| |
| |
| |
Kronyk fan it proaza
Fokke Sierksma:
It ivich paradys
Nycle J. Haisma, Suderkrús, Yndyske Sketsen, 2de printinge, Snits, Brandenburgh & Co. 1947. Des.: Zuiderkruis, selde útj. oers. E. Siderius.
Fryslân libbet út 'e ûntrou fan syn soannen. Dêrom hat dit lân in taei libben, hwant it byld dat dizze soannen der fan jowe, hat de skerpe tekening fan it faei gewisse. Dêrom is Fryslâns bistean ek faei, hwant it is basearre op in tokoart.
Fansels is mei dizze wurden in karikatuer jown. Mar ik doar dizze mistekening op myn noed nimme, omt op dizze manear eat wêzenliks sein is. Mannich Fries is pas Fries wurden, doe't er foar syn nûmer opkomme moast en yn 'e frjemdte bidarre. Lykwols, it is net nedich om bûten de grinzen ûntrou to wêzen. Men kin op 'e swalk gean, mar men kin ek yn 'e boeken jins doarp of stedtsje ûntrou wurde.
Nycle Haisma hat op beide manearen de grinzen trochbrutsen. Om in goede Fries to wêzen moast er de sé oer, om ûnder de toskroeijende hjitte fan de tropyske sinne gewaer to wurden dat er dêrre ek net thús wie. Jong is hy nei Yndonesië tein en de ein is foar him kommen yn Yndonesië. Mar hy is as skriuwer bigoun yn it Frysk en yn syn lêste libbensjier siet er yn it Japansk konsintraesjekamp mei in stommeleintsje poatlead en in skoalskrift jitte Frysk proaza to skriuwen. Dit biwiist mear as gâns dierberheden hoe 't dizze man Fryslân leafhawn hat, it biwiist ek dat syn leafde ta it heitelân sa't skynt in leafde fan 'e fierte út wêze moatten hat.
Men hat, en net sûnder rjocht, sein, dat de ûnwennigens nei de fierte typearjend is foar de Friezen. In great persintaezje bistiet út ûnforbetterlike romantici. En nou is dit it nuvere: de langstme, dy't yn Fryslân nei fiere lannen reizget, nei lannen dy't yn alle ding it tsjindiel binne fan it heitelân, dy langstme reizget automatysk werom, as de rûmtehonger sêdde is. Eins bitsjut dat, dat dy rûmtehonger nea sêdde
| |
| |
wurdt. Hwant de ûnmooglike remeedzje soe wêze: wer in bern to wurden. En as 't bliken docht, dat it dochs nearne to finen is, dan.... wurde hja forstânnich? Né, hja witte dat hja ûnforstânnich binne en bliuwe. Omt hja romantici binne, d.w.s. omt dizze langstme nei de frjemdte èn nei it eigene winliken de langstme is nei it forlern Paradys.
Men soe it ek sà sizze kinne: foar Nycle Haisma - lyk as foar sa mannich oaren - wie Yndonesië it werwoune Paradys... salang 't hy der noch net wie; doe't er der ienris siet, lei it forlern Paradys hommels yn Fryslân. It wol my oan dat dit tige wichtich is: dat it yn lêste ynstânsje in ûnwennigens wie dy't boppe de ierde út gyng, dy't fanneed ierdske objekten kieze moast om net alhielendal los to slaen.
