Ús lêzerspriisfraech
Al hie de redaksje fan it plan om foar ús lêzers-nonscribenten in priisfraech út to skriuwen, gjin hege forwachtingen, hwat der by einsluten fan op 'e hispel kommen is, is noch ôffallen, alteast kwantitatyf. Net mear as 15 lêzers hawwe de moeite nomd om Jiergong 2 mei soarch troch to lézen en har bitinken to jaen oer de neffens har foar de ûnderskate rubriken bêste bijdragen. De Jury, bisteande út de hearen M. de Haan to Grou, G. Koelstra to Snits en A. Kornelis to Easterein, skriuwt yn syn forslach: ‘Wy hawwe dit wurk mei tige nocht dien en hiene it der graech drokker mei hawn.’ Hja advisearje dan ek om fan de taseine prizen mar twa ta to kennen, t.w. J.F. Broos to Arum en W. van der Zwaag, sold. 261021056 V 9 R.I. to Stienwyk. Harren neist oan, neffens de útspraek fan de Jury kamen: G. Leopold to Driebergen, Juffer A.M. Hepkema to Wyckel en R. Strikwerda to Snits. Oer it lot fan dizze trije (jiergong forgees of net) sil noch útslútsel jown wurde.
De Jury hie as de neffens harren trije bêste bijdragen oanwiisd: yn de sektor essayistysk proaza Fokke Sierksma syn ‘Op aventûr yn it wurk fan Koestler’, yn de ôfdieling fersen ‘Winterdream’ fan Sjoerd Spanninga en by it proaza Geart Jonkman, ‘Stopjern’.
Guon meidoggers hawwe fan harren forantwurding gâns wurk makke. Wy tankje harren dêrfoar en sille der as redaksje ús foardiel mei dwaen. As enquête-materiael (en ek as sadanich wie it fansels bidoeld) hat dizze priisfraech, al hoe meager de resultaten ek, syn nut dien.
En dan fansels ús hertlike tank oan de Juryleden, dy 't de saek sa serieus en mei safolle enthousiasme oanpakt hawwe.
Lit ús by einsluten noch sizze, dat de redaksje net fan doel is fan ‘De Tsjerne’ in gesellich famyljeblêd to meitsjen, mar dat wy wiis binne en bliuwe mei alle reäksjes út ús lêzersrounte, kritysk as net, dy't de opbou fan ús blêd goeddwaen kinne.
A.W.