grouwe bûst fan in hoanne wie, him mei foarsje op 'e hûd komd, dat de fearren der nei stouden, òf hie Tabe him mei stiennen en flokwurden fan syn hiem dommenearre.
Mar nou wiisden de kaerten òars. Hartman wie dea en Tabe koe 't ek wol wêze, hwant hja krigen al yn gjin dagen in skymke fan him to sjen. Dêrom stie Dorus, de hoanne fan Jelle Wyteach, gau ris by de sleat to sjen. Op in iere moarntiid doe't hy Tabe syn hintsjes dêr sa faderloas omdangeljen seach, krige him dat sa yn 'e bisnijing, dat er, sûnder folle spul út to jaen, oer 'e sleat op Tabe syn gerjochtichheit fleach en
| |
| |
dalik, de kop fol gleon aventûr, de stap sette nei it fuordersplak, dêr't de skare fan Tabe de Eastynjeske weet oan 't bihimmeljen wie, dy't Wikje dêr delsmiten hie. Dorus wie in birekkene hoanne, dy't wol foar 't forstân hie, dat hy de earste kear de hintsjes mei in foarname gong op 'e lije side oankomme moast. Hy kaem der mei staesje oanstappen, mei opsetsin sa, dat Tabe syn folkje opmerksum waerd op syn seldsum sierlike nekke, dy't op dat hoanne-lichum plante stie as de nút op 'e Deinumer toer - in nekke, dy't er mei sa'n foarname slach foarútbringe en tobekhâlde, yn ien wurd: dêr't er mei balancearje koe.
It roun fansels oars as er hope hie. Omkoal wist hielendal net, hwat der op Tabe syn hiem al geande wie, en dat Tetman, de hoanne fan skean-oer, it dêr al sûnt inkelde dagen allinne to sizzen hie. Dorus koe Tetman net oars as fan sizzen en hearren; hy hie him nea mei bikende eagen sjoen, dus wist er net dat Tetman in hoanne fan veni, vidi, vici wie, in earsten ladykiller. Dêr koe Dorus it fansels net tsjin bolwurkje; al hie er dan ek in knappe nekke - mar syn kaem hie dy reade flam net as Tetman sines; Tetman dêr wienen de hintsjes al fan ‘wei’ as Dorus noch bigjinne moast to ymponearjen. Mar Dorus libbe fan datoangeande yn in hearlike ûnkunde. Dus stapte er it hiem op, as wie er de kening fan de Sahara.
Doe't de kliber fan Tabes de frjemde hoanne der mei sa'n, al syn bidoelingen forriedende, staesje oanstoaijen kommen seach, stauwen hja keakeljend byinoar wei en 't hiem op, in hinnekommen siikjend efter de hage of ûnder de omtearde dongkroade. Dy fortoaning kaem Dorus raer oer 't mat. Wilens hearde er, dat hja him de puchel fol skelden.
- Greatske bok! Snothoanne! Oerstallich produkt!
Dat wie it wolkom, dêr't hja de hoanne fan de buorlju op traktearren. Lykwols, dy kwealike bijegening brocht Dorus net fan syn stik, al moat sein wurde, dat dy skeldwurden him dochs wol stieken. Mar hy woe net mei him kakkestuollemeije litte.
- Ha, ha, ha! lake er. Ik soe oerstallich wêze! Hartman is dea, leave freondintsjes; dy komt net werom. En der komt in dei, dat jimme mei....
- Dy net! sistere it fan alle kanten. Alde bok, hwat makkest' dy sels wol wiis.
It wie Dorus op 't lêst sa klear as in klûntsje, dat syn fluenske praterij him gjin stap fierder brocht. En doe woe hy ek dalik mar ôfbreidzje, hy wie oan dizze floddermadams net
| |
| |
troud, hwat tochten hja wol - hy hoegde jouns noch net allinne op 'e stôk to gean. Stik jimme! tocht er; hy hie de strael yn. 't Wie oft Dorus ynwindich bifrear; sûnder ek mar ien wurd mear smoarch to meitsjen, sette er ôf - it balancement fan de nekke wie wer sa treflik as it mar wêze koe. Op 't lêst fleach er mar oer 'e sleat. Op 'e wâl fan syn eigen gerjochtigheit kearde er him om en eage it hiem fan Tabes oer, dòchs nijsgjirrich oft syn ôfmars ek biwûndering set hie; hy hie 't op in pypfol.