Faeks sil men om biwizen freegje. Ik leau dat der ien is, alteast in indirekt. Dat is in forliking mei Slauerhoff. Nou bin ik de earste net dy't dizze forliking makket, in forliking dy't nammers yn 'e reden leit. D.A. Tamminga set yn syn Ynlieding by de yn it Nederlânsk oersette bondel sketsen ‘Zuiderkruis’, Slauerhoff en Haisma ek neist elkoar. Mar by him bliuwt it by de oerienkomst, dy't, tinkt my, pas relief kriget as men se foar elkoar oerset en de forskelen der tsjin kontrastearret. Beide wiene hja Friezen, dêr is gjin mis op. Beide ek wiene hja it slachtoffer fan dat ivich hinnen-en-wer dat ierdske romantici pleaget. By beide ek wiene de lannen dy't hja yn harren wurk forbyldden, breklike nammen foar it ivich forlern Paradys. Mar - en dat is it forskil - Slauerhoff wie him dat hopeleas symbolisme fan syn swalkjen parten en parten mear biwust as Haisma. Foar de Nederlânske dichter wie sadwaende sokssahwat as in heitelân in folslein tafallich bigryp. De ierde wie foar him folle mear eat, dat hy by brek oan better nou ienris brûke moast om net ins Blaue hinein to skriuwen. Hwant ynsafier wie hy wer in oan 'e ierde boune Fries, dat er der net oer tocht om rôzige dreamen to forbyldzjen. Oft er nou yn 'e tiid of yn 'e romte swalke, syn foartiid wie in ierdske foartiid, en syn fierste lannen leinen noch altyd op dizze planeet. In dichter as Roland Holst wie him by einsluten to himelsk. Mar in skriuwer as Haisma wie him to ierdsk. Haisma hat in maximale bining oan 'e ierdske feiten. Hy is earne to wrâld kaem yn in lan en - dat lân hjit
| |
| |
Fryslân. Hy is fuorttein nei in oar lân; it hiet Ynje. Dat wie sa foar de minske Haisma, it wie sa foar de skriuwer Nycle Haisma. Libben en skriuwerskip lizze moai ticht by elkoar, omt dream en wurklikheit ticht by elkoar bleaun binne. Miskien moat men it wol oarsom sizze, mar faeks is hwat ik bidoel wol dúdlik. Haisma bilibbe syn brutsen ûnwennigens yn de twa konkrete poalen Ynje en Fryslân en as skriuwer hâldde hy him dêr oan. Ek as skriuwer akseptearre hy dizze spjalt lyk as dy him oan him oponearre. Hy foun syn dreamen yn 'e feiten. Slauerhoff socht syn feiten yn 'e dreamen, ek al bleaune dit ierdske dreamen. It is klear dat Slauerhoff dêrom de meast universele fan harren twaën is, ôfsjoen fan it feit dat hy greater kunstner is. De spanning tusken ierdsk en himelsk is by him ta in uterste opdreaun, krekt omt hy de ûnmooglikheit fan in ierdske himel easke. En omt er dy net foun, woed er dy net sasear forneatigje as wol leechbiezemje, skjinreagje, om op in lege ierde syn himel to fêstigjen. Forlike by dit ‘ynternasjonael’ ideael binne tafallichheden lyk as Fryslân, Nederlân, China en Spanje ûnbilangryk. Haisma bliuwt boun oan 'e grinzen en folken dy't Slauerhoff útfeije en forwoastgje wol. Dêrom is de Fryske skriuwer yn it earste plak in skriuwer foar Friezen. Dat hie fansels oars wêze kind. Haisma hie ek yn 'e tsjinstelling Fryslân-Yndonesië de kearn bleatlizze kind, dêr't dy tsjinstelling it symboal fan is. Mar it is in feit dat er dit mar komselden dien hat, en dan it measte noch yn de Peke Donia-romans dy't hjir fierder bûten bisprek bliuwe moatte. It is in feit dat in net-Fries essinsjele dingen fan de Suderkrússketsen net merkbite kin omt it gesichtspunt sa útslutend Frysk is. De essinsjele dingen dat binne de Fryske dingen, dy't allinnich de Fries
mei in bittere glim fan bruorskip as syn eigen konstatearret. Dit is my krekt yn 'e oersetting yn it Nederlânsk dúdlik wurden.
