minske op 'e grins fan 'e profanaesje, seit: ‘Dy pinemûle is in krús.’ Mar inkeld in ûndichterlik minske, dy 't it wurd brûkt as cliché, kin de nuodlike kombinaesje meitsje en prate fan it ‘pinemûlekrús’. Sa'n kombinaesje is dit, en al komt er út de pinne fan Gysbert Japiks, it is in cliché, en in tige ûnoannimlikenien.
‘Mey eag, mey hert, mey herte-trienen.’ Sinkonstruksje en ynterpunksje jowe alle oanlieding om to tinken dat each, hert en hertetriennen in oanhingsel (letterlik) foarmje fan de neamde ‘suwne-molne-stienen’.
Makket men jin los fan dizze suggesty, dan docht it bliken dat hjir de trije organen neamd wurde dêr't de dichter mei ‘graeyt’.
Wie ‘each’ en ‘hert’ al net mear as foldwaende? As de triennen hjir abslút neffens har herkomst oantsjut wurde moatte, dan komt it each dochs earder oan bar as it hert. Hertetriennen soe men noch oannimme kinne, as it ‘each’ him yn 'e foarôfgeande rigel net opfallend oantsjinne hie. It rhetoarysk bigryp oerwoekeret hjir alhiel de sinlike oanskôging fan it byld en fortsjusteret elke mogelike visy.
De ienfâldige, neakene skreau út de djipte fan 'e psalmist giet hjir toloar yn in winteljende malmounle fan net-sjoene bylden, de twingende klacht fan de godforlittenheid wurdt hjir oppronke mei it falske forsiersel fan in sinleaze rhetoaryk. Gysbert Japiks slút hjir net oan by de geast fan 'e psalm, mar by de wansmaek fan de litteraire rinkelbellen fan syn tiid.
Ryklik lang haw ik stilstien by dizze iene strofe. Ik woe forantwurde wêze, omdat in bimerking yn passant as kweadaerdich timpelskeinen opnommen wurde koe.
De dingen dy't men noch merkbite kin yn de folgjende fjouwer strofen fan dizze psalm 130 binne fan itselde karakter, en it hat net folle doel der rigel foar rigel bylâns to gean. Ik freegje noch even it omtinken fan 'e lêzer foar it lutsen ‘wreck-swird’ (3, tredde rigel), foar de stoplape ‘Waems eag trog 't tjuester sjogt’ (3, lêste rigel). Ik wiis op it fjirde fers, dêr't ‘ik hoopje op syn wurd’ birime wurdt as:
‘Op sijn wird, in sijn leere,
Dear fet mijn hoop sijn klim:’