Mar it foei ta.
Under 'e dongkroade fan Tabes seach er eat wyts forwegen. 't Wie Moaije Meintsje, dy't wachte hie oant Dorus oer 'e sleat wie, mar nou to foarskyn kaem en mei greate frijmoedigens nei de sleat ta tripke, oars gjin doel hawwend as de hoanne fan 'e buorlju to húnjen. Dorus lykwols tocht op dat stuit òars en better oer har. Hy stie it kommen fan Meintsje oan to sjen mei in gefoel, dat nei sympathy swime; it woe him talykje, dat Meintsje him in blyk fan tagedienens jaen woe, en hy woe nèàt leaver fan har oannimme, hwant hja wie fierwei de moaiste fan Tabe syn folkje. Mar o heden, it pakte hiel oars út! Meintsje wie sa gau net by de sleat kaem, of hja makke nuvere krewellen; kâldgnyskjend, mei in tût fan wearze en spot, mei de poat yn 't sân klauwend, stie hja dêr - gjin wyandotte, dy't de slach der sa fan beet hie, in meiskepsel út to gnizen en to bispotten, as Meintsje.
- Dorus, sei hja fluensk. Dorus jonge, hwat kaemste bikaeid wei, oars net?
- Mienste? frege Dorus, dy't al moai gallich waerd. Mar hy boun him yn, hy wie der de hoanne net nei om itjinge op it bigjin fan in brêge like, mei in lilk wurd ôf to brekken.
- O jonge, hwat kaemste sneu wei, forfette Meintsje en gierde it út. Wy gunne dy, âldbok, net ièn grien bledtsje... Nou, dei, Dorus-omke...!
- Snotkyp! snuorre Dorus werom, like willich om to leavjen as to haetsjen. (Hwat dat oanbilange, hie er syn libben lang slim mei ambivalenty oanhelle west).
Moaije Meintsje die de wjokken útinoar en flodderwjokke, kraeijend fan nocht, it hiem op. Underweis seach hja om, naem in hâlding fan grande dame oan en die Dorus, fyntsjes gnyskjend, de oerstallige fraech:
- Sei hy noch hwat, myn jonge...?
Mar Dorus sei gjin wurd mear. Hy stie stom forsteld, né, pynlik forsteld, oer it trochtrape, skelmske dwaen, dêr't dy
| |
| |
falske Meintsje him op traktearre. Sokke streken, dêr hie inkeld mar Hartman wei mei witten; mar noch Dorus, noch Pake fan Tabes, noch hokker oare hoanne út 'e Hiltsjemuoiswâlden koe yn soks Hartman binei komme, wol to forstaen: doe't Hartman noch net dea wie.
Doe't Dorus seach, dat Meintsje dêr hwat omdideldeinde en krekt die oft hja wer nei de sleat ta komme soe, sabeare om buorlju's hoanne to sizzen, dal hja 't sa slim net miend hie, krige er sa de pik yn op dy sleauwe tutte, dat hy de kop omheech die en mei in grimmitige stim oer Tabe syn hiem rôp:
- Ik kom dy noch wol ris to wurden, moaije!...
Meintsje geide it út fan nocht, doe't hja dy wurden hearde. Hja bigoun wer to spotslaen en stiek Dorus sa lûd de gek oan, dat alle wyandottes fan Tabes it hearden.
Dorus makke dat er fuortkaem. Hy koe dat net mear oanhearre. Dêrom socht er in skûlherne om dêr syn spitigens to forkropjen. Dorus hie in opstopper hawn; dy boaze fekke fan in Meintsje hie him útracht! Hy hie in brêge slaen wold; en nou gappe der in ôfgroun.
Meintsje reizge mei har smaedlike wille oer Dorus nei alle seamen fan Tabe syn hiem om it har freondinnen oan to dragen, hoe moai hja Dorus hawn hie.