Hwant al soe men sa foar 't each sizze dat mei soksoarte fan forhalen Fryslân him bûten de grinzen op 'e swalk jowt, dochs bliuwt it hjir mear as ea op eigen hiem. Ta in hichte is dat in manco, mar men mei hjir net forjitte fan hokker greate bitsjutting dat is yn in stadium fan it Frysk folkslibben dêr't de biwustwurding fan eigen aerd in kwesje fan libben of dea is, folle wichtiger as de biwustwurding fan Slauerhoff syn
| |
| |
bline muorre, dêr't hy stiifhollich folhâldde foar to krusen. By einsluten is it in geniale útsûndering as men, lyk as Obe Postma, tagelyk Fries en exemplarysk minske is.
Hoe pynlik as syn dualisme ek wêze mocht hat, yn lêste ynstânsje is Haisma syn wrâld noch in bisletten wrâld, de ierde jit in feilige ierde. Syn romantyk wurdt sadwaende net lyk as Slauerhoff syn langstme ta dy yntensiteit opswypke dêr't er yn syn tsjindiel omslacht: cynisme. Haisma fortsjintwurdiget in romantyk dy't stiet tusken aesthetenluxe en kosmyske wanhoop yn. Dat is ek fan bitsjutting foar syn skriuwerskip yn inger sin. De saeklike notysje stiet hjir neist it stimmingsbyld, en dat lêste bihearsket foar in great part syn wurk. De earste sketsen fan ‘Suderkrús’ binne net oars as stimmingsstikjes, en binne dan ek it minst slagge. It proaza freget om konkrete feiten, dy't de stimming forriede moatte, sadat der in spanning fielber wurdt. Dat is yn dy earste sketsen net it gefal, sadwaende hawwe hja tofolle wei fan skoaljongesopstellen: oerrinnende fol fan gefoel, dat net fêsthâlden wurde kin. As in planter yn 'e tropyske joun leit to tinken oan thús bygelyks, wylst de apen roppe, biskriuwt Haisma dat sa:
‘En hy dreamt... fier efter de bosken de sé, nou spegelglêd ûnder de moanne... en noch fierder Jeropa... en noch fierder Fryslân.
Yn syn dreamen fytst er wer as earen yn sokke moannenachten de Ljouwerter strjitwei...
Dan, troch de nachtstilte, klinkt it lûd fan de ton-tong: njoggen ûre, bêdtiid foar de koely's.
Hy is wer yn Yndië en drinkt syn split leech.
Jit hwat gepraet yn de pondoks... dan wurdt it stil.
Stil bliuwt ek hy jit in skoft lizzen en sjocht, hoe't de moanne heger en heger komt...
Syn tredde piip is kâld wurden, hy huveret, de nachten binne koel.
Dan giet er oerein, de lea bijowt him en moarnier om healwei fiven giet de ton-tong.’
Men fielt hoe't de stimming hjir tusken de wurden as sân tusken de fingers weiwurdt, en it is in fout dy't ik de oersetter net forjow, dat er yn sa'n stimmingsbyld iderkear wer mei it stipke-stipke-stipke fan it H.B.S.-opstel wurket. Haisma sels
| |
| |
hat dat yn it Frysk lang sa folle net dien, út it skriuwersynstinkt wei, dat skerp de machtleazens fan dizze rychjes stippen biseft.
Mar in oar stimmingsbyld bigjint sa:
‘Der wie in dei, dat Bjinse nei in lange reis, mei in pear oare Friezen, neatich en siik fan ûnwennigens, yn Ynje foet oan wâl sette en as in Jan Fuselier opnommen waerd yn it Yndyske leger.
Der wie in tiid, dat er ûnder de smoarend hjitte sinne fan 'e tropen, swier sjouwend ûnder rânsel en gewear, swalkjend heuvel op en heuvel del, ynwijd waerd yn de geheimen fan it Yndyske kriichsbidriuw.
Der kaem in tiid, dat er dagen efterien, iensum en forlitten, swier siik mei hege koartsen yn in hospitael lei, wachtsjend op 'e dea yn 'e frjemdte; en hy waerd wer better.
Der kaem in dei, dat er him slim allinne fielde en syn each gean liet oer de fammen fan it lân; him tochte, it wie net goed dat de man allinne wie en hy naem ta húshâldster Inam, de dochter fan Amat, in warbere tani oan 'e Soengei; en hja tsjinne him trou.’
Hjir binne de feiten koart en goed der delplante, dy't hwat men der nou ek oan stimming yn neifiele mei, fêstichheit jowe. Dit fûgelflecht-procédé fan in minskelibben is bikend, mar it docht it hjir tige goed en hat boppedat in eigen toan troch de modern forantwurde manear hwerop de skriuwer biwust oanslút by de Aldtestamintyske forteltrant. Fan dy hoeke út wei is der by einsluten sa'n bidroefden lyts bytsje oer in libben to fortellen: berte, libjen, dea, mei hwat reizen, hwat langstme en hwat gemis der tuskenyn.
Treflik is ek de skets ‘Wesley Vanderwegh, p/a: Circus Harmston’. Treflik yn 't earste plak foar Friezen. De oersetter, dy't oars bihoarlik wurk levere hat, hat ek dit forhael bidoarn mei syn rigen stippen. Lykwols sil it foar mannich Fries in boarne fan triennen bliuwe, foar net-Friezen in tikje oan 'e sentimintele kant, in forhael lyk as der al folle binne. It sit, lyk as de measte fan dizze forhalen, to folle fêst oan de spesifykFryske sentiminten, it mist tofolle dy algemiene jildich- | |
| |
heit, dêr't it Frysk sentimint in substraet, in ûnderlaech wurden is foar dat hwat Friezen en net-Friezen mien hawwe.
Dat jildt wol foar de measte sketsen yn ‘Suderkrús’ bondele. In inkelden kipt der út, sa bygelyks ‘De twade dead’. Kin it oars, dat krekt hjirre de leafde it thema is? In blank frouminske nimt de lêste kâns yn har libben waer en wurdt foreale op in man dy't yn 'e forstomping fan in plantersbistean al lang forgetten is hwat leafde is en dy't de frou as in stik ark bigoun is to sjen. Hja wurdt der útsmiten en it byld oan 'e ein, dêr't de forstaette blanke frou yn in mienskip sûnder wurden opnaem wurdt fan in brune frou, is yn syn soarte treflik sjoen. It is de mienskip fan de frou, de ivige slavinne. Ien ding is dúdlik: Haisma biwiist yn dizze sketsen dat er op wei wie nei in greater skriuwerskip as hjir realisearre wurde koe.
Dit is gjin greate litteratuer. En, it moat sein wurde, men hie dêrom better oar Frysk wurk oersette litte kind as dizze Yndyske sketsen dy't tafallich aktueel binne. Mar mei it dan gjin greate litteratuer wêze, it is in ûnmisber stadium yn de Fryske letterkunde, dy't der op út moat, fier fuort, sûnder eigen lân en eigen wêzen to forliezen. Haisma syn sketsen sille foar de leafhawwers fan de litteratuer fan hjoed de dei gjin greate wearde fortsjintwurdigje, omt hja de wrâld al uterlik mar jit net ynwindich oerwoun en assimilearre hawwe, omt hy it Frysk needlot fan de ûnwennigens nei de fierte net relativearje kind hat en it tagelyk as abslút foar eigen libben sjen. Mar as dy litteratuer-leafhawwer in Fries is, sil hy dizze skriuwer net licht kwytreitsje. Hwat my persoanlik oangiet, - by inkelde fan dizze sketsen wie myn lêste argumint myn bûsdoek, om myn noas mei to snuten. Dat is yn litterair opsicht net it lêste argumint en as sadanich soe ik it nea jilde litte wolle. Mar it is in argumint dat men, - omt skientme nou ienris eigenbilang is - net oer de kop sjen mei.
|
|