- Nu moatte jimme ris hearre, rattele hja iverich. Dy snothoanne fan in Dorus wol mìj to wurden! hy! hy!... Soe men jin net bidwaen?
Doe't der in wein mei noat de dyk lâns kaem, harken hja net langer nei Meintsje. Hwant de hinnen fan Tabes hienen de fretkoarts; hja koene suver net sêd. Meintsje lykwols fielde op dat stuit dy skroei net sa; hja siet ek to fol fan oare dingen, en hja krige har biderf joun noch wol. Hja dwelme hwat om, en op 't lêst trape hja mar ris nei de kuilbult ta, dy't in moai stik hinne leech wie. Mar o heden, hwat waerd hja kei! Dêr siet Pake fan Tabes... lykme-allinne!
Meintsje seach fuort wol, dat it mei him net wie sa't it mei in jonge hoanne hearde to wêzen.
- Skeelt der hwat oan? frege hja, mei syn lot bigien.
- Wit ik dat! andere Pake snibbich.
- Ik sjoch it dy wol oan, datste...
- Nèàt sjochstû my oan! sloech Pake har oer 'e snút. Ik sei: dû sjochste neat! Dû sjochste allinne mar oer 'e sleat...
Meintsje knypeage efkes; mar dat seach Pake net. ‘Dy wurden forriedste dysels mei, heite, of ik hjit gjin Meintsje’,
| |
| |
tocht hja by harsels. En hja makke har der klear op, mei bihindich praet syn stjûrsk sin om to wennen.
- Pake, sei hja myld, lear dit fan my: wês nea jaloersk.
- Hwa hat it oer jaloerskens! andere hy. Aste my koeste...
- Heite, foel Meintsje Pake yn 'e reden, wylst hja in lodderich each op him smiet, heite, ik wit der alles fan. It is dy yn 'e wei, dat... dat...
- Dat, dat?..., frege Pake spoensk, wylst syn kaem greater en teffens reader waerd.
- Hy is pûr-razen, tocht Meintsje by harsels. Lit ik it hoeden oanlizze... Ik woe mar sizze, forfette hja, dat... datstû it hjir net allinne to sizzen haste.
Dy siet!
Pake wie der stil fan. Hwant Meintsje hie de wierheit, de folsleine wierheit sein. It wie him slim tsjin 't krop, dat Tetman, de hoanne fan skean-oer, hast alle dagen op Tabe syn gerjochtichheit kaem en de wyandottes dêr net mear wearzich oan wienen. En dy smjunt fan in Tetman die mar krekt oft er net wist dat hy, Pake, yn Tabe syn hinnemeltserij de wetlike opfolger fan de deade Hartman wie. En dat Dorus èk al oer 'e sleat komd wie en mei in slynsk, ûndogens sin bisocht hie hjir syn trekken waer to nimmen, dat hie in nije hou yn syn sear west. Dy dingen makken, dat Pake sa fortrietlik en sa batsk wie. Hy koe 't net litte en siz der sines fan.
- En dy greatske bok fan Jelle Wyteach hat hjir syn kommen ek al, sei er skeetsk.
- Dorus is by uzes gjin tel, jit minder as in talhout, andere Meintsje. Hja woe alteast dat lêste wer hwat yn 't lyk prate.
- Mar Tetman safolleste méár, sei Pake grynderich.
- Heden, dû moatste dy dy dingen net sa oantsjen, treastge Meintsje him. De dei is net sa fier mear, dan bistû ek folwoechsen en...
Dat wie mear as Pake forneare koe. Hy stie mei in hoart oerem en naem om sa to sizzen syn lot yn beide poaten. Ynienen wie er dy kliemerige stimme fan Meintsje ba.
- Ik lit my net langer lyts hâlde fan jimme! bijegene hy har bits. Hjoed de dei noch fljoch ik ek oer de sleat. Dat siz ik de prima donna fan Tabes hjirby dan mar oan...
- Pik yn 't fjûr! tocht Meintsje by harsels, hwat in narbealch is dy Pake dochs. Dat hy har de prima donna neamd hie, dat flijde har oars wol. Lykwols liet se har neat skine.
- Soa...! Smytste twa eagen op Aechje, sei Meintsje mei in lûd, dat net alhiel fan jaloerskens frij wie.
| |
| |
- Dêr hat oars gjinien hwat mei to meitsjen as..., sei Pake, ûnbigryplike wiis ynienen. Ik dòch it! As Dorus tinkt, hjir syn dôbers lizze to kinnen, dan sil ik ek nei oare fiskwetters omsjen. Dy't op myn hiem ûnrêst sieddet, sil op syn eigen hiem oproer yn 't hinne-iten rispgje!... Eltse hou dy't Dorus my jowt, krijt er fan my ien foar werom.
Greatsk en ynfieren, mei de drystmoedigens fan de jongerein, roun er fuort en seach net in kear nei Meintsje om.
Moaije Meintsje seach it breinroerige protsje fear en poaten nei. Hja wie fan 'e set rekke. It wie har net allikefolle hwat der mei Pake barde, of nèt barde. Hwant as it nypte en jitris nypte, dan mocht hja him hiel wol lije. In nuvere tagedienens kaem by Meintsje boppe. Hja woe ek mar fuort; yn 'e kuilbult wie 't foar har net mear to finen. It lei har sa mar by, dat hja earne oars eat to forstriken hie. Mei it foarnimmen om de goede dingen to dwaen en de tsjoede yn 't foar to kommen, teach hja hinne.
Op 't hiem fan Tabes waerd hja Pake gewaer, dy't mei gâns pûrim tusken de hintsjes kuijere en hiel hwat to babbeljen hie, dat it oanhearren wurdich like to wêzen; hwant in stik of twa wyandottes hienen wit-hwat to gnizen en wienen der net frjemd fan, mei alderhanne grysjes de jonge hoanne oer syn bier to bringen. De measte hinnen fan Tabes lykwols hienen in skalk each op Pake, om 't se wol wisten dat it mei him noch mar in bernespul wie, en dus spytgnysken hja mar hwat om syn debút.
Meintsje krige der suver in bikrûping fan, doe 't hja Pake yn 't selskip fan dy twa bleikemuois seach. Op dat stuit krige hja it foar 't forstân, dat hy mei syn ûntjowing dochs fierder wie as hja nyskes noch tocht hie; dus waerd hja it mei har sels iens, dat hja him nea wer oankomme soe mei lêbbich praet oer syn jonkheit.
Pake die krekt oft er Meintsje net seach. Mar fan 'e weromstuit rekke er alhiel út 'e skroeven en tjirge him wakker. It wie klear: dat healwiis dwaen soe him sûr opbrekke, lei Meintsje by harsels oer, net sûnder dat it har om him bigreate.
Doe't Pake der sels genôch fan hie, sette er syn slachpinnen op en flodderwjokke fuort. Meintsje seach him nei de sleat ta draven. Dêrre, by de wâl, makke er mâlle meneuvels, as wie er fan doel, daliks mar oer 'e sleat to fleanen. O heden, tocht hja, as hy it wrychtich-wier ris ûnderlei, hwat... Dêr hienen je 't al! Op it hiem fan 'e buorlju, in jellen as hwat
| |
| |
fan 'e sleat ôf, stie dy kekene Aechje to sjen en to noadzjen mei har kriterich lûd - ‘tok, tok, tok’, dat flarde!
- Ik sil dy foar wêze, floddermadam, sei Meintsje by har sels. Se meije sizze hwat se wolle.
En hja sette nei de sleat ta.
- Pake, sei hja, wit hwatste dochste!
- Ik doar wol, sei Pake en gnyske wilens sa'n bytsje. Of tochtste fan net?
- Aste it dochste! warskôge hja him.
- Hwat kin der my fan oerkomme? swetste er op.
Meintsje bisaude fan dy toan; hja fielde, dat er oan syn oermoed útlevere wie. Om't it har ynbaernde sei se jitris en diz'kear mei tige klam:
- Aste it dochste, flean ik dy efternei en helje dy wer op ús hiem!
Aechje, oan 'e oare kant fan 'e sleat, wie oan diz-tiid ta noch net fanwegen kommen. Mar nou ynienen die hja it mombakkes fan objektiviteit ôf en kaem, mei in sierlike gong, nei de sleat ta. It wie in seldsum moaije hin, mei in fearrenpak as in wolken. It hiele dwaen en litten fan Aechje siet eat bysûnders oan: in ynfierenheit, dêr 't in jonge hoanne as Pake great ûntsach foar hie. It like Pake ta, dat Meintsje it nou ek wol yn 'e smize hie, dat hja it tsjin ien as Aechje net yn 'e kant sette koe. Hy sette syn slachpinnen op, seach efterom en sei:
- En as it my nou yndied tinken is om oer de sleat to gean....?
Meintsje smoarde omtrint, sa prike har de jaloerskens.
- Pake, sei hja - en har lûd trille fan noed en noch hwat oars - dû biste op 't lêst gjin jong broekje mear; dû moatste dochs bigripe, dat hjir foar ús allegearre smoarge dingen út fuortkomme kinne!
Op dit stuit miende Aechje ek in duit yn 't ponk je dwaen to moatten. Hja stiek de kop út 'e fearren - en wylst se mei de poat yn 't sân skrabe liet se wer har leidich ‘tok, tok, tok’ hearre. Dat dwaen tôge Pake alhiel wei, dy stumper wist jit net, dat in hin as Aechje - as hja 't bigrepen hie - in jonge hoanne as hy om sa to sizzen wol yn 'e bûse stekke koe.
Pake hie oan har sa folle to sjen, dat er it fleanen forgeat en de slachpinnen sakje liet. Like hoask as oertsjûgjend sei Aechje:
- As it Pake tinken is om oer 'e sleat to kommen, dan mei hy dat dwaen. Hwa fan jimmes soe him dat bilette kinne?
| |
| |
- Dû moatste him ek jit stypje yn it kwea! kapittele Meintsje har. It soe dy moaijer stean ast op dit stuit by dy sels oerleiste, hwat Dorus sizze soe as er dy hjir sa seach.
- Dorus bistiet net mear - of it moast wêze yn 'e pikel! andere de kekene mei safolle earnst as hja bybringe koe. Jimme moatte witte, dat in healûre lyn ús team om sa to sizzen decimearre is. Jelle en syn soan hawwe trije fan uzes, en Dorus der by, yn 't hok de nekke omdraeid. Sels haw 'k it sjoen.... En sa kin 't moarn mei ús ek gean. It libben kin soms in koart eintsje wêze. Hwer soe ik my dus foar to wacht nimme moatte?
Meintsje en Pake bistoaren fan kelte, doe 't hja dat ôfgryslike nijs hearden.
- Leave stumper en gjin ein, hokker skriklike dingen fornijste ús! klage Meintsje. Dorus - dea! Hwat slim, hwat slim .... En dû wolste Pake der by ynhelje? Stietste dan gjin noed fan him?
- As hy komme wol, is er wolkom. Nei ús de déluge, sei de kekene mei in ûnforskilligens, dy't har noch bigearliker makke yn Pake syn eagen. Hja stiek de kop nei de groun en skrabe mei de poat, hiel licht mar - Meintsje waerd der suver mislik fan, mar Pake syn lea dy sprongen.
Mei in beevjend lûd, krekt of hie hja de pip, sei Meintsje:
- Jonge, bitink dy goed. De sleat is wiid....
- Ja, sei Pake, Tige.
- Nim earst in pear hipkes, sei Aechje, de kekene. As it nammers earst mar fljocht.
Pake sette syn slachpinnen op.
- De trêdde kear de goede kear, rôp er wylst er mei de wjokken floddere, as wie er hurd fan doel om oer 'e sleat.
Mei in snjit wie Meintsje by him.
- Ik bistjer it, aste my allinne litste! reaunte hja.
Pake hie 't heard. Mar hy woe it birop kitse.
- Omdat, sa bigoun er mei tige klam, omdat it wol hwat ryklik lang duorre hat, dat men my soks seit; en twad, omt men my by Tabe Kommereinstra altiten lyts hâlden en as in jongbroekje bijegene hat, bin 'k sa fier hinne, dat ik myn lot...
Fierder kaem er net, hwant der barden bûtenwenstige dingen; earnstige dingen ek, hwant it gyng hommels om dea.
Jelle Wyteach syn keppel hie wer de honger yn 'e hâls. En doe hie Jelle tsjin syn wiif sein: ‘De wite sil der oan, dy hat in best riezel oer 'e bûk’, krekt of wie 't in spalling en gjin hin. Hy sette nei 't hiem, kroep troch 't strewelleguod en loerde alle
| |
| |
kanten út. By de sleat seach er de wite, keken as altyd; nou stie se dêr mei it doel om dy jonge hoanne fan Tabes oer 'e sleat to lokjen.
- Dat sit dy net glêd, juffer, sei Jelle by himsels en foel de kekene op 'e lea. Hy krige it bist by de kop en draeide it dalik de nekke om. Pake koe noch krekt hearre dat Aechje ‘mjek’ sei en doe stil wie.
Alhiel fan 't stokje rekke, stienen Meintsje en Pake dat freeslike barren oan to sjen. It wie klear: Aechje wie deselde wei gien as Dorus. Moaije Meintsje, dy't al gâns bilibbe hie, krige in fisioen fan dingen, dy't yn pikelwetter dreauwen sûnder har to forwegen. Byhwannear't de tastân net sa faei west hie, wie hja der fan aeklikheit hinne swymd. Mar om't hja noed stean moast fan Pake, skuorde hja de kop der by.
- Kom, noade hja myld. Bliuw by my en alles sil goed wurde.
Hastich rounen hja togearre it eigen hiem op. De oare hinnen fan Tabes stieken de kop op, doe 't dy twa by harren lâns strûsden, krekt oft hja yn trance wienen. Sine, dy't Meintsje net luchte mocht, piuwde har nei:
- Hwat wurdt it: in geld aei of in dea pyk?
En Leentsje, dy't in bulte fan Pake hope, mar de tragyske earnst fan sa'n jonge hoanne net sette koe, rôp narjend:
- Doch mar gewoan, dan giet it ek gewoan!
Mar Pake wie to birikken noch to birazen. Hy gyng mei de jaloerske; it wie syn earste hintsje.
Dy jouns tocht Tetman, de hoanne fan skean-oer, surveillance dwaen to moatten op Tabe syn hiem. Under 'e hage stie Meintsje; mei opsetsin stie hja dêrre.
- Bliuw dû der mar, snothoanne! rôp hja bits. Wy ha genôch fan dy.
- Soa, sei Tetman. Wie 't sa fier?
- Fier of net fier, dat kin dy neat skele. Mar wy kinne it tonei mei Pake wol ôf. Wy binne gjin Tetman mear brek.
Op gjin hiem yn 'e Hiltsjemuoiswâlden, op gjin hiem tusken Kollumerpomp en it Pasfear trêdde in hoanne parmantiger as de jonge hoanne fan Tabes. Hwant Pake hie syn posysje mei méár as bravoure fortsjinne en foar altiten ynnommen.
Mei in hipke flodderwjokke er op 'e wrakke dampeal fan Tabe syn homeije. Dêrre kraeide er syn salutum oan de hinnefoltsen yn syn hemisfear.
| |
| |
Tetman, de hoanne fan skean-oer, wie yn in âld stobbe flein. Nei dat rablemint fan Moaije Meintsje hie er in podium brek, in heger niveau, dêr 't hy wei delsjen koe op alles hwat yn sleatswâllen en op rûchskernen klaude.
Dêr hearde er it spektakel oan, dat Pake yn syn oermoed op 'e dampeal makke.
- Kemyk èn earnstich is it libben fan in oerjierrige hoanne, oertocht Tetman. Hear dy Pake!.... Hear him ris en sjoch my... Men wol 't eins sa net hawwe, mar men kin fan immen as Heine noch wol hwat leare. Das Leben ist im Grunde so fatal ernsthaft, dass es ohne diese Verbindung des Pathetischen mit dem Comischen nicht zu ertragen wäre. Hear dy Pake nou ris! Men moat de wierheit oandoare. Birêste en jin deljaen, dêr komt it yn 't libben op oan!
|